In tibicena, guacancha of irnene is in mytysk wêzen út 'e mytology fan 'e Gûantsje, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen. It is in soarte fan demon yn 'e foarm fan grutte fjurrige hûn fan lava, mei reade eagen en oerdutsen mei lang swart hier. Sokke bisten libben djip yn 'e grotten fan it berchlân 'e eilannen Teneryf, dêr't se guacancha's neamd waarden, Gran Canaria, dêr't se tibicena's hieten, en La Palma, dêr't fan irnenes sprutsen waard. De oantins oan dizze wêzens wurdt libben holden trochdat guon fan dy spelonken sels hjoed de dei noch oantsjut wurde as tibicena-hoalen, lykas de Cueva del Tibicena. Neffens de myten foelen tibicena's minsken en fee oan, benammen by nacht. Hja soene de neiteam wêze fan Guayota, de boasaardige god fan 'e fulkaan de Teide, op Teneryf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |