In Thisspiasaan (Oppo Rancisis).

Thisspiasanen (inkeltal: Thisspiasaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan 'e bercheftige planeet Thisspias, dy't de steatsfoarm fan in monargy hat.

Thisspiasanen hawwe in serpintynske lichemsfoarm; ynstee dat se oer skonken beskikke, giet harren boppelichem by de mul oer yn in ûnderlichem as fan in slange. Se bewege har ek op deselde wize fuort as slangen. Thisspiasanen binne likernôch 1.40 m lang, metten fan 'e krún fan 'e holle oant it plak dêr't it ûnderlichem de grûn rekket. De lange sturt wurdt dêrby nei meirekkene.

Thisspiasanen hawwe fjouwer earms, wêrfan't it ûnderste pear ornaris beskûl giet ûnder de klean. De hannen hawwe fiif fingers, dy't tarist binne mei lange klauwen. De holle is lyts yn ferhâlding ta it lichem. Harren hûdskleur is ljochtgrien. Op 'e holle binne Thisspiasanen tsjûk behierre mei lang wyt hier en in wyt burd, sadat inkeld de eagen en mûle ûnbegroeid bliuwe. Dat is in natuerlike beskerming tsjin 'e swaarmen bitende langpoaten dy't op Thisspias rûnom foarkomme. De sturt is oerdutsen mei skobben dy't te hurd binne foar de langpoaten om te biten, en de rest fan it lichem wurdt bedutsen troch klean.

Thisspiasanen libje tige lang, teminsten fjouwerhûndert jier. Sliepen dogge se mar in pear oeren deis. Se helje har wiere rêst út in hieljende trâns dy't neurologyske bekomst biedt. Soks kin oeren of mar in pear minuten duorje. As se har trâns misse, wurde Thisspiasanen emosjoneel en kidelich.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.