De Tibben is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Tibben leit noardeast fan Ie en hat in beskerme terp dy't fan de 5e oant 7e iuw is. It is ien fan de âldst bewenne terpen yn Noardeast-Fryslân.
Tibben komt foar op 'e earste list fan kleasterbesit fan Fulda (twadde helte 8e iuw) as Tippencheim. De delsetting wurdt ek neamd as Dibbingheim, Tybbing en Tybbynge.
Fan de Humaldawei en it begjin fan de Uniastrjitte yn Ie rint de Tibsterwei nei Tibben. De Iester Ryd rint bylâns de wei en westlik fan Tibben nei de Suder Ie.
De bewenners fan Tibben neamden harren letter Tibbema. Tibben is ek in skelnamme foar menisten.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.