It Tibestyberchtme is in kloft fulkanen dy't in berchrige foarmje yn de Saharawoastyn yn it noarden fan Tsjaad en in stikje yn it suden fan Lybje. De measte fan dizze fulkanen sliepe, mar trije binne noch aktyf.
It berchtme foarmet in trijehoeke fan sa'n 560 km lang en is it grutste en heechste yn de Sahara. De heechste berch is de Emy Koussy mei 3415 meter. Oare hege piken binne de Kegueur Terby (3376 m), Tarso Taro (3325 m), Toussidé (3265 m) en Soborom (3100 m). De berchrige leit op in plato dat mooglik foarme is troch in mantelplom.
It klimaat yn de Tibesty is fochtiger as de woastyn rûnom. Yn de heechste gebieten wurdt de delslach rûsd op 120 mm it jier.
It Tibestyberchtme wurdt fanâlds bewenne troch de nomadyske Tibû. Dat folk driuw al om 500 f.Kr. hinne hannel mei Kartago. De wichtichste stêd yn it gebiet is Bardaï, yn it noardwesten fan Tsjaad. Oare stêden binne Zouar en Aouzou.
Tibesty is ek ferneamd om har rotstekenings út it 5e oant it 3e milennium f.Kr. en de geisers en waarmwetterboarnen yn de omkriten fan Soboroum.
Fulkanen
- Abeky
- Emy Koussy
- Oyoye
- Tieroko
- Toon
- Toussidé
- Foon
- Yega
Keppeling om utens
- (fr) tibesi.org
- (in) Tibesti op Volcano World