Themaheerdt | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Provinsje | Grinslân | |
plak | Piterbuorren | |
adres | Oudedijk 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kop-hals-romppleats | |
subtype | Fillapleats | |
boujier | 1925 | |
arsjitekt | Piet de Vries | |
boustyl | Amsterdamske Skoalle | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 509448 |
De Themaheerdt is in monumintale pleats oan de Oudedijk yn Pieterburen yn Grinslân.
De Themaheerdt is in fillapleats fan it kop-hals-romptype. De pleats is boud yn 1925 troch de Ljouwerter arsjitekt Piet de Vries. Hy ûntwurp de pleats yn de trant fan de Amsterdamske Skoalle. Tekenjend foar it wenhûs is it brûken fan bakstien, de geometryske patroanen en de symmetry derfan.
Yn it ynterieur binne in soad Art decomotiven ferwurke. De pleats is in erkend ryksmonumint, as in foarbyld fan it betide wurk fan arsjitekt De Vries en fanwegen de gevens, de ekspressive foarmjouwing, de karakteristike lizzing en as foarbyld fan de wolfeart fan de boerestân yn de perioade dêr't dizze pleats yn boud waard.
Al foar de bou fan dizze pleats wie der sprake op dat plak fan in Themaheerdt, dêr't ûnder oaren Klaas Klaassen Thema, dy't yn 1819 ferstoar, en syn skoansoan Pieter Jannes Torringa buorken.
- It foarhûs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |