Thomas Rosenboom by it BoekenFEST 2016 yn Assen

Thomas Rosenboom (Doetinchem, 8 jannewaris 1956) is in Nederlânsk skriuwer fan romans en koarte ferhalen.

Neist syn wurk as skriuwer joech er in skoft les oan de universiteit fan Michigan en fersoarge er yn Amsterdam kursussen proazaskriuwen.

As skriuwer debutearre er yn 1982 mei it ferhaal Bedenkingen.

De roman Gewassen vlees spilet him ôf yn de 18e iuw, yn de opskuor om it Pachtersrebûlje hinne, yn it Fryslân ûnder bewâld fan steedhâlder Willem IV fan Oranje-Nassau en it belis fan Bergen op Zoom yn de Eastenrykske Suksesjeoarloch.

Yn de roman Publieke werken beskriuwt Rosenboom it libben fan de Drintske apteker Anijs en syn Amsterdamske neef, de fioelbouwer Vedder. De roman spilet yn de 80-er jierren fan de 19e iuw, foar in part tsjin it dekor fan de feankoloanjes om Hoogeveen hinne en foar in diel mei as eftergrûn de bou fan it ''Victoria Hotel'' en it Amsterdamsk Sintraal Stasjon dat dêr njonkenoer leit. It boek waard yn 2015 fermilme.

Foar beide romans ûntfong Rosenboom de Libris literatuerpriis.

Bibliografy

  • 1982 - Bedenkingen (ferhaal)
  • 1983 - De mensen thuis (ferhalen)
  • 1985 - Vriend van verdienste (roman)
  • 1994 - Gewassen vlees (roman)
  • 1999 - Publieke werken (roman)
  • 2003 - De nieuwe man (roman)
  • 2004 - Spitzen (roman)
  • 2006 - Hoog aan de wind (ferhalen)
  • 2009 - Zoete mond (roman)
  • 2012 - De rode loper (roman)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.