Tim Prins | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tim Prins | |
bertedatum | 3 augustus 2003 | |
berteplak | De Jouwer | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan |
Tim Prins (De Jouwer, 3 augustus 2003) is in Fryske hurdrider fan De Jouwer. [1] Prins is hikke en tein op De Jouwer en folge it fuortset ûnderwiis oan de OSG Sevenwolden op It Hearrenfean.
Yn 2022 die hy op iisbaan Kardinge yn Grins mei oan it Nederlânsk Kampioenskip allround foar junioaren (kategory A). Hy waard efter Joep Wennemars twadde op de 500 en 1500 meter, fyfde op de 3000 meter en seisde op de 5000 meter. [2]
Yn it seizoen 2022-2023 ried er al in tal Worldcups en yn jannewaris fan dat jier wûn hy in brûnzen medalje by it WK Allround foar junioren yn Innsbruck. Op de 500 meter waard hy fyfde. [3] Op de 1.000 meter wûn hy sulver en mei Junior TeamNL pakte er goud op de ploegenefterfolging [4]
Yn 2023 makke er de oerstap fan it KNSB Talint Team Noard fan Gewest Fryslân nei Reggeborgh, it team fan Gerard van Velde. De persoanlike begelieding en de oanpak fan de treners joegen betrouwen. Prins rjochtet him op de sprint en de middellange ôfstannen. Yn 2023 wûn hy de 1.000 meter by it World Cup-kwalifikaasjetoernoai op Thialf yn It Hearrenfean en pleatste him dêrmei foar de wrâldbekerwedstriden. Mei in tiid fan 1.07,96 skerpe er syn persoanlike rekôr oan mei 1,18 sekonden. [5]
Ein desimber waard er op it NK Ofstannen mei 34,98 sekonden as snelste tiid njoggende op de 500 meter. Syn persoanlike rekôr fan 1.07,52 op de 1000 meter betsjutte in sulveren medalje efter winner Jenning de Boo. Prins kwalifisearre him dêrmei foar de WK Ofstannen.
Medaljes by de Junioaren
- 500 m:
- 1000m: en
- 1500 m:
- Team persuit: en
- Team Sprint:
- Allround: en
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|