Plak fan Theresienstadt yn Tsjechje
Poarte fan it kamp

Theresienstadt (Dútsk) of Terezín (Tsjechysk) is de namme fan in fort yn de Tsjechyske festingstêd Theresienstadt. It ein 18e-iuwske fort, dat it eardere konsintraasjekamp fan Theresienstadt wie, hjit "Lytse Festing", de stêd sels wurdt "Grutte Festing" neamd.

Yn de lêste helte fan de 19e iuw tsjinne it fort as finzenis. Yn de Earste Wrâldkriich wie it fort in krichfinzenekamp, dêr't ek de moardner fan Frans Ferdinand, Gavrilo Princip oant 1916 fêstholden waard. Yn de Twadde Wrâldkriich brûkten de nazy's Theresienstadt as konsintraasjekamp en it Lytse Fort wie doe in Gestapofinzenis.

Theresienstadt yn de Twadde Wrâldkriich

Op 10 juny 1940 naam de Gestapo it befel yn Terezín oer. Tsjechyske en Moravyske fersetsstriders waarden yn it fort fêst set. Fan novimber 1941 ôf soe de stêd Theresienstadt (de Grutte Festing) tsjinje as getto foar deportearre Joaden en wie Theresienstadt feitlik in konsintraasjekamp wurden. Theresienstadt wie fral in trochstjoerkamp foar Joaden dy't meast rillegau nei Auschwitz-Birkenau of oare ferneatigingskampen stjoerd waarden.

Op 30 oktober 1941 moast SS-Obersturmführer Siegfried Seidl fanwege Adolf Eichmann it getto opsette. Fan novimber 1941 oant july 1943 funksjonearre Seidl as earste kommandant fan it getto.[1] It kamp Theresienstadt gie offisjeel iepen op 24 novimber 1941. In soad Joaden út Tsjecho-Slowakije waarden doe nei Terezín deportearre. Simmer 1942 waard de net-Joadske befolking fan Theresienstadt fuortstjoerd. Under de 'nije bewenners' wiene in protte keunstners, musisy en juristen. Dêrtroch ûntstie in drok kultuereel libben yn it getto. Yn it kamp húsmannen neist de folwoeksenen ek sa'n 11.000 bern.

De Joadske gettobefolking hie min ofte mear selsbestjoer: de ried fan âlden. Dy rie moast ûnder mear listen opmeitsje fan wa't wol en net deportearre wurde soe. At sy wegeren om mei te wurkjen doene domwei alle bewenners deportearre en ombrocht wurde. Wyls waarden de libbensomstannichheden yn Theresienstadt hieltyd minder. Dêr't earst sa'n 7.000 Tsjechoslowaken wenne hienen, wienen der no 50.000 minsken húsfêste. Der wie te min iten en allinne al yn 1942 stoaren der om en de by 16.000 bewenners. Ynwenners dy't har fersetten tsjin de Dútsers as oars wat dienen dat harren net noaske, kamen yn it "lytse fort" (de finzenis) telâne, dêr't sy it noch folle minder hienen.

Modelstêd

Ynterieur fan de barakken
Betinkstiennen by yngong Theresienstadt

In 1943 waarden 500 Deenske Joaden nei Terezín stjoerd. It Deenske regear easke dat it Reade Krús tagong ta de finzenen krige. Ein 1943 krige it Reade Krús permisje om yn 1944 de stêd te besykjen. De nazy's makken doe sabeare kafees en winkels yn it kamp, om it op in normaal wenplak lykje te litten. Om de oerbefolking foar it Rode Kruis ferside te hâlden waard in soad Joaden nei Auschwitz stjoerd. Doe sieten net mear as trije minsken op ien keamer. It Reade Krús wie 'tefreden' oer de opfang fan Joaden en rapportearre dat ek; sy hienen har folslein ferrivelje litten.

De list wie sa'n súkses, dat der in propagandafilm oer Theresienstadt makke waard: Theresienstadt: Ein Dokumentarfilm aus dem jüdischen Siedlungsgebiet. Yn de film wurdt it sa foarsteld as hie Hitler de Joaden in moaie stêd jûn. De film toant finzen Joaden dy't sporte of winkelje yn it kamp. Nei de opnamea waarden sawol de akteurs as regisseur Kurt Gerron nei Auschwitz stjoerd en dêr fergast. De Duitsers woenen mei de film geroften oer konsintraasjekampen foar Joaden de kop yn drukke. It wie de bedoeling dat de film, fia it Reade Krús, de wrâld oer gean soe. By de befrijding fan Theresienstadt waard de film troch de alliearden fûn. De film wurdt no noch hieltyd sjen litten yn it museum op it stee fan it kamp.

Befrijding

Op 3 maaie 1945 droegen de nazy's de kontrôle oer it kamp oer oan it Reade Krús en op 8 maaie waard Theresienstadt offisjeel troch it Reade Leger befrijd.

Deadetal

Fan novimber 1941 oant april 1945 waarden sa'n 144.000 Joaden nei Theresienstadt deportearre; 33.000 fan harren stoaren yn de stêd sels troch brekme, sykte, tramtearring of eksekúsje. 88.000 Joaden waarden út Theresienstadt wei deportearre nei ferneatigingskampen, fral nei Auschwitz en Treblinka). By de befrijding wiene noch 19.000 finzenen yn libben. Fan de deportearre joaden dy't yn ferneatigingskampen bedarre oerlibben mar 3000. Fan de 10.500 bern yn it getto soene mar 142 de oarloch oerlibje. In grut part fan de finzenen waard krekt foar de befrijing fan Theresienstadt troch de Alliearden noch deasketten en yn massagrêven smiten.

De goed 140.000 nei Theresienstadt deportearre minsken kamen út de folgjende lannen:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Die Lagerkommandanten von Theresienstadt; skriuwer Answer Lang en Prof. Dr. Wolfgang Neugebauer. Utjouwer: Universität Wien/Historisch-Kulturwissenschaftliche Fakultät/Institut für Geschichte, 2011
Keppelings om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.