Tine Bethlehem

Tine Bethlehem (1938), skûlnamme Trijntje/Tiny/Tineke (Piebenga-)Bethlehem, is in Fryske dichteresse.

Tine folge in oplieding ta jongereinwurker en wurke jierrenlang yn die sektor. By Jos van Hest folge se oan de School der Poëzie workshops en masterclasses. Tine Bethlehem waard letter sels ek dosinte kreatyf skriuwen yn Ljouwert. Se hat mear as 200 fersen skreaun. In 1995 ferskynde by de Oare útjouwerij har dichtbondel Swietroken en Koperblazers mei 88 net earder publisearre fersen. De fersen binne dêryn oardere yn fiif perioades, yn omkeard gronologyskse folchoarder. Skriuwen is foar har it oarderjen fan emoasjes. Yn de tredde perioade (1960-1955) stiet bygelyks in koart gedichtsje oer in grêf, mar it blykt ek yn boartlike fersen oer de natoer of yn de lêste perioade (1995-1990) bygelyks yn in gedichtsje oer lok en yn gedichten oar roazen. Meast spylje leaf en leed yn de leafde en ek blommen in grutte rol.
Yn Wetter en stien binne Fryske en Nederlânse fersen fan Tine Bethlehem en Elske Riemersma bondele oer tema's as it libben, de leafde en it âlder wurden. Dy tema's binne ûnder oaren projektearre op de natoer, it lânskip, it deistich libben, relaasjes, taal en de bernetiid.

Wurk

  • Swietroken & koperblazers Fersen 1995-1955 (1995)
  • Wetter en Stien ( mei Elske Riemersma, 2001)

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.