Thomas Gainsborough: Selsportret, ± 1758
Thomas Gainsborough: Blue Boy

Thomas Gainsborough (Sudbury (Suffolk), 14 maaie 1727Londen, 2 augustus 1788) wie in Ingelske keunstner, en is foaral bekend wurden troch syn portretten en lânskippen. Mei Sir Joshua Reynolds hearde Gainsborough ta de wichtichste en súksesfolste Britske keunstners fan de 18e iuw.

Om 1740 hinne ferhuze Thomas Gainsborough fan Suffolk nei Londen foar in keunststúdzje. Hy wenne dêre oant 1746. Gainsborough waard beynfloede troch Hollânke en Flaamske masters en de Frânske grafikus Hubert Gravelot.

Meast makke Thomas Gainsborough portretten fan grutte ôfmjittings, dêr't de persoan fan top ta tean ôfbylde waard. Letter waard syn wurk yntym ûnder ynfloed fan guonts as Van Dyck en Rubens. De kleuren waarden waarmer en de komposysjes yngewikkelder.

Thomas Gainsborough wie ien fan de oprjochters fan de Royal Academy of Arts. Hy wurke in protte yn opdracht. "Blue Boy" út 1770 is ien fan de bekendste skilderijen fan Gainsborough.

De keunststreamings Romantyk en Klassisisme binne it dúdlikst werom te finen yn syn wurk.

Galery

Keppelings om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Gainsborough fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.