The Unforgiven III | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Metallica | |
album | Death Magnetic | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 12 septimber 2008 | |
opnommen | 14 maart 2007-22 maaie, 2008 | |
doer | 7:46 | |
label | Warner Bros. | |
skriuwer | James Hetfield, Lars Ulrich, Kirk Hammett, Robert Trujillo | |
produsint | Rick Rubin |
The Unforgiven III is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 2008 en útbrocht op it njoggende album Death Magnetic fan Metallica út 2008. The Unforgiven III is it sande nûmer op it album.
Oer it nûmer
It is de twadde opfolger fan it nûmer The Unforgiven, dat yn 1991 op it album Metallica ferskynde. De foargonger, The Unforgiven II, kaam yn 1997 út op it album Reload. The Unforgiven III hat deselde struktuer as de earste The Unfoviven út 1991, mei in krêftich kûplet en in rêstich refrein, dêr 't it twadde diel krekt de omkearde struktuer hie. It nûmer mist de teksten What I've felt, what I've known en Never free, never me, dy 't al foarkamen yn de earste twa dielen. Yn tsjinstelling tot de eardere twa dielen fan The Unvorgiven, is The Unforgiven III nea as single útbrocht en der is ek gjin offisjele fideoclip by makke.
Muzikanten
- James Hetfield – Sang & Gitaar
- Kirk Hammett – Gitaar
- Lars Ulrich – Drums
- Robert Trujillo - Bas