Thunder Road Films
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorfilmstudio, tillefyzjestudio
fêstige ynSanta Monica (Kalifornje)
oprjochte2005
oprjochterBasil Iwanyk
eignerBasil Iwanyk

Thunder Road Films is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio dy't yn 2005 oprjochte waard troch filmprodusint Basil Iwanyk. It bedriuw is fêstige yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Bekende produksjes fan Thunder Road binne Clash of the Titans, John Wick, Sicario en Wind River.

Skiednis

Thunder Road Films waard yn 2005 oprjochte troch filmprodusint Basil Iwanyk en makke yn 2006 syn earste film. Oant 2011 hie Thunder Road in kontrakt mei de gruttere filmstudio Warner Bros. Yn july fan dat jier gie it bedriuw in nij kontrakt oan mei Sony Pictures Television foar de ûntwikkeling fan tillefyzjeprojekten. Yn maaie 2013 tekene Thunder Road in oerienkomst mei de Cutting Edge Group oangeande de finansiering fan 'e filmmuzyk fan 'e studio. De earste film dy't ûnder dat kontrakt foel, wie John Wick.

Yn juny 2014 sleat Thunder Road in oerienkomst mei Film House Germany fan Christian Angermayer dy't de finansjele mooglikheden fan Thunder Road om filmprojekten te ûntwikkeljen, ûnderstypje moast. Yn oktober fan datselde jier tekenen Thunder Road en PalmStar Media in kontrakt wêrby't Thunder Road jiers $200 miljoen ûntfange soe om fiif oant seis ûnôfhinklike films fan te finansieren mei elts in budget fan $20 oant $50 miljoen. Ek soe it bedriuw mei dat jild gruttere studiofilms ûntwikkelje en produsearje kinne.

Films

  • Firewall (2006)
  • We Are Marshall (2006)
  • Lost Boys: The Tribe (2008)
  • Brooklyn's Finest (2009)
  • Clash of the Titans (2010)
  • The Town (2010)
  • Lost Boys: The Thirst (2010)
  • Wrath of the Titans (2012)
  • John Wick (2014)
  • Seventh Son (2014)
  • Sicario (2015)
  • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019)
  • The Informer (2019)
  • Bruised (2020)
  • Endless (2020)
  • Greenland (2020)
  • Voyagers (2021)
  • National Champions (2021)
  • Violence of Action of The Contractor (2022)
  • Monkey Man (2022)
  • Black Site (2022)


Tillefyzjesearjes

  • The Messengers (2015)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.