Kultureel/histoarysk Tibet en oanspraken.
  Tibetaanske Autonome Regio yn Sina
  Histoaryske Tibet neffens Tibetanen om utens.
  Tibetaansk grûngebiet neffens Sina.
  Sineesk grûngebiet, kleemd troch Yndia.
  Yndia's grûngebiet, kleemd troch Sina.
  Oare gebieten mei Tibetaanske kulturele ynfloedsfear.

Tibet is in regio yn Sina. Lhasa is de tradisjonele haadstêd fan Tibet en de haadstêd fan de Autonome Regio Tibet yn Sina. Fanâlds binne de Tibetanen in aparte etnisiteit mei in eigen kultuer, folk en twa religys: de bön en it Tibetaanske Boedisme. Sûnt de oerweldiging fan de Sinezen yn 1950-51 is Tibet in part fan Sina en bestjoerlik is it ferdield oer trije Sineeske provinsjes, de Tibetaanske Autonome Regio en dielen fan de provinsjes Sichuan en Qinghai. Kultureel wurde ek Ladakh en Sikkim yn Yndia, Bûtan en parten fan Nepal ta Tibet rekkene. Yn 1959 flechte de Dalai Lama it lân út; hy is de geastlike en politike lieder fan Tibet.

Geografy

De Himalaya leit foar it grutste part yn Tibet. De grutste bergen op de wrâld binne yn Tibet te finen, lykas de Mount Everest, mei 8.848 meter, dy't op de Nepaaleesk-Tibetaanske grins leit. Ferskate grutte rivieren ûntspringe yn Tibet, lykas de Jangtse, de Giele Rivier, de Yndus en de Ganges.

Skiednis

De earste histoaryske kening fan Tibet wie Srong-Tsan Gam-Po (± 620-649). Troch him waard Lhasa ta haadsit makke. Under Kry-srong-Ide-btsan (± 755-795) stie Tibet op it toppunt fan har macht, it strekke har doe nei it westen út oant de Pamir, en nei it suden oant de Golf fan Bengalen. Yn dy tiid krige it Lamaïsme der fêste foet. Op de ein 9e iuw foel it ryk wer útein.

Fan de 13e oant de 18e iuw stie Tibet ûnder Mongoalske soevereiniteit. Yn 1270 makke de Mongoalske keizer fan Sina Kûbilay Khan de lama fan it kleaster Saskia oan him ûnderhearrich. Dêrmei set in rige fan prysterkeningen útein. Yn it begjin fan de 15e iuw stiftet Tsjong-Ka-pa de sekte fan de gielmutsen (tsjinoer de readmutsen, de oanhingers fan it oarspronklike Lamaïsme. Ien fan syn learlingen dGehdun-grubpa wie de earste dalay lama. Yn 1641 krige de dalay lama ek wrâldske macht. Nei 1720 hat Sina har macht oer Tibet útwreide en it lân stadichoan ôfsletten foar bûtenlanners. Fanwege de pro-Russyske hâlding fan de dalay lama stjoerde Grut Brittanje yn 1904 in militêre ekspedysje fanút Yndia nei Tibet dy't de Lhasa besette. Dat jier kaam de saneamde Lhasa-konvinsje ta stân dêr't Grut-Brittanje hânnelsfoarrjochten by bedonge en de soevereiniteit fan Sina oer Tibet erkende.

Nei in opstân tsjin Sina yn 1918 waard Tibet ûnôfhinklik. Doe Tibet nei de festiging fan de Sineeske Folksrepublyk yn 1950 stribbe nei kontakt mei Yndia lutsen de Sinezen it lân binnen. Yn 1951 kaam in ferdrach ta stân dêr't û.o. yn bepale waard dat Tibet in part fan Sina wêze soe. In opstân fan de befolking waard yn 1959 fûleindich delslein dêr't mear as 100.000 Tibetanen by omkommen soene, goed 80.000 ynwenners flechte fuort. De dalay lama flechte fuort nei Yndia. Op 1 septimber 1965 waard Tibet ta in autonome regio fan de Sineeske Folksrepubyk ferklearre.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.