Timorsee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjebesuden Timor, Yndoneezje
lân Austraalje
East Timor
Yndoneezje
ûnderdiel fanYndyske Oseaan
sifers
maks. breedte480 km
oerflak±610.000 km²
djiptegemiddelde<200 m
djipste punt3.300 m (Timortroch)
De Timorsee.
Sykloan Floyd boppe de Timorsee, maart 2006

De Timorsee (Yndonezysk: Laut Timor; Portugeesk: Mar Timor) is in see dy't neamd is nei it Yndonezyske eilân Timor. De see leit súdlik fan dit eilân en wurdt fierders begrinzge troch de Arafurasee yn it easten, it Australysk kontinint yn it suden, en de Yndyske Oseaan yn it westen.

It djipste punt is de Timortrôch yn it noarden, mei 3.300 meter. It oare part fan de see is nearne djipper as 200 meter, fral boppe de Sahulskol - in part fan it Australysk kontinintaal plat.

De Timorstream is in oseanyske stream dy't fan de grutte Oseaan nei de Yndyske Oseaan yn súdwestlike rjochting tusken de Yndonezyske arsjipel en Austraalje rint is. Boppe dit gebiet ûnsteane faak sykloanen.

De see hat in tal riffen, ûnbewenne eilannen en in wichtige poarsje fossile brânstof, wat yn de jierren 70 fan de 20e iuw ûntdutsen is. Der hat in soad striderij oer eigendoms- en eksploitaasjerjochte west, mei omdat in part fan de lânsgrinzen yn de kontrei nea sekuer bepaald wienen. Underhannelingen tusken Austraalje en Timor hawwe yn 2002 laat ta it Timorsee Ferdrach, wat yn 2007 ratifisearre is. Fiifhûndert km út de kust fan De Australyske stêd Darwin, it iennige grutte plak oan de see, is al in oaljefjild in it wurk (it Bayu-Undan projekt) en der lizze mear plannen foar it winnen fan oalje en gas.

2010 is fêststeld dat der in mânske ynslachkrater ûnder de Timorsee lizze moat dy't sa'n 35 miljoen jier lyn ûntstien wêze soe. Der is in koepelberch mei in diameter fan goed 50 kilometer fûn, dy't it middelpunt foarmet fan in fermoedlik noch folle grutter krater.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.