Tibearias
طبرية טְבֶרְיָה
Polityk
LânIsrael
DistriktNoard-Israel
Sifers
Ynwennertal↑41.300 (2010)
Oerflak10,87 km²
Hichte- 205 - 245 m
Oar
Stifting±20
Koördinaten
Offisjele webside
www.tiberias.muni.il
ek yn it (in)
Lizzing fan Tibearias yn Noard-israel
Haven fan Tibearias

Tibearias (Hebriuwsk: טְבֶרְיָה, Tverya; Arabysk: طبرية‎, Ṭabariyyā; Ingelsk: Tiberias) is in stêd yn noard-Israel mei sa'n 41.300 ynwenners[1]. Sa'n 98.3% is joadsk.

De stêd leit oan de westigge fan de Mar fan Tibearias en is om it jier 20 hinne stifte. Tibearias is mei Jeruzalem, Hebron en Safed ien fan de fjouwer hillige stêden foar joaden fan Israel[2].

Ut de skiednis

Tibearias yn 1934-1939

De stêd waard 17 n.Kr. stifte troch Herodes Antipas, soan fan de mear ferneamde kening Herodes I. Herodes Antipas neamde it plak nei prinseps Tiberius. Sûnt de klassike âldheid is de stêd, dy't yn Romeinsk-Grykske styl boud waard, ferneamd om syn hjitwetterboarnen. Fiskjen op de mar is fanâlds in wichtige boarne fan ynkommen.

Tiberia is ien fan de hillige stêden foar joaden en hat lange tiid it spiritueel sintrum foar de joden fan it lân west. De stêd hat in rike skiednis. Yn it âlde Israel lei it yn it stamgebiet fan Naftaly. Ek hat Tibearias de grêftombe fan de joadske gelearde Maimonides († 1204, Kairo), yn de Ben Zakkai-strjitte, en ek de grêven fan Jochanan ben Zakkai en fan Rabbi Akiva binne yn de stêd. Nei de ferwoesting fan de Timpel fan Jeruzalem waard it Sanhedrin yn de 2e en 3e iuw n.Kr. nei Tibearias oerbrocht.
De Masoreten, dy't in systeem makken om de bibeltekst, mei klinkers betrouber troch te jaan, wienen om 900 à 1000 hinne warber yn Tibearias.
Yn 637 waard de stêd ferôvere troch de Arabieren, mar sy bleau netiiid wol fan joaden bewenne. 1099 waard Tibearias troch de krúsridders oermastere dy't de stêd bemuorren en as útfalsbasis brûkten.

Tibearias is hjoeddedei populêr by Israelyske en bûtenlânske toeristen. In protte plakken yn de stêd jouwe in moai sicht op de mar, en op de Golanhichten oan de oarekant dêrfan.

Nijsgjirrichheden yn en om Tibearias

  • Krúsfarderskastiel
  • Mar fan Tibearias, mei boattochten
  • De strânen yn de stêd en om de mar fan Tibearias
  • De Golanhichten oarekant de mar
  • Sint-Piterstsjerke, set troch krúsfarders
  • De baden fan Tibearias, dy't in nasjonaal park fan Israel binne

Berne yn Tibearias

  • Meir Amit (1921-2009), generaal, ynljochtingsoffisier en minister (âld-haad fan de Mossad)
  • Yoram Globus, filmprodusint
  • Menahem Golan, filmregisseur
  • David Stevens, regisseur
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 siden "Tiberias" - Israelse Statistiek
  2. Jewish Encyclopedia
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.