De Tiidmasine | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Time Machine | |
auteur | H.G. Wells | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1895, Londen | |
oarspr. útjwr. | Heinemann | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Tiidmasine | |
publikaasje | 2013, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Geart fan der Mear | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 45 688 |
De Tiidmasine, yn it oarspronklike Ingelsk: The Time Machine, is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer, essayist, senarioskriuwer, biolooch, etikus en histoarikus H.G. Wells (1866-1946). Dit wurk, dat in ier foarbyld is fan it stjerrende-ierdesubsjenre, wurdt yn 'e regel ferantwurdlik holden foar it popularisearjen fan it begryp tiidreizgjen, troch in fehikel of apparaat te brûken dat de betsjinner tastiet en spring fan it hjoed nei in yn 't foar sekuer bepaald tiidstip yn it ferline of de takomst. De term "tiidmasine" is in optinksel fan Wells, dat no algemien brûkt wurdt foar sa'n fehikel of apparaat.
Wells hie mei The Time Machine grut súkses, en it ferhaal is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, wêrûnder harkspullen, tillefyzje en strips. Der is fierders twa kear in (sterk oanpaste) Hollywood-ferfilming fan makke, The Time Machine út 1960, fan regisseur George Pal, en The Time Machine út 2002, troch Wells syn oerpakesizzer Simon Wells. Teffens hat it boek in boarne fan ynspiraasje foarme foar withoefolle lettere science fiction-skriuwers. The Time Machine wie Wells syn earste langere wurk (foartiid hied er inkeld koarte ferhalen en essay's skreaun), en waard foar it earst útjûn yn 1895. It is skreaun yn it ik-perspektyf. De Fryske fertaling, fan oersetter Geart fan der Mear, kaam út yn 2013.
Ynhâld
De haadpersoan fan De Tiidmasine is in Ingelsk wittenskipper en útfiner dy't te Richmond wennet, yn it greefskip Surrey, en ienfâldichwei oantsjut wurdt as "de Tiidreizger". Der is in ramtferhaal wêrfan't de ferteller kunde hat oan 'e Tiidreizger. Hy fertelt hoe't er it foar de moade hie om ienris yn 'e wike mei in stikmannich oare freonen by de man gear te kommen om mei-inoar it jûnsmiel te brûken, en hoe't de Tiidreizger dêrby op in kear syn teory út 'e doeken die dat de tiid inkeld in fjirde diminsje is, dêr't men trochhinne reizgje kin. Hy fertelde dy jûns fierders dat er in masine boud hie om dat ek wier-wier te dwaan. In wike letter, doe't se allegear wer gearkommen wiene, hold de Tiidreizger út dat er ûnderwilens yndie in reis troch de tiid hinne makke hie, en sette er útein mei it fertellen fan wat er dêrby allegear belibbe hie. Op dat punt begjint it echte ferhaal, en wurdt de Tiidreizger de ferteller.
Om syn masine te testen, reizget de Tiidreizger dermei nei it jier 802.701 n.Kr., dêr't er de Eloi moetet, in folk fan behindich stal, mar tige elegant en op geastlik mêd suver mear bern as folwoeksenen. Hja libje yn lytse mienskippen yn grutte en futuristyske, mar stadichoan fierder yn ferfal reitsjende gebouwen. Se sette alhiel neat út 'e wei en ite inkeld fruchten. De Tiidreizger besiket mei harren te kommunisearjen, mar dat slagget him mar kwealk, mei't de Eloi hoegenamt gjin nijsgjirrigens toane en samar ôflaat binne. De Tiidreizger tinkt dat er mei in freedsume kommunistyske maatskippij fan dwaan hat, dy't fuortkommen is út 'e oerwinning fan 'e minske mei syn technology op 'e natoer. Dêrnei, sa teorisearret er, moat de minske evoluëarre wêze om te oerlibjen yn syn nije om-en-by, dêr't er gjin krêft of yntellekt mear foar nedich is. Mei't harren wengebiet har gjin útdagings biedt, hawwe de Eloi fierders ek harren piid en lichaamlike fitheid ferlern. As er lykwols nei it plak weromkeard dêr't er yn dizze tiid arrivearre wie, blykt syn tiidmasine poater te wêzen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Einlings kriget er foar it ferstân dat it apparaat troch ûnbekenden nei in tichtby gebou ta sleept is, dat derút sjocht as in sfinks, en wêrfan't de doarren fan binnenút beskoattele binne. Letter, as it tsjuster wurden is, wurdt er op in bedriigjende wize benei kommen troch de Morloks, sterke minskaapeftige ljochtskouwe grotbewenners, dy't inkeld nachts boppe de grûn komme. Mei't de Tiidreizger oannimt dat dit de lju binne dy't syn tiidmasine stellen hawwe, weaget er him yn harren ûndergrûnske wenten. Dêr ûntdekt er de masinery en yndustry dy't it boppegrûnske paradys draaiende hâlde. Hy past dan syn teory oan, en spekulearret dat it minsklik ras evoluëarre is ta twa ûnderskate soarten: de linze hegerein is ta de nutteleaze Eloi wurden, wylst de ûnderdrukte arbeidersklasse útgroeid is ta de meunstereftige Morloks. As er foar it ferstân kriget dat de Morloks de Eloi opite, stelt er syn teory by: harren relaasje is net dy fan masters en feinten, mar dy fan boeren en slachtfee.
Underwilens hat de Tiidreizger in Eloi fan 'e drinkeldea rêden doe't net ien fan har folk belangstelling foar har need toande. Har namme is Weena, en yn in perioade fan ferskate dagen ûntwikkelje se in ûnskuldige, waarme freonskip. De Tiidreizger nimt Weena mei op ûntdekkingstocht nei in fier gebou, dat de ruïne fan in museum blykt te wêzen. Dêr fynt er in foarried lúsjefers, en makket er in primityf soarte fan wapen, mei't er oannimt dat er de Morloks om syn tiidmasine befjochtsje moatte sil. Hy is fan doel en nim Weena mei werom nei syn eigen tiid, mar as hja benachte reitsje yn in bosk, wurde hja dêr yn it tsjuster troch de Morloks oanfallen. De Tiidreizger kin ûntkomme as er mei syn lúsjefers by fersin in boskbrân feroarsaket, mar Weena en de Morloks komme blykber yn 'e flammen om.
Neitiid besykje de Morloks de tiidmasine te brûken as lokies om 'e Tiidreizger te fangen, mei't se net begripe dat er it apparaat brûke sil om te ûntkommen. Hy ûntsnapt en reizget fierder foarút yn 'e tiid, nei likernôch 30 miljoen jier n.Kr. Dêr sjocht er guon fan 'e lêste libbene dingen op in stjerrende ierde: gefaarlik oandwaande reade krabbe-eftige wêzens dy't stadich oer bloedreade strannen doarmje en jacht meitsje op flinters yn in wrâld dy't oerdutsen is mei ienfâldige moassige floara. Hy hâldt oan mei lytse spronkjes fierder de takomst yn te meitsjen, wêrby't er gewaar wurdt hoe't de draaiïng fan 'e ierde stadichoan stilfalt en hoe't de sinne almar grutter, reader en dizeniger wurdt, wylst de wrâld ferwurdt ta in dea plak mei't de lêste ferbastere wêzens útstjerre yn 'e oanboazjende kjeld.
Alhiel oerémis keart er werom nei syn laboaratoarium, dêr't er trije oeren letter arrivearret as dat er oarspronklik ôfset wie. Dy wyks fertelt er syn ûnleauwige freonen oer syn aventoeren, wêrby't er as bewiismateriaal in pear frjemdsoartige blommen foar 't ljocht hellet dy't Weena him yn 'e bûse treaun hie. Dan nimt de oarspronklike ferteller it ferhaal wer oer, om it boek ôf te sluten mei te sizzen dat er de oare deis weromkearde nei it hûs fan 'e Tiidreizger, dy't er doe oantrof by it meitsjen fan risselwaasjes foar in nije reis troch de tiid. De Tiidreizger ûnthiet him dat er mei in healoere werom wêze soe, en sette ôf. Mar no binne der trije jier foarbygien sûnder taal of teken fan 'e man, en hat de ferteller de hope opjûn dat er him ea noch weromsjen sil.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan The Time Machine ferskynde yn 2013 ûnder de titel De Tiidmasine, yn in fertaling fan 'e hân fan Geart fan der Mear, dy't earder û.m. Tess of the d'Urbervilles, fan Thomas Hardy, en Idylls of the King, fan Alfred Lord Tennyson, oersette. De Tiidmasine waard útjûn troch Utjouwerij Elikser te Ljouwert, dy't him suver liket te spesjalisearjen yn fertalings nei it Frysk, mei in kreas omslachûntwerp makke troch Evelien Veenstra.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |