Theresia fan it Bern Jezus
Lytse Theresia | ||
hillige | ||
Theresia fan Lisieux yn 1894 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Marie-Françoise Thérèse Martin | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 2 jannewaris 1873 | |
berteplak | Alençon | |
stjerdatum | 30 septimber 1897 | |
stjerplak | Lisieux | |
wurkpaad | ||
kleasteroarder | Karmelitessen | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | 29 april 1923 | |
hillich ferkl. | 17 maaie 1925 | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 30 juny | |
attributen | krús mei dêr om hinne roazen | |
patroan fan | Frankryk, Ruslân, missy |
Theresia fan Lisieux (berne as Marie-Françoise Thérèse Martin; kleasternamme: Theresia fan it Bern Jezus en it Hillich Antlit; berne op 2 jannewaris 1873 yn Alençon, ferstoarn 30 septimber 1897 yn Lisieux) is in hillige fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.
Sint-Theresia is ien fan de populêrste hilligen fan de 20e iuw. Yn in soad roomske tsjerken is har byld te finen en in lytse 2.000 tsjerken oer de hiele wrâld binne oan har wijd. De ta eare fan Theresia boude basilyk yn Lisieux heart ta de drokst besochte beafeartsplakken fan Frankryk en wurdt alle jierren besocht troch mear as 600.000 minsken.
Rûsd wurdt dat fan har boek "Histoare d'une âme" oer de hiele wrâld yn fjirtich ferskillende talen sa'n 500 miljoen eksimplaren binne ferkocht. Paus Jehannes Paulus II beneamde Theresia yn 1997 ta tsjerkelearaar.
Bernetiid
Alençon
Theresia waard oan rue Saint-Blais (nû 36) yn it Frânske Alençon berne as ien fan de njoggen dochters fan Louis Martin en Marie-Azélie Guérin. Hja waard dope op 4 jannewaris 1873 yn de Notre-Dame fan Alençon. Fan de dochters ferstoaren fjouwer op jonge leeftyd, wylst de oare fiif allegear it kleaster yngyngen. Hja waard grutbrocht yn in hûshâlding dy't alle moarntiden om 05:30 de Hillige Misse bywenne en it fêstjen tige krekt opfolge. Ek de plicht fan neisteleafde waard sekuer neikommen en hja hiene regelmjittich in omrinder oan tafel en brochten besites oan siken en âlde minsken. Oarspronklik wie de heit fan Theresia in horloazjemakker, mar syn frou hie in bedriuwke dat útgroeide ta in bedriuw mei 20 wurknimmers en om't dêr help nedich wie joech er syn âlde berop op.
Sûnt 1865 krige har mem, Zélie Martin, lêst fan pine yn it boarst. Yn desimber 1876 die bliken dat de oarsaak fan de klachten boarstkanker wie, dêr't medysk neat mear oan te dwaan wie. Zélie gyng yn 1877 noch op beafeart nei Lourdes yn 'e hope dêr better te wurden, mar in wûnder bleau út. Hja ferstoar op 28 augustus 1877, noch mar 45 jier âld. Theresia is dan goed 4 jier en hja kiest har suster Pauline út as ferfanger fan har mem.
Lisieux
Yn novimber 1877 ferhûze Louis mei syn fiif dochters nei Lisieux om tichter by Isidore Guérin te wenjen, de broer fan syn frou Zélie, dy't dêr apteker wie. Ynearsten hie Louis dêr net in soad nocht oan, mar Isidore en syn frou wisten him te oertsjûgjen dat it sa better foar de bern wie. It bedriuw yn Alençon waard ferkocht en hja fûnen in hûs yn in griene omjouwing, Les Buissonnets. Louis, dy't no libbe fan de opbringst fan de ferkeap fan 'e saak, hold him dwaande mei syn dochters, en dan fral Theresia. It hûshâlden draait op syn dochter Marie, dy't help krige fan in hûshâldster. De sechtjinjierrige Pauline soarge foar de twa bern. It wie foar de Martins in hiele oare wrâld: op de drokte fan de saak yn Alençon, dy't ôflieding joech en fol wie mei klanten en wurknimmers, folge de stilte en iensumens fan Les Buissonnets dêr fierder net in soad oanrin wie. It hie ek syn wjerslach op Theresia: har libbene en ekspansive karakter feroare yn in sêft en timide karakter. En ek al diene har heit en har suster Pauline noch sa bot harren bêst, dat twadde tiidrek yn har bestean wie it meast pynklike skoft fan de trije dy't har koarte libben telde.
Theresia gyng yn 'e âldens fan sân jier, yn 1880, foar it earst te bychten. Op 13 maaie 1880 waard de earste kommuny fiert fan har suster Céline en dy dei omskreau Theresia as ien fan de moaiste dagen fan har libben. Theresia woe ek stomme graach de kommuny hawwe en naam it beslút om de trije jier dy't hja noch wachtsje moast te brûken om har goed op dy dei ta te rieden.
Op in simmermiddei yn 1879 of 1880 makke Theresia wat mei dat har bekrûpte. Ut it raam seach hja yn de tún in man yn de klean fan har heit rinnen. Hy hie ek deselde lingte en deselde wize fan rinnen, mar dan folle mear foaroerbôge. Syn holle wie oerdutsen mei in doek, sadat hja it gesicht net sjen koe, mar ek de hoed like op dy fan har heit. Tige stadich seach hja him tichterby kommen. Hja krige fuort in gefoel fan boppenatuerlike eangst. Har susters besochten har del te bêdzjen, hja ûnderfregen har en sochten yn de tún nei de man, mar om 'e nocht. Fyftjin jier letter krigen hja de betsjutting fan it fizioen, doe't har heit hersenferlamming krige.
Op 3 oktober 1881, doe't hja acht jier wie, gyng Theresia nei it benediktynske ynternaat yn Lisieux. Om't it ynternaat tichteby har hûs stie, bleau hja de nachten net en gyng hja op jûntiid werom nei hûs. De goede lessen fan har suster Pauline en Marie diene no fertuten en Theresia hearde by de bêsten fan de klas. Yn de simmer fan 1882 hearde Theresia tafallich dat Pauline nei de Karmel gean soe. Theresia skreau dêr oer dat it wie as waard har in swurd yn it hert stutsen. Pauline wie de twadde mem fan Theresia en har te missen dreau Theresia bytiden ta wanhoop. Pauline beskreau foar Theresia hoe it der by de karmelitessen om en ta gyng. Ek Theresia krige langstme om nei de Karmel te gean: "Ik fielde dat mei sa'n krêft, dat der gjin twifel oerbleau. Yn myn hert wist ik dat ik my net troch in bernedream meislepe liet, mar it wie de wissichheid fan in godlike rop; ik woe nei de Karmel, net foar Pauline mar allinne foar Jezus". Op in snein, by in besite oan de Karmel fan Lisieux, slagge hja der yn om allinne te praten mei de oerste fan it kleaster, Mem Marie de Gonzague. It wol de kleastermem wol oan dat Theresia har ropping fielt, mar hja mei gjin postulanten ûnder de sechtjin talitte. Theresia wol noch wol efkes wachtsje, hja wit no dat hja de wei fûn hat. Op moandei 2 oktober 1882 giet ek Pauline yn de Karmel, dêr hja de kleasternamme "suster Agnès fan Jezus" oannaam. Ek skoalle begjin wer foar Theresia, hja mei in klas oerslaan en kin har dêr tariede foar de earste kommuny. Godstjinst is ien fan de wichtige fakken en dêr blinkt hja yn út. In grutte teloarstelling wachtet har lykwols, want it bisdom hat krekt in nije feroardening oannommen en besletten om de leeftyd fan de kommunikanten te ferheegjen. Dat betsjut foar Theresia dat hja langer wachtsje moat. Har omke Isidorus reizget nei Bayeux om dispinsaasje by de biskop oan te freegjen, mar komt mei legen hannen thús.
Dan kriget Theresia yn desimber 1882 pine yn 'e holle en side. Hja yt net goed en kin de sliep net krije en der ferskine opsette plakken. Ek har karakter feroaret, hja wurdt boazich en op't lêst bellet har omke de dokter, dy't fêststeld dat Theresia hat te lijen fan in sykte, dêr't allinne folwoeksenen lêst fan ha. Har heit, dy't dan yn Parys is, wurdt mei in tillegram warskôge dat er nei hûs komme moat. Alle dagen hat hja lest fan senuwtrillings, hallusinaasjes en panykoanfallen. Hja kin net mear allinne litten wurde, mar op de dei dat Pauline it habyt kriget, is hja ynienen wer efkes de âlde en kin hja mei de famylje nei de Karmel om it barren by te wenjen. De hiele dei giet it goed en Theresia is like fleurich, mar de oare deis is alles wer mis: it like der op dat Theresia hielendal op gyng yn dwylsin en it ferstân kwyt wie. De dokter siet goed yn noed en koe de oarsaak fan de sykte mar net fine. De hiele famylje bid foar Theresia, in noveen fan missen wurdt opdroegen yn de Notre-Dame des Victoires fan Parys en in Marijebyld wurdt yn har keamerke set. Op Pinkstersnein, 13 maaie 1883, bidde har susters by it byld fan Marije ôm genêzing. Ek de jonge Theresia rjochtet har dan op har "Mem yn 'e himel". Op dat stuit ûntspant de pasjinte. Har susters sjogge ferheard op en de oare deis binne al spoaren fan de sykte ferdwûn. Theresia bliuwt swak, mar hja soe op in pear lytse weromfallen nei yn de takomst frijbliuwe fan nije komplikaasjes.
Kommuny en foarmsel
Nei't hja yn de simmerfekânsje yn Alençon in besite brocht oan bekenden, plakken fan har jongerein en it grêf fan har mem yn Alençon, sette yn oktober 1883 it nije skoallejier útein mei útsjoch op de Earste Kommuny. Op 8 maaie 1884 is it safier: Theresia is by de Hillige Misse tige emosjoneel en beskriuwt har earste mistike ûnderfining: ... It wie in leafdestút, ik fielde my dierber, en ik sei ek: ik hâld fan jo en draach my foar altiten oan jo op. It wie gjin fraach, gjin striid, gjin opoffering; foar in hiele skoft hiene Jezus en de earme lytse Theresia inoar oansjoen en begrepen"... Troch it krijen fan de hosty fielde hja har ek foar altiten ferbûn mei har mem yn 'e himel. Njonken de spirituele djipgong koe de kommunikant it feest en de kado's ek wol wurdearje. Op 14 juny 1884 kriget hja fan de biskop it foarmsel, it sakramint wêrmei't immen de krêft fan de Hillige Geast kriget om it leauwe stânfêstich de beliden.
Yn oktober 1886 gyng ek har âldere sustser Marie nei de Karmel fan Lisieux, hja waard suster "Marie fan it Hillich Hert", wylst Léonie har yntrede die by de Klarissen. De ferhearde Louis Martin wie no noch allinne mei syn twa jongere dochters yn Les Buissonnets. Foar Theresia betsjutte it wer in tiid fan depressy en hja hie regelmjittich lêst fan gûlbuien.
Bekearing
Yn 1886 wennen Louis Martin mei de dochter de Krystnachtmisse by yn de katedraal. Werom yn Les Buissonets sette Theresia lykas de tradysje woe har skoech foar de hurd op, dêr't de kado's delset wurde koene. Louis Martin wie warch en sei tsjin Céline: "aldergelokst is it dit jier foar it lêst". Theresia begûn doe te gûlen, mar pakte har fuortendaliks wer op en optein pakte hja de kado's út. Letter lei hja út dat hja op dat stuit befrijd waard fan de lekken en brekken fan har bernetiid. Ynienen fiele hja de neisteleafde yn har hert kommen, it ferlangen om harsels te ferjitten. Dy genede die har groeien en makke har folwoeksen. Hja neamde dat letter de nacht fan har bekearing en it begjin fan it tredde diel fan har libben, it moaiste diel.
Hja giet fiif kear yn de wike ter kommuny, lêst in soad en leart "It Neifolgjen fan Kristus" út de holle. De famylje fynt it prachtich, en de Guerings litte Theresia graach hiele stikken resitearje as hja op besite is. Ek begjint hja fûleindich te bidden foar de bekearing fan sûnders. De kranten skriuwe yn dy tiid in soad oer de foar in trijefâldige moard feroardiele Henri Pranzini, dy't yn de parse beskreaun wurdt as in meunster om't er hielendal gjin spyt liket te hawwen fan syn misdieden. De eksekúsje troch de guillotine sil yn de simmer fan 1887 plakfine en fol fjoer bidt Theresia foar syn bekearing. Fan God freget hja in om in ienfâldich teken fan bekearing, sadat hja wit dat it net om 'e nocht is. Doe't it safier wie en Pranzini eksekutearre wurde soe wegere er in preester te sjen. Mar op it alderlêste stuit draaide er him om en tute er it krús, ear't er ferstoar. As hja dêroer lêst is dat foar har de befêstiging fan har ropping: hja moat non wurde om foar alle sûnders te bidden.
Ek nei de eksekúsje bidt hja troch foar Pranzini en hja freget oft der missen opdroegen wurde kinne foar de misdiediger. Hja is der wis fan dat God Pranzini ferjout. Har ideeën wie yn dy tiid namste radikaler, om't de publike opiny en de kranten doe net it minste begrutsjen foar feroardielde kriminelen toanden.
Karmel
Theresia fielt dat it no tiid is om it kleaster yn te gean. Hja ynformearret har heit. Louis Martin, dy't earder in lytse oanfal hân hie wertroch't er in pear oeren ferlamme wie, wrakselt earst wat tsjin mar jout dochs syn tastimming. Har susters binne ferdield: Marie besiket Theresia oan it ferstân te krijen dat hja noch wat wachtet en oarsom fjurret Pauline har oan. Céline, dy't allinne mei har heit efterbliuwt en it meast te lijen hat fan Theresia's fertrek, stipet har. It is lykwols de tasjend fâld, har omke Isidore, dy't yngrypt en him tsjin de plannen fan Theresia keart. De apteker fan Lisieux doart it net oan har de yntrede te ferbieden, mar freget har yn alle gefallen te wachtsjen oant hja 17 wurdt. Pauline beslút dan har omke te skriuwen om foar Theresia's plannen te pleitsjen. Ut wurdearring foar syn peetdochter jout er lang om let dochs noch syn tastimming op 22 oktober. Dat betsjut lykwols net dat alle tûkelteammen fuort wiene, want ek de tsjerklike autoriteiten fine Theresia te jong: de kleasters wolle leaver gjin postulanten mear ûnder de 21.
Beafeart
Alle hope is no fêstige op paus Leo III, dy't Louis Martin hopet te moetsjen op de troch it bisdom Coutances organisearre beafeart nei Rome. Op 4 novimber 1887 is it safier en ek Thérèse en Céline geane mei. De reis giet mei de trein en hja bringe besites oan Milaan, Feneesje, Bologna, Loreto en oan it ein Rome.
Op 20 novimber 1887 wennen de pylgers fan de beafeart ier yn de moarn yn de pauslike kapel in troch de paus opdroegen misse by, folge troch in audiïnsje. De paus is dan al in âlde man fan 77 en om't er warch is meie de pylgers net allegear mei him prate, mar as it Theresia's tiid is knibbelet hja foar de paus en freget yn it Frânsk om in geunst. De fikaris fertelt de paus dat Theresia in famke is dy't nei de Karmel wol. Paus Leo III antwurdet it famke dat hja harkje moat wnei har mearderen, mar Theresia hâldt oan en seit: "Alderhilligste Heit, as it binne dy't "ja" seit, dan sil elts dat goedfine". De paus antwurdet dan dat hja wol nei de Karmel giet as God it wol. Foar Theresia is dat noch jimmeroan net genôch, hja wol in beslissend andert en mei de hannen gear op de knibbels wachtet hja, oant Theresia troch twa wachten nei de útgong droegen wurdt. Op de weromreis kriget Theresia yn Nice in bytsje hope: de fikaris-generaal hie it ûnthjit dien om it fersyk fan Theresia te stypjen.
Begjin desimber is de famylje wer yn Lisieux. It wie de earste en lêste kear yn har libben dat hja Normandje ferlitten hie om troch Frankryk, Switserlân en Itaalje te reizgjen. It wie foar har in learsume reis, in reis wêryn't hja in soad learde de skiednis fan de Tsjerke. Hja hie de petearen fan geastliken folge en learde dat dy ek net altiten sûnder fouten binne en minsken mei harren swakheden wiene. Theresia wie yn dy tiid fleurich, hie humor en wie har ek bewust woarn fan har froulikens en skientme, dêr't de jonge Italjanen net ûnferskillich foar wiene. Thús sei Theresia dat hja dêr maklik har hert ferlieze kind hie; "der wie genôch om in ropping, dy't net sa stevich wie, oan it wifkjen te bringen".
Machtiging fan de biskop
De oare deis giet Theresia nei de Karmel om te bepraten hoe't it fierder moat. Yn de Karmel wurdt in strategy ûntwikkele en Mem Geneviève, de stiftser fan de Karmel fan Lisieux, bepleitet mei Mem Marie de Gonzague, dy't op dat stuit priorin is, de saak fan Theresia by de kanunnik Delatroëtte, mar dy bleau him fersetten tsjin de yntrede fan Theresia. Healwei dy moanne skriuwt Theresia in brief nei biskop Flavien Hugonin en de fikaris-generaal, om him syn ûnhjit oan Theresia nochris yn it sin te bringen. Alles is no dien, it komt no op wachtsjen en bidden oan. In pear wike letter, Theresia waard doe 15, krige Theresia in brief fan Mem Marie de Gonzague: de biskop kaam op syn eardere wegering werom en Theresia waard no ferwachte yn de Karmel. De definitive datum fan yntreden soe fêststeld wurde nei de fêsteltiid. It wie dus op 'e nij wachtsjen, mar de takomstige postulant seach der in kâns yn om har goed ta te rieden.
Kleasterlibben
Postulant
De datum fan yntrede wurdt fêststeld op 9 april 1888, op de dei fan de Ferkundiging. Dan is Theresia fyftjin jier en trije moannen âld. Yn dy tiid wie it net nuver dat postulanten en novisen yn religieuze oarders noch gjin sechtjin wiene. Doe't hja de tsjerke yngong brocht kanunnik Delatroëtte har noch yn 't sin dat hy der persoanlik noch altiten op tsjin wie. De susters lykswols wiene bliid mei har komst. Sa ek Mem Marie de Gonzague, mar der wiene ek soargen. Soe Theresia it tige ienfâldige kleasterlibben yn de Karmel folhâlde? En hoe soe it gean no't der trije susters út deselde hûshâlding yn de mienskip sieten? De tige jonge postulant paste har lykwols tige goed oan de nije omjouwing oan. Tegearre mei fjouwer novisen leart Theresia de regels en gewoantes yn de Karmel. Har twa âldere susters woene foar har jongste suske soargje, mar it wie Theresia dy't harren holp om ôfstân te bewarjen.
Mem Marie de Gonzague is optein oer har nije oanwinst yn it kleaster, hja skriuwt oer Theresia dat der gjin wurd ferkeard te melden falt en alles perfekt ferrint. Dochs sparret hja Theresia net, komt hja Theresia tsjin, dan kin hja it net neilitte om Theresia op de ien of oare wize leech te lizzen. Faaks die hja dat om de ropping fan Theresia te testen. Foar Theresia is it pynlik want hja hat in grutte bewûndering foar de oerste. Graach soe hja har mear yn betrouwen nimme wolle, mar hja ferset har dêr tjsin. Hja keas de jezuïet, pater Pichon, as har geastlike heit, dy't lykwols in pear moanne letter op missy nei Kanada giet. Yn har postulaat kriget Theresia ek te meitsjen mei narderij fan oare susters, om't hja gjin oanlis hat foar hannenarbeid. Lykas eltse non komt ek Theresia efter de neidielen fan it libben yn in mienskip mei minsken, dy't allegear harren eigen temperamint, karakter, gefoelichheden en lekken en brekken hawwe.
It slimste kaam lykwols fan bûten. Op 23 juny 1888 ferdwûn har heit Louis Martin. Hy waard op 27 juny yn it postkantoar fan Le Havre werom fûn. Hy wie wer wat by't sin, mar geastlik wied er net mear yn oarder. Foar Theresia wie it namste pynliker. Hja fielde har skuldich dat hja der net west hie om him te helpen. De rabberij yn de stêd fynt ek syn wjerklank yn de Karmel: "Menear Martin is gek wurden. Mar wat wolle jo mei al dy dochters dy't non wurden binne. Sels de jongste sit yn 't kleaster". Mei op basis fan eardere symptoanen stelle de artsen by Louis Martin serebrale arterioskleroaze fêst.
Novise
Op 10 jannewaris 1889 komt der in ein oan it postulaat. Hja kriget har habyt en dêrmei begjin in tiidrek fan novisiaat. De tastân fan har heit is stabyl en hy kin by de plechtichheid oanwêzich wêze. Sûnt draacht Theresia in brún habyt en in sluier, dy't foar novisen wyt is. Hja kriget as kleasternamme "Suster Theresia fan it Bern Jezus en fan it Hillich Antlit".
Tolve dagen letter is it hielendal mis mei har heit. Hy is dwers troch alles hinne, tinkt dat er nei it slachfjild giet en grypt in revolver. Mei geweld witte se him te ûntwapenjen en hy wurdt fêstset yn it gesticht "Bon Sauveur" yn Caen. It is ferskriklik foar de susters Martin en allegear net te leauwen. Theresia kiest foar stilte, hja siket treast yn it gebed en de Bibel.
Non
Op 9 septimber 1890 leit hja yn 'e âldens fan 17 jier har kleasterûnthjitten ôf. De seremoanje wurdt holden yn de Karmel. It die har grut fertriet dat har heit der net by wêze koe. Neffens de earwaarde Mem Marie de Gonzague wie hja al in follearde non, dy't de sluier op har naam. In ingel fan in bern fan 17 jier mei it ferstân fan ien fan 30, sa jubele de kleastermem.
De jierren dy't folgen stiene yn it teken fan it rypjen fan har ropping. Theresia bidt trou, hja lit har net yn mei debatten, dy't it libben fan de mienskip fersteure. Hja docht har taken en hat omtinken foar in oar. Yn stilte akseptearret hja krityk, sels as dy't net passend is en antwurdet mei in glimke as susters narrich dogge. Alles besiket hja út leafde mei ienfâld te dwaan, ek de lytse dingen. Hja bidt in soad foar preesters en fral foar pater Hyacinthe Loyson, in ferneamde preker dy't yn 1869 ekskommunisearre waard en dêrnei de Roomsk-Katolike Tsjerke ferliet.
Yn de winter fan 1891-1892 wurdt Frankryk troffen troch in swiere grypepidemy. De Karmel fan Lisieux wurdt net sparre en fjouwer nonnen ferstjerre. Alle susters krije it firus, útsein trije wêrûnder Theresia. Hja besteget in soad tiid oan de fersoarging fan har susters en lit sjen dat hja net benaud is en ek saken mei organisearje kin. Fral ek as hja de begraffenissen fan ferstoarne nonnen moat tariede. De mienskip, dy't har somtiden mar fan in bytsje nut beskôge, ûntdiek no in hiele oare Theresia.
Foar Theresia wurde de evangeeeljes jimmeroan wichtiger, se meitse har leauwen riker en draacht se altiten by har. Yn dy tiid wie dat net sa gewoan, want yn 'e regel lêsden de minsken leaver kommintaren op de Bibel, mar Theresia socht leaver streekrjocht it Wurd fan Jezus.
Agnès wurdt kleastermem
Yn 1893 kaam der in ein oan de twadde termyn fan Mem Marie de Gonzague as priorin fan it kleaster. Hja koe net trochgean foar in tredde termyn en Pauline, suster Agnès fan Jezus yn it kleaster, waard op 20 febrewaris dat jier foar trije jier keazen as har ferfanger. In lestige sitewaasje foar Pauline en har susters. Mem Marie de Gonzague hold in soad ynfloed yn it kleaster, en de kanunnik Delatroëtte trune Mem Agnès sûnder omhaal oan om har fral ek liede te litten troch de goede rie fan de âlde oerste. Pauline moast dêrom hoeden en diplomatyk operearje en hja moast oppasse dat hja harren twa susters Marie en Theresia net foarluts.
Mem Marie de Gonzague krige yn dy tiid fan Mem Agnès de soarch oer de novisen en Theresia waard frege om har dêrby te helpen. Hja moast dwaan wat har suster as priores opdroech en tagelyk ek Mem Marie de Gonzague, twa froulju dy't it noch alris net iens wiene. Hja wie folchsum, mar ek net te benaud om har miening te jaan as dêr om frege waard. Sa gyng Theresia tsjin Mem Marie de Gonzague yn, doe't dy ien fan de novisen keare woe foar it dwaan fan de kleasterûnthjitten.
Yn 1894 skreau Theresia har earste Récréations pieuses. Dat binne lytse toanielstikken, dy't troch in pear nonnen opfierd waarden foar de rest fan de mienskip. Har earste stik waard opdroegen oan Jeanne d'Arc, de frou dy't Theresia sa heech hie en foar wa't yn dy tiid krekt it proses ta sillichsprekking iepene wie. Har talint foar it skriuwen fan stikken krigen in goede ûntfangst en hja mocht mear stikken skriuwe, wêrûnder in twadde oer Jeanne d'Arc. Ek skreau hja op fersyk fan oare nonnen spirituele gedichten.
Op 29 july 1894 ferstoar Louis Martin. Céline, syn fierde dochter, fersoarge him oant it lêst ta. Ek hja tinkt al in skoft om yn te treden yn de Karmel. Hja krige yntusken twa fersiken om te trouwen, mar hja bleau tinken oan in libben wijd oan God. Céline twifele noch tusken in libben mei de karmeliten en in aktiver libben yn tsjinst ûnder pater Pichon yn Kanada. Hja keas mei op oantrunen fan har suster foar de Karmel en op 14 septimber 1894 kaam hja werom nei Lisieux. Yn augustus 1895 krigen de fjouwer susters yn de Karmel ek noch selskip fan harren nicht, Marie Guérin.
Theresia en de martlers fan Compiègne
Yn 1894 waard it martlerskip fan de karmeliten fan Compiègne betocht, in barren dat grutte yndruk makke yn Frankryk en namste mear yn de Karmels fan Frankryk. De nonnen fan Compiègne fregen de susters fan Lisieux om harren kapel mei te fersieren. Theresia fan it Bern Jezus borduerde mei Theresia fan Sint-Augustinus de banieren. Dy lêste sei by it proses fan sillichferklearring fan Theresia dat hja tige tawijd en fol iver meiholp en dêrby de opmerking makke "Wat in gelok as wy itselde lot krije soene, wat in genede".
De lytse wei
Theresia gyng de Karmel yn mei de winsk om in grutte hillige te wurden. Nei seis jier moast hja lykwols tajaan dat soks der foar har net yn siet. Der mankearre noch in soad oan en hja hie boppedat net it karisma fan Theresia van Ávila, Paulus fan Tarsus en sa'n soad ferneamde hilligen. En ek al wol hja noch sa graach, hja sjocht sels ek de grinzen fan har ynspannings. Hja bliuwt lyts en fier fan dy ûnfeilbere leafde dy't hja sa graach beoefenje wolle soe. De Bibel, dêr't de wurden "as immen hiel lyts is, lit him ta my komme" yn steane, jout Theresia it begjin fan it antwurd. Theresia wit dus dat hja, dy't har lyts en net geskikt achtet, har mei betrouwen nei God keare kin. Mei de wurden fan Jesaja 66:12-13 begrypt hja dat it Jezus sels is, dy't har nei de hillichheid draacht. It binne de earms fan Jezus dy't har nei de himel tille moatte en dêr hoecht hja net grut foar te wurden. Har beheinings wurde sa gjin ûntmoediging, mar in boarne fan freugde, want krekt dêr wurdt de barmhertige leafde fan God foar har útoefene. Yn har manuskripten neamt hja dy ûntdekking de "lytse wei". Sûnt febrewaris 1895 begjint hja har brieven te ûndertekenjen mei toute petite foar har namme. Hoe lytser hja har makket foar God, namste mear kin hja op God rekkenje.
It is ek yn dy tiid dat hja op fersyk fan har suster Pauline har autobiografy opskriuwt. Ek giet hja fierder mei it skriuwen fan toanielstikken en hymnes, werfan't "Vivre d'amour" it bekendst is.
Op 9 juny 1895 krige Theresia de ynspiraasje om har op it feest fan de Trije-ienheid as offer oan te bieden oan de barmhertige leafde fan God. Dat diene nonnen yn dy tiid wol faker mei it doel om neffens it foarbyld fan Kristus te lijen. It doel wie om yn feriening mei Kristus boete te dwaan en it sa goed te meitsjen foar sûnders, dy't dat sels net diene. De nonnen koene troffen wurde troch tige lange en pynlike syktes en hja leine dan in ferbân tusken it lijen en it offer dat hja dêrmei brochten.
Doe't de termyn fan trije jier fan de earwaarde Mem Agnès as prior foarby wiene, waard it wer tiid in nije oerste te kiezen. Mem Marie de Gonzague ferwachte har posysje werom te krijen mar de ferkiezing ferrûn spannend. It wie mar op it kantsje ôf, mar Mem Marie de Gonzague wûn it fan Mem Agnès. De nije oerste wol har funksje om noed te stean foar de novisen net opjaan en kiest as assistinte Theresia, mar yn feite draacht Theresia alle ferantwurdlikens foar it novisiaat sûnder dat har dy eare takomt. Theresia folge it grutte tal oan lytse foarskriften dy't Mem Marie de Gonzague willekeurich opstelde of bûten wurking stelde tige krekt op.
Theresia's striid en dea
Yn 'e nacht fan Wite Tongersdei op Goed Freed 1896 krige hja in earste oanfal fan bloedopjaan. Hja fertelt it Mem Marie de Gonzague, mar seit ek dat hja der net ûnder te lijen en fierder neat nedich hat. In twadde oanfal komt de nacht dêrop. Mem Marie de Gonzague makket har no soargen en hja freget har neef, dokter La Néele, om har te ûndersykjen. Hy tinkt dat it bloed ôfkomstich is fan in skuord bloedfet yn de kiel. Theresia wit sels dat it earnstiger, is mar hja is net benaud; foar har betsjut de dea dat hja gaueftich nei de himel giet en dêr dyjinge fynt dy't hja yn de Karmel socht. Hja bliuwt aktyf sûnder krêft te sparjen.
Yn de Goede Wike fan 1896 komt hja ynienen yn in "inerlike nacht" telâne. It leauwen dat har sa'n jierren besiele hie, dat har sels langstme joech om te stjerren út leafde foar Jezus, ferdwûn. Yn it tsjuster like hja in inerlike stim te hearren, dy't mei har en it gelok dat hja yn de dea tocht te ferwachsjen de gek hie. Net it leauwen oer it bestean fan God bringt har oan it wankeljen, mar it leauwen yn it ivige libben, dat hja dus op reis wie nei it neat. Der wie no noch mar ien gefoel yn har: hja soe jong stjerre en hielendal foar neat. Allinne de hymnes en gedichten, dy't hja ek doe op fersyk fan de nonnen skreau, jouwe in lyts stikje fan dy inerlike striid priis: "Myn himel is de glimk fan God dy't ik oanbid, wylst Er him ferside hâldt om myn leauwen te testen".
De tsjusternis dêr't hja yn telâne kaam soe har nea mear loslitte en duorre oant har dea in lyts jier letter. Hja wegere ta te jaan oan de eangst foar it neat en fermannichâldigt de dieden fan it leauwen. Dêrmei woe hja sizze dat hja bliuwt leauwen, alhoewol't har geast oerspield wurdt mei beswieren. De striid is namste dreger om't hja altiten winske in soad goede dingen nei har dea te dwaan.
Ferstjerren
Yn jannewaris 1897 skreau Theresia, doe krekt 24 jier: "Ik tink dat myn reis net lang mear duorje sil". Alhoewol't it minder waard mei Theresia, slagge hja der yn om har plak yn de mienskip fêst te hâlden. Mar yn de maaitiid makke it spuien, de pine yn it boarst en it ophoastjen fan bloed Theresia jimmeroan swakker.
Yn april 1897 krige Theresia te meitsjen mei de gefolgen fan de Diana Vaughan-saak. Sûnt 1895 is de Amerikaanske Diana Vaughan yn Frankryk bekend fanwegen de útjefte fan har memoires, har kontakten mei satanyske rûnten en hare bekearing dy't dêr tanksij it foarbyld fan Jeanne d'Arc op folge. Theresia wie lykas alle katoliken yn Frankryk djip rekke troch de tsjûgenis fan Diana Vaughan. Mem Agnès trune har oan in pear ferzen te skriuwen foar de bekearde frou en hja die dêr in foto by fan Theresia, doe't hja de rol fan Jeanne d'Arc spile. De post koe net streekrjocht nei Diana Vaughan sjoerd wurde, om't hja har skûl hâlde moast foar de leden fan de satanyske sekte en waard dêrom nei Léo Taxil stjoerd, immen dy't himsels opsmiten hie as har wurdfierder. Theresia skreau yn juny 1896 ek it koarte toanielstik Le Triomphe de l'humilité, dat ynspirearre wie op de bekearing fan Diana Vaughan.
Yn de rin fan 1896 riisde der by de parse lykwols jimmeroan mear twifel oan de oprjochtens fan Léo Taxil, dy't ek bekend stie as anty-klerikaal. En sa kundige Taxil in parsekonferinsje op peaskemoandei ôf, sabeare om alle twifel wei te nimmen. Mar op die tige goed besochte parsekonferinsje makke er bekend dat Diana Vaughan nea bestien hie en dat er it hiele opfantasearre ferhaal ûnder dat pseudonym publisearre hie om de Roomks-Katolike Tsjerke yn ferlegenheid te bringen. It publyk wie der glêd ôf. De nonnen fan de Karmel yn Lisieux hearden op 21 april fan it nijs. En op 24 april ûntduts Theresia dat de op de parsekonferinsje toande foto fan Jeanne d'Arc de foto fan har wie . Hja seach it foarfal as in fernedering en in test, fral no't hja sa troch twifel besocht waard.
Yn juny frege Mem Marie de Gonzague Theresia om fierder te skriuwen mei har memoires. Hja docht dat somtiden yn 'e tún, op de stoel dy't har heit yn it lêste skoft fan syn sykte brûkte en dy't er jûn hie oan de Karmel. Op 8 july 1897 ferhûze Theresia nei de sikeôfdieling, dêr't hja tolve wiken bleau oant har dea.
Op 17 augustus wurdt Theresia op 'e nij ûndersocht en dan is it dúdlilk dat hja tuberkuloaze yn it meast foardere stadium hat. Ien long is oantaaste, de oare long is ferlern en ek de terms binne oantaaste. Har lijen wurdt ekstreem swier. De susters freegje har hoe't hja har letter oanroppe moatte as hja bidde. Hja andert "Lytse Theresia". De lêste nacht is dreech en har susters weitsje by har. Hja freget geastlik taret te wurden foar it stjerren. Mem Marie de Gonzague stelt Theresia gerêst en seit dat hja troch har nederige libben al taret is.
Neffens de oanwêzige nonnen hie Theresia flak foar har dea noch in ekstaze, dy't duorre salang't de belidenis fan it leauwen duorret, en dan azemt hja har lêste sike út. Op 30 septimber 1897 om 19:20 oere yn 'e âldens fan 24 jier stjert Theresia. "Ik stjer net, ik begjin mei libjen" skreau hja yn ien fan har lêste brieven.
Hja wurdt begroeven op 4 oktober op it tsjerkhôf fan Lisieux op in stikje grûn dat foar de Karmel reservearre is. De nonnen kinne it kleaster net út, in hiele lytse prosesje folget de lykwein nei it begraafplak.
Ferearing en hillichferklearring
Mei it súkses fan har boek Histoire D'Une Ame wurdt Theresia al hiel gau yn en bûten Frankryk in bekende non. Har bekendheid giet mank mei in soad tsjûgenissen fan bekearings en genêzings. En ek al is Theresia dan noch net offisjeel hillichferklearre, hja wurdt troch in soad fromme katoliken oanroppen as de "lytse hillige". Yn de Earste Wrâldkriich fermannichfâldigje de fersiken om har foarbea en sels oan de Dútske kant kriget de Frânske non jimmeroan mear popilêriteit. Allinnich al in beheinde blomlêzing fan tsjûgenissen, dy't tusken 1914 en 1918 nei de Karmel stjoerd waarden, telt 592 siden. Yn 1914 kriget de Karmel fan Lisieux alle dagen sa'n 500 brieven, tusken 1923 en 1925 binne dat der alle dagen 800.
Yn 1920 wurdt in lyts famke, Édith, troch har beppe mei nei Lisieux brocht. Hja hat keratitis en bidde by it grêf fan Theresia om in wûnder. Hja kriget har fermogen om te sjen werom en letter, as hja bekend wurdt as Édith Piaf, wijd hja de rest fan har libben oan in wiere devoasje oan Theresia fan Lisieux, dy't eins in fier famyljelid is fan de sjongeres.
De opteinens fan de befolking giet mank mei de erkenning fan de Tsjerke. Oer de hiele wrâld freegje katoliken om de hillichferklearring. Op 15 maart 1907 jout paus Pius X de oanset. It proses fan sillichferklearring wurdt ûnder ferantwurdlikens fan de biskop fan Bayeux, mgr. Lemonnier, op 3 augustus 1910 iepene. Sânentritich tsjûgen litte harren ferhalen oer it libben fan Theresia fêstlizze, dêrûnder njoggen karmeliten út Lisieux. Op 6 septimber 1910 wurdt it lichem fan Theresia opgroeven. It apostoalyske proses soe yn 1915 yn Bayeux útein sette, mar de Earste Wrâldkriich fertrage dy termyn oant 1917. Yn dy tiid wie foar in hillichferklearring in perioade fan fyftich jier needsaaklik. Paus Benediktus XV stelt Theresia's saak frij fan dy fertraging.
Nei it bestudearjen en ûndersykjen fan de twa wûnders dy't foar in sillichferklearring nedich wiene waard Theresia op 29 april 1923 offisjeel sillich ferklearre. Har hillichferklearring folge al op 17 maaie 1925. Paus Pius XI neamde Theresia de "stjer fan syn pontifikaat" en fiifhûnderttûzen minsken wennen dy seremoanje by. Dat jier fiert fiert de Roomsk-Katolike Tsjerke op 30 septimber foar it earst it feest fan Sint-Theresia fan it Bern Jezus en it Hillich Antlit. By dy gelegenheid jout paus Pius XI oan de hillige in Gouden Roas, dy't tradisjoneel oan fromme foarstinnen en tsjerken jûn wurdt. It wie foar it earst dat de roas oan in ferstoarn persoan jûn waard. Theresia fan Lisieux waard op 14 desimber 1927 útroppen ta patroanhillige fan de missy, in status dy't hja dield mei Fransiskus Ksavearius.
In pear jier letter wurdt der begûn mei de bou fan in grutte basilyk yn Lisieux, dy't yn 1954 foltôge en oan Sint-Theresia wijd wurdt. De neobyzantynske basilyk is ien fan de grutste tsjerken út de 20e iuw en wurdt alle jierren troch hûnderttûzenen katoliken besocht. Nei Lourdes is de basilyk it grutste beafeartsplak fan Frankryk.
De ynfloed fan de nije hillige bleau net beheind ta Frankryk. Yn 1931 docht in jonge Albaneeske frou har ûnthjitten yn Yndia en hja set har sels ûnder de beskerming fan Theresia fan Lisieux. Oars as har patroanhillige sil Mem Teresa in lang libben hawwe.
Paulus VI hie in grutte devoasje foar Theresia en sei: "Ik waard yn de tsjerke berne op de dei dat de hillige yn de himel berne waard" De dei fan syn doop is deselde dei as de dea fan Sint-Theresia.
Paus Jehannes Paulus II rôp Theresia op 19 oktober 1997, 100 jier nei har dea, út ta tsjerkelearaar. Oer de hiele wrâld binne mear as 1.700 tsjerken oan har wijd. In soad katolike skoallen, âldereinshûzen en oare ynstellings drage har namme.
De heit en mem fan Sint-Theresia, Louis en Zélie Martin, binne op 19 oktober 2008 yn Lisieux sillichferklearre. De hillichferklearring fan har âlden folge op 18 oktober 2015 yn Rome.
Reliken
Op 6 september 1910 waarden de resten fan Theresia opgroeven en oerbrocht nei in oar grêf. In twadde opgravnig fûn plak op 10 augustus 1917. Nei in ûndersyk troch medyske saakkundigen waarden ha oerbliuwsels mei in soad pracht en praal op 26 maart 1923 nei de kapel fan de Karmel fan Lisieux oerbrocht. Tsientûzenen minsken stiene oan de kant fan de likernôch twa kilometer lange rûte. Op 'e nij waard der tynge dien fan wûnders. In soldaat dy't al 15 moannen ferlamme wie, koe wer rinne nei't de wein mei de reliken foarby ried. In jonge bline frou dy't by de Karmel op de prosesje wachte, fielde har eagen iepen gean en seach mei eigen eagen de prosesje mei Theresia de Karmel yngean. Har reliken wurde yn twa kistjes bewarre ûnder de skryn yn de kapel.
Theresia woe "it evangeelje ferkundigje yn de fiif dielen fan 'e wrâld en sels op de meast efterôf lizzende eilannen". Dy winsk waard ferfolle want har reliken reizgje yn relykhâlders regelmjittich de wrâld oer nei alle úthoeken fan 'e wrâld.
Wurk
Theresia fan Lisieux skreu brieven, gedichten, hymnes en toanielstikken. Mar hja is it meast bekend fan "Histoire d'une âme". By de dea fan Theresia stelde Mem Agnès ferskillende autobiografiën fan har ta beskikking, dy't de "Manuskripten A, B en C" neamd waarden.
- It manuskript A is yn 1895 skreaun op fersyk fan Mem Agnès. Yn de winter fan 1894 frege de suster fan Theresia, dy't doe kleastermem fan de Karmel wie, om har jongerein te beskriuwen. Theresia kocht ein jannewaris in lyts skrift en sette dêr mei útein. De toan is fleurich en mei humor, der is gjin fêststeand plan oanwêzich. Hja skriuwt net it ferhaal op fan har libben, mar it "ferhaal fan har siel", dat hja it "Maaitiidsferhaal fan in Wyt Blomke" neamt. Letter lêst hja it ferskillende kearen op 'e nij en dat helpt Theresia om de betsjutting te begripen fan wat hja meimakke hat. It waarden lang om let seis notysjeboekjes, dy't hja folskreau, oant hja se op 20 jannewaris 1896 oan de kleastermem oerdroech.
- Manuskript B bestiet is in sameling brieven oan de meter fan Theresia, har suster Marie. Yn septimber 1896, doe't Theresia op de hichte wie fan de earnst fan har sykte en har leauwen in krisis trochmakke, gyng hja lykas alle jierren op retraite. Hja brûkte de tiid fan stilte en meditaasje om brieven te skriuwen, dy't hja streekrjocht oan Jezus adresearret. Hja beskriuwt dat hja noch mar in pear moanne libje sil, mar fral de genede dy't hja yn septimber 1896 krige: de grutte ûndekking dat de leafde har ropping wie. Nei't Marie har frege hie in útlis te skriuwen oer de "lytse lear", oerlanget Theresia de brieven dy't it "Hânfêst fan de lytse wei fan de bernetiid" foarmje.
- Manuskript C is skrean op fersyk fan Mem Marie de Gonzague, mar it wie feitlik Mem Agnès dy't yn it besef dat har suske gaueftich komt te ferstjerren de kleastermem oanfjurret om de rest fan it ferhaal fan Theresia te krijgen. It waard yn in lyts notysjeboekje mei in swarte omslach dêr't de pasjint har oantinkens yn skriuwt: Om myn leventsje te beskriuwen, dêr brek ik myn holle net oer. It is as ik oan it fiskjen bin: ik skriuw op wat der op it ein komt." Hja beskriuwt de geneden dy't hja yn har libben krige, de spirituele iepenbierings yn har libben, yn it bysûnder de "lytse wei". Begjin july slagget it har troch in sterker wurdende koarts net mear om de pen fêst te hâlden. Hja besiket it noch mei in lyts poatlead oant hja ein augustus it skriuwen yn it notysjeboekje opjaan moat.
Flak foar har dea wist Theresia dat har skriuwen ferspraat wurde soe, yn alle gefallen nei de Karmels yn de foarm fam in sirkulêres. Har suster Pauline hie yn july 1897 al útsteld om it wurk út te jaan en Theresia betroude har yn't foar al de taak ta om neffens eigen ynsicht ferbetterings oan te bringen.
Sûnder tiid te ferliezen gyng Mem Agnès fuort nei de dea fan Theresia oan de slach. Hja foege de trije manuskripten tegearre en ferdielde de tekst yn haadstikken. Op 30 septimber 1898, in jier nei de dea fan Theresia, ferskynt it 475 siden tellende "Histoire d'une âme" yn in oplage fan 2.000 eksemplaren. Isidore Guérin makke de publikaasje finansjeel mooglik en biskop Huhonin ferliende de imprimatur. It boek waard nei alle Karmels en in tal tsjerklike persoanen stjoerd. Al gau waarden nije útjeften publisearre, folge troch in oersetting yn it Ingelsk (The Little Flower of Jesus) yn 1901 en oare talen. De karmeliten fan Lisieux en Mem Agnès stiene fersteld fan it súkses fan it boek. Tsientûzenen minsken wiene rekke troch de wurden fan Theresia.
"Histoire d'une âme" waard yn de rin fan de tiid oerset yn teminsten 40 ferskillende talen. Meiïnoar binne der sa'n 500 miljoen eksimplaren fan ferkocht.
Ikonografy
Sint-Theresia wurdt altiten ôf- en útbylde as in non yn it habyt fan de karmelitessen. Hja draach yn har earmen in krusifiks
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Thérèse de Lisieux
|