Thomas More | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Sir Thomas More | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1591-93 | |
1e opfiering | mooglik pas 1922, Londen |
Thomas More, yn it Ingelsk: Sir Thomas More, is in toanielstik út 'e Elizabetaanske Tiid, skreaun troch Anthony Munday yn gearwurking mei oaren. Sa't de titel al oanjout, giet it oer it libben en de dea fan Thomas More, de kânselier fan kening Hindrik VIII, dy't yn 1535 ûnthalze waard om't er wegere yn te stimmen mei de skieding fan 'e kening fan syn earste frou, Katerina fan Aragon. Thomas More is oerlevere yn 'e foarm fan ien inkeld manuskript (MS Harley 7368), dat op 'e noed is fan it Britsk Museum. It stik datearret yn syn oarspronklike foarm nei gedachten út 'e perioade 1591-1593, wylst it wierskynlik op 'e nij besjoen is yn 1596. Gjin fan beide ferzjes kamen troch de elizabetaanske sinsuer hinne, dat Thomas More is yn syn eigen tiid nea opfierd.
Auteurskip
It hânskrift MS Harley 7368 is opmerklik, om't it trije siden omfettet dy't foar 't neist skreaun binne troch de William Shakespeare, en om't it ynsjoch jout yn it gearwurkjen fan toanielskriuwers yn 'e Elizabetaanske Tiid en de swierrichheden dy't se hiene mei sinsuer. It manuskript is skreaun yn seis ûnderskate hanskriften, wêrûnder "Hân S", dy't ferwiist nei Anthony Munday, de auteur fan 'e oarspronklike ferzje fan it toanielstik. De oare fiif, dy't belutsen wiene by it op 'e nij besjen fan it stik, steane bekend as "Hân A" oant en mei "Hân E". Dêrby is "Hân A" identifisearre as Henry Chettle; "Hân B" as Thomas Heywood; "Hân C" as in profesjonele klerk dy't in grut part fan it stik oerskreau; en "Hân E" as Thomas Dekker.
De Britske literatuerwittenskipper Richard Simpson wie yn 1871 de earste dy't oppenearre dat guon parten fan Thomas More mooglik skreaun wêze koene troch William Shakespeare. It jiers dêrop bûgde James Spedding, dy't namme makke hie as redakteur fan 'e wurken fan Francis Bacon, him oer it fraachstik. Hoewol't er guon bewearings fan Simpson ôfwiisde, ûnderstipe er de identifikaasje fan "Hân D" mei Shakespeare. Yn 1923 kaam it boek Shakespeare's Hand in the Play of Sir Thomas More út, wêryn't fiif respektearre wittenskippers it spul fan alle kanten beseagen en analysearren, en ta de konklúzje kamen dat Spedding gelyk hie. Hoewol't der noch altiten guon saakkundigen binne dy't it der net mei iens binne (en it stik sadwaande ornaris noch ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurdt), wurdt oer it algemien fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw oannommen dat Shakespeare yndie ferantwurdlik wie foar de trije siden dy't skreaun binne troch "Hân D".
Ynhâld
It stik behannelet it libben en de dea fan Thomas More yn in griemmank fan histoaryske en legindaryske foarfallen, begjinnend yn 1517 mei de saneamde Minne Maaie, doe't er, as ûndersheriff fan Londen, rellen de kop yndrukte dy't rjochte wiene tsjin bûtenlânske ymmigranten. Yn lettere sênes wurdt er ferbylde as kânselier, wêrby't er û.m. in eigenfoldiene rjochter yn ferlegenheid bringt, in grap úthellet mei syn freon Erasmus, en in suterich útsjende tsjinstfeint oantrunet om syn hier knippe te litten. Dizze sênes binne allegear bedoeld om oan te jaan hoe'n aardige keardel oft More wol net wie; fierders hawwe se neat mei-inoar te krijen.
Yn 'e lêste pear sênes wurde More syn fal en terjochtstelling behannele, sij it op in tige hoedene wize, wat fansels ek gjin nij hoecht te dwaan, yn in tiid dat Hindrik VIII syn dochter Elizabeth I noch regearre. Hindrik VIII wurdt nearne fan betichte; sterker noch, de hiele ûniennichheid en de reden fan More syn eksekúsje wurdt net iens neamd. Ynstee wurdt it suver op in wat midsiuwskige wize foarsteld as syn ûnûntkomber lot om op it skavot te stjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |