Theo Sontrop
skriuwer
Germaine Greer & Theo Sontrop (1972)
Germaine Greer & Theo Sontrop (1972)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTheodorus Alexander Leonardus Maria Sontrop
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne2 maaie 1931
berteplakHaarlim
stoarn3 septimber 2017
stjerplakFlylân
wurk
taalNederlânsk
útjouwerJ.M. Meulenhoff, De Arbeiderspers
offisjele webside
Profyl Sontrop yn de DBNL

Theodorus Alexander Leonardus Maria ("Theo") Sontrop (Haarlim, 2 maaie 1931Flylân, 3 septimber 2017) wie in Nederlânsk dichter, letterkundige en útjouwer.[1]

Wurkpaad

Sontrop studearre oan de Ryksuniversiteit Utert, mar wie fan 1 desimber 1956 oant 19 jannewaris 1959 ek redakteur fan it oan de Universiteit fan Amsterdam ferbûne studintewykblêd Propria Cures. Hy arbeide op mei redakteuren lykas Piet Borst, Hugo Brandt Corstius, Joop Goudsblom, Renate Rubinstein en Aad Nuis.

Letter waard Sontrop learaar en wie er belutsen by útjouwerij J.M. Meulenhoff. Fan 1972 oant 1991 wied er direkteur fan útjouwerij De Arbeiderspers. Yn dy jierren makken Theo Sontrop en haadredakteur Martin Ros De Arbeiderspers fan in sosjaaldemokratyske, op it gruttte publyk oriïntearre útjouwerij, ta ien fan de literêr toanoanjaannde útjouwerijen fan Nederlân, mei in breed fûns fan Nederlânske, Flaamske en ynternasjonale (fertaalde) auteurs. Under syn direkteurskip waard de rige Privé-domein in begryp. Hy helle ônder oaren Geerten Meijsing en F.B. Hotz nei De Arbeiderspers. Sontrop waard as direkteur opfolge troch Ronald Dietz.

Theo Sontrop hie yn de jierren tachtich in kollumn yn it satiryske VPRO-radioprogramma Borát. Sontrop ferhuze yn 1991 fan Amsterdam nei Flylân.

Oars wat

Theo Sontrop figuerearret yn 'Jagtlust' (1998) fan Annejet van der Zijl, dêr't de rûnte om Fritzi Harmsen van Beek hinne yn beskreaun wurdt.

Bibliografy

  • Langzaam kromgroeien (1962)
  • Marmerkijker (1971)
  • Het alfabet (1975)
  • Galante momenten (1994) Dit objekt hat tsien kwatrinen fan Sontrop en tsien etsen fan Janneke Viegers. Ferskynde yn Amsterdam by Rob Cox. Oplage fan 45 nûmere en ûndertekene eksemplaren.
  • Gedichten 1962-1996 (1996)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-uitgever Theo Sontrop overleden, NOS.nl, 3 septimber 2017.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.