Thomas Brooks

Thomas Brooks (Ingelân, 1608 - 27 septimber 1680) is berne yn Ingelân mar wêr't dat krekt wie is net bekend. Yn 1625 wurdt er ynskreaun as studint oan it Emmanuel College yn Cambridge. Hjir krijt er ûnder oaren les fan prefester David Mason. It is net bekend wat er fuortendaliks nei ôfrin fan syn stúdzje krekt dien hat, mar yn 1640 wurdt er (float)predikant. Hjirnei wurdt er fjildpreker by de kolonel Thomas Rainsborough oan dy syn dea yn 1648. Yn 1648 wurdt er predikant yn de tsjerke fan St. Thomas Apostle te Londen. Yn 1653 gie er nei de tsjerke fan de Fish Street Hill ek te Londen, dêr't er oant 1662 bleau.

Op 24 augustus 1662 waard de Act of Uniformity (Ienhydswet) ôfkundige. Dy wet koe troch de puriteinen net ûndertekene wurde en dêrom waard er ôfset as predikant. Thomas Brooks wie boaske oan Martha Burgess, dy't yn 1676 ferstoar en letter mei in mefrou Cartwright. Brooks ferstoar in 1680.

Wurk

  • Precious Remedies Against Satan's Devices, Banner of Truth Trust, Edinburgh (Puritan Paperbacks), 1652, ISBN 0-85151-002-7
  • The Secret Key to Heaven: The Vital Importance of Private Prayer, Banner of Truth Trust, Edinburgh (Puritan Paperbacks), earst útjûn as 'The Privie Key of Heaven' 1665, ISBN 0-85151-924-5
  • Heaven on Earth: A Treatise on Christian Assurance, Banner of Truth Trust (Puritan Paperbacks), 1654, ISBN 0-85151-356-5
  • A Mute Christian Under the Rod by Thomas Brooks, Old Paths Gospel Press, Choteau, MT USA
  • The Works of Thomas Brooks, Banner of Truth Trust, ISBN 0-85151-302-6
  • Smooth Stones taken from Ancient Brooks, by Thomas Brooks and C.H. Spurgeon, Banner of Truth Trust, ISBN 978-1-84871-113-6
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.