The Spectacular Now
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJames Ponsoldt
produsintTom McNulty
Shawn Levy
Michelle Krumm
Andrew Lauren
senarioScott Neustadter
Michael H. Weber
basearre opde roman fan Tim Tharp
kamerarezjyJess Hall
muzykRob Simonsen
filmstudioAndrew Lauren Productions
21 Laps Entertainment
Global Produce
distribúsjeA24
spilers
haadrollenMiles Teller
Shailene Woodley
byrollenBrie Larson
Jennifer Jason Leigh
Kyle Chandler
Mary Elizabeth Winstead
Kaitlyn Dever
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre2 augustus 2013
foarmlangspylfilm
sjenreromantyske jeugddramafilm
taalIngelsk
spyltiid95 minuten
budget en resultaten
budget$2,5 miljoen
opbringst$6,9 miljoen

The Spectacular Now is in Amerikaanske romantyske jeugddramafilm út 2013 ûnder rezjy fan James Ponsoldt, mei yn 'e haadrollen Miles Teller en Shailene Woodley. De titel betsjut "It Spektakulêre No". It ferhaal giet oer Sutter Keely, in learling oan 'e middelbere skoalle dy't fan miening is dat men yn it momint libje moat. Hy makket fan it libben in feest, mar rekket ûnderwilens ferslave oan alkohol. Hy liket der hurd oan te wurkjen om himsels nei de fernieling te helpen. Alles feroaret as er in relaasje kriget mei de stille en yntelliginte Aimee, dy't grutte dreamen foar de takomst hat en yn alles Sutter syn tsjinpoal liket te wêzen. The Spectacular Now waard as ûnôfhinklike film foar it earste fertoand op it Sundance Filmfestival fan 2013 en krige fan 'e filmkritisy tige positive resinsjes. De film wûn fierders ferskate prizen, en groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

Plot

Sutter Keely is in achttjinjierrige learling oan 'e middelbere skoalle yn in lytse stêd earne yn 'e Feriene Steaten, dy't fan miening is dat je yn it momint libje moatte. Hy sit yn it eksamenjier fan syn skoalle, mar hâldt him benammen dwaande mei feestfieren. Hy drinkt al jierren alkohol, net inkeld bier, mar ek in protte sterke drank, hoewol't dat yn 'e Feriene Steaten ferbean is foar lju ûnder de 21 jier. Tsjintwurdich kin er eins net mear funksjonearje sûnder alkohol, dat hy hat altyd in heupfleske sterke drank by him om frisdrinken mei fuort te sterkjen. Syn besykjen om syn maat Ricky oan 'e faam te helpen, rint der troch omstannichheden op út dat syn eigen faam Cassidy Roy de ferkearing mei him útmakket.

As Sutter letter thúskomt, besiket er in oanfraach foar in universiteit yn te foljen dêr't him frege wurdt in essay te skriuwen oer it grutste probleem yn syn libben, hoe't er dat oerwûn hat en wat er dêrfan leard hat. Hy skriuwt dat syn grutste probleem is dat er troch Cassidy dumpt is en dat er dat oerwûn hat troch himsels net ta stean dat er dêr depressyf fan wurdt. Dy jûns giet er nei in feest, rekket dronken en kriget yn 'e auto ûnderweis nei hûs in blackout.

De oare moarns ier wurdt Sutter wekker makke troch Aimee Finecky, in famke út syn klasse dat er amper ken. Sy docht (yn 'e auto) de krantewyk fan har mem (dy't de foargeande jûns ek te djip yn it gleske sjoen hat) en hat Sutter earne yn in foartún bewusteleas oantroffen. Sutter bepraat har om him meiride te litten, om't sy dochs de hiele buert troch moat, en hy gjin idee hat wêr't er syn eigen auto litten hat. Under de rit reitsje se oan 'e praat, en Sutter beseft dat er Aimee bêst lije mei. Se prate ôf om op moandei yn 'e skoalkantine tegearre te iten.

Dy deis is Sutter te let om't er neibliuwe moast by menear Aster, de mjitkundelearaar, mei't er syn húswurk wer ris net dien hie. Hy freget Aimee, dy't op skoalle yn alle fakken goed meikomme kin, om him byles yn mjitkunde te jaan. Hy makket net allinne har en syn maten, mar ek himsels wiis dat it him inkeld om in heger sifer te dwaan is (en net om't er gewoan mei har omgean wol). De earste kear dat er byles fan Aimee kriget, komt Sutter mear oer har oan 'e weet. Se wennet by har jongere broer en har mem, is yntelligint en grappich en hâldt fan science fiction en manga's. Hy freget har om 'e oare deis mei him nei in feest te gean. As er thús komt, chat er mei Cassidy, dy't de oare deis nei itselde feest giet.

As er mei Aimee op dat feest oankomt, stelt er Aimee oan in pear jonges foar en lit har dan oan har lot oer om Cassidy op te sykjen. Dy blykt lykwols op it feest te wêzen mei Marcus West, de swarte Amerikaansk fuotbalstjer fan 'e middelbere skoalle. Sutter keart werom by Aimee, dy't syn ôfwêzigens net iens opmurken hat, noch de seksuele belangstelling dy't de jonges dêr't se mei praat foar har hawwe. Sutter dwerseidet de jonges troch har te freegjen in eintsje mei him te kuierjen. Wylst se rinne, bekent Aimee dat se noch nea dronken west hat of in feint hân hat. Ek fertelt se dat se talitten is oan in universiteit yn Philadelphia, mar dat se dêr net hinne kin om't har mem har thús hâlde wol. Sutter jout har te drinken út syn heupfleske, fiteret har oan om har mem it mannewaar op te sizzen en tutet har.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns wurdt Sutter wekker mei in flinke kater en beseft er dat er Aimee de foargeande jûns yn dronken steat frege hat om mei him nei it lêstejiers dûnsfeest (prom) fan harren skoalle te gean. Syn maat Ricky trunet him oan om wat der dan ek tusken him en Aimee bestiet, ôf te brekken foar't er har fereale op him makket en har hert brekt. Sutter moat tajaan dat dat it ferstandichste is om te dwaan, mar hy is net ree om Aimee nea wer te sjen, hoewol't er likemin wis is oft er wol mei har nei it dûnsfeest wol. Syn oplossing foar syn betizing is om Aimee te ûntwiken en Cassidy by har thús op te sykjen. Se wurde tegearre dronken yn har keamer, mar Cassidy is ien dy't der dingen útblaft as se dronken is, dy't se oars stilholden hie, en se fertelt him wylst har de triennen oer de wangen rôlje dat se gjin takomst mei him sjocht. Hy wol inkeld feestfiere, wylst sy fierder foarúttinkt en in bestean nei de middelbere skoalle opbouwe wol. It einiget dermei dat se him freget om fuort te gean.

De oare deis op skoalle wurdt Sutter it leksum lêzen troch Crystal, de bêste freondinne fan Aimee, dy't him ferwyt dat er har ûntrint en him warskôget dat er net mei har omboartsje moat. Sutter wie hielendal net fan doel om Aimee dy deis op te sykjen, mar de wurden fan Crystal litte him net los, dat as er dy jûns ûnderweis is nei in itentsje mei syn âldere suster Holly, fan wa't er alhiel ferfrjemde is, keart er yn in ympuls de auto en riidt nei Aimee har hûs om har te freegjen en gean mei. Op it itentsje fertelt Aimee frijmoedich oer it ferstjerren fan har heit, dy't ferslave wie oan pinestillers en op in stuit in oerdoazis nommen hat, en oer har takomstdream om op in ranch mei hynders te wenjen en by de NASA te wurkjen wylst se in perfekt houlik hat mei in man dy't har op alle mêden oanfollet. Sutter hie fan beide dingen gjin flau idee, en syn belangstelling foar Aimee nimt sterk ta, hoewol't dúdlik is dat se yn hast alles syn folsleine tsjinpoal is.

De relaasje fan Sutter en Aimee wurdt dan serieuzer, en nei ferrin fan tiid geane se foar it earst mei-inoar op bêd. Neitiid fertelt Sutter dat syn heit Tommy der troch syn mem útsmiten is doe't hysels noch in lyts jonkje wie, en dat syn mem him net fertelle wol wêr't er no is. Aimee praat dan mei him ôf dat se har mem fertelle sil dat se hoe dan ek nei Philadelphia ta giet te studearjen as Sutter fan syn mem de kontaktgegevens fan syn heit opeasket.

Op 'e jûn fan it lêstejiers dûnsfeest jout Sutter Aimee har eigen heupfleske, dêr't er in boadskip foar har yn gravearje litten hat, sadat se neitiid tegearre drinke kinne. Nei it feest fertelt Aimee dat se tsjin har mem sein hat dat se nei Philadelphia giet en dat har mem har dêr, úteinlik, by dellein hat. Se hat in âldere suster yn Philadelphia te wenjen, dy't tasein hat om har te helpen by it finen fan in appartemintsje en in bybaan. Se freget Sutter om mei te gean, sadat se gearwenje kinne, en hy stimt dêr wifeljend mei yn. Ek stiet se der by him op oan om no syn diel fan 'e ôfspraak nei te kommen en de konfrontaasje mei syn mem oan te gean oer syn heit. Sutter docht dat, mar syn mem wegeret him de kontaktgegevens te jaan, en it petear rint út op in slimme rûzje. Neitiid beklaget Sutter him oer syn mem by syn suster Holly en freget har om ris mei harren mem te praten. Sy fertelt him lykwols dat se de kontaktgegevens sels wol hat, en tsjin betterwitten yn jout se dy oan him troch.

Sutter skillet syn heit Tommy op en makket in ôfspraak om him te moetsjen en tegearre nei in honkbalwedstryd te gean. As er op 'e ôfsprutsen dei mei Aimee nei in rit fan trije oeren by syn heite keamer yn in snústerich motel arrivearret, liket Tommy him folslein fergetten te wêzen. Hy is dúdlik oansketten en hy nimt harren ynstee fan nei in honkbalwedstryd mei nei in pleatslike kroech. Dêr fertelt er Sutter dat er út eigen beweging by syn gesin weigien is, krekt sa't Sutter syn mem altyd sein hat, mar eat dat Sutter altyd foar in leagen holden hat. Healwei de jûn fersiert Tommy in frou, lit Sutter mei de rekken foar it bier sitte en knypt der tuskenút mei it ûnthjit dat er Sutter en Aimee mei in oere by syn motel wer sjen sil. Dêr komt er lykwol net opdaagjen, en as Sutter en Aimee wer nei de kroech ride, sjogge se him dêr mei syn maten sitten te drinken. Sutter sjocht syn held ûntsjinkearber fan it fuotstik fallen en set mei in brutsen hert ôf nei hûs.

Underweis besiket Aimee him te treastgjen en seit dat se fan him hâldt. Sutter is lykwols lulk en oansketten en falt nei har út. Nei't er troch de ôflieding fan harren rûzje op in hier nei in frontale botsing mei in tsjinlizzer feroarsaket, set er de auto stil. Hy fertelt Aimee oprjocht dat er in minne ynfloed op har is en riedt har mei ynmoed oan om by him út 'e buert te bliuwen. Dat liedt ta in nije rûzje, wêrby't er op in stuit de gûlende Aimee út 'e auto set. Ta syn ûntsteltenis wurdt se frijwol fuortendaliks skept troch in foarbyridende auto. Lokkigernôch komt se der mei in brutsen earm en wat blauwe plakken fan ôf, mar yn it sikehûs wurdt Sutter syn mem Sara derby helle, dy't him de mantel útfeecht om't er mei drank op efter it stjoer siet.

Aimee ferjout Sutter foar de hiele brot. In skoftke letter fynt de eksamenútrikking op harren skoalle plak. Dat Sutter slagge is, hat er te tankjen oan 'e bylessen mjitkunde fan Aimee. Op 'e útrikkingsseremoanje biedt se him drank út har heupfleske oan, mar foar it earst sûnt minskewitten slacht er it ôf. Wylst Aimee mei Crystal praat, komt Cassidy by Sutter om ôfskie te nimmen. Se fertelt him dat se tsjintwurdich besiket om besluten te nimmen dy't goed foar har binne, dat se hat besletten om mei Marcus West nei Kalifornje te gean, ek al hâldt se net fan him sa't se fan Sutter hold. Letter ropt Dan, de eigner fan in manljuskleansaak dêr't Sutter al jierren in bybaantsje hat, him by him om him te fertellen dat de saken de lêste tiid net goed geane. Hy moat dêrom ien fan syn meiwurkers ûntslaan. Om't er Sutter suver as syn soan beskôget, wol er graach dat dy by him bliuwt te wurkjen, mar dat kin allinnich as er him ûnthjit dat er nea wer dronken of oansketten op it wurk ferskine sil. Sutter fertelt Dan earlik dat er sa'n ûnthjit net sûnder ligen meitsje kin en kriget dien.

As Aimee op 'e bus nei Philadelphia wachtet en neat heard hat fan Sutter, besiket se him wanhopich tillefoanysk te berikken. Sutter nimt lykwols net op en riidt sûnder dat se it sjocht by de bushalte lâns. Mei in brutsen hert moat se úteinlik ynstappe as se mei wol. Sutter belânet dy jûns yn in kroech dêr't er him bedrinkt mei in âldere sûplap dy't de gek mei him hat sûnder dat er it merkt. As er stomdronken nei hûs riidt en syn auto boppe-op 'e brievebus parkearret, folget in nije rûzje mei syn mem. Nei't se wat kalmearre is, seit se dat se neitocht hat oer wat er okkerdeis sei oer dat er syn heit moetsje woe. Se is ta de konklúzje kommen dat se him dat net ûnthâlde kin, al hoe'n min idee oft se ik ek fynt, dat se wol him syn heite kontaktgegevens jaan. Sutter fertelt har dat er syn heit al met hat en hoe'n ellindige ûnderfining oft dat wie. It is him no dúdlik dat er folle mear nei syn heit útskaait as nei syn mem, mei't de moeting krekt wie as seach er yn 'e spegel. Syn mem ûntstriidt dat yn alle toanaarden. Neffens har is syn heit in aaklike ikman dy't yn syn libben noch nea oan in oar tocht hat. Sutter, lykwols, is altyd mear mei oaren as mei himsels dwaande, en se begjint foarbylden út syn ferline op te heljen om dat te bewizen. Sutter brekt en gûlt út yn syn memme earms.

Neitiid makket er de balâns fan syn libben op en skriuwt in nij essay foar syn universiteitsoanfraach. Dêryn bychtet er op dat it grutste probleem yn syn libben hysels is. It hommelse ferdwinen fan syn heit út syn libben, sa beseft er no, hat derta laat dat er him neitiid foar eltsenien ôfsletten hat, ek foar himsels. Ien fan syn ferdigeningsstrategyen wie om him op 'e lju om him hinne te konsintrearjen, sadat it nea oer himsels gean soe. In oarenien wie om inkeld yn it no te libjen en net nei te tinken oer it ferline of yn te sitten oer de takomst. Hy sjocht no yn dat dy wize fan libjen him streekrjocht nei in plak ta bringe sil dêr't er net hinne wol en nimt him foar om syn libben te feroarjen troch de muorren dy't er om him hinne boud hat, te sljochtsjen. Hy beslút mei de opmerking dat it wierskynlik te let is om 'e universiteitsoanfraach, dêr't it essay ta heart, noch yn behanneling te nimmen, mar dat it noch net te let is foar himsels. Hy riidt nei Philadelphia en wachtet Aimee op as se út kolleezje komt. Se meitsje eachkontakt. Aimee liket ûnwis mar foarsichtich bliid om him te sjen.

Rolferdieling

Miles Teller.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sutter Keely Miles Teller
Aimee Finecky Shailene Woodley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Cassidy Roy Brie Larson
Sara Keely Jennifer Jason Lee
Tommy Keely Kyle Chandler
Holly Keely Mary Elizabeth Winstead
Krystal Kaitlyn Dever
Ricky Masam Holden
Marcus West Dayo Okeniyi
menear Aster Andre Royo
Dan Bob Odenkirk
Joe Gary Weeks
frou Finecky Whitney Goin
Tara Nicci Faires

Produksje en distribúsje

Produksje

The Spectacular Now waard regissearre troch James Ponsoldt nei in senario fan Scott Neustadter en Michael H. Weber, dat basearre wie op 'e roman The Spectacular Now fan Tim Tharp út 2008. It wie in ûnôfhinklike film dy't produsearre waard troch Tom McNulty, Shawn Levy, Michelle Krumm en Andrew Lauren foar de studio's Andrew Lauren Productions, 21 Laps Entertainment en Global Produce.

Der wie in budget fan $2,5 miljoen beskikber, wat it nei Amerikaanske mjitstêven ta in lowbudgetproduksje makke. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jess Hall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rob Simonsen. De opnamen foar The Spectacular Now setten yn july 2012 útein en duorren in foege moanne. Hoewol't de roman yn Oklahoma spilet, woe regisseur Ponsoldt de film meitsje yn Athens, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't er sels opgroeid wie. Hy filme yn 'e strjitten en huzen dy't er koe út syn bernetiid.

Distribúsje

De distribúsje fan The Spectacular Now waard fersoarge troch A24. De film waard foar it earst fertoand op 18 jannewaris 2013 op it Sundance Filmfestival yn Utah. Hy iepene op 2 augustus 2013 yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige The Spectacular Now oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech de foaroansteande kritikus Roger Ebert de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Wat in oangripende film is dit." Dêr heakke er oan ta: "Hy [de film] respektearret syn personaazjes en brûkt harren net foar syn eigen minne doelen." En: "[De personaazjes] binne net skeind troch irony. Se wurde net mei sa'n faasje werjûn dat se ta karikatueren ferwurde. Harren sekslibbens wurde net misledige troch sênes dêr't se goedkeap yn behannele wurde."

Ek Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech The Spectacular Now 4 fan 4 stjerren en neamde it "de bêste film fan it jier oant no ta." Yn The Hollywood Reporter neamde Todd McCarthy de film "in oprjocht, ferfrissend natuerlik ynsjoch yn it libben fan teenagers en harren hâldings foar de takomst oer […]". Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly omskreau The Spectacular Now as "ien fan 'e seldsume wierlik […] autentike jeugdfilms."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Spectacular Now in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 168 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[It] is in kundich makke, gefoelige film, dy't de karakteristike eleminten fan coming-of-ageferhalen út 'e wei giet." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Spectacular Now in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 42 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

The Spectacular Now brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $6,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $63.980. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $6,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2,5 miljoen betsjut dat in winst fan $4,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Spectacular Now in beskieden kommersjeel súkses.

Prizen

The Spectacular Now wûn yn 2013 ferskate prizen, te witten: de Spesjale Sjuerypriis foar Aktearjen fan it Sundance Filmfestival, de Jeugdsjuerypriis foar Bêste Lange Film fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle, en de priis foar bêste byrol fan in aktrise (foar Shailene Woodley) fan 'e San Diego Film Critics Society. By de Independent Spirit Awards waard Woodley fierders nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste aktrise, wylst Scott Neustadter en Michael H. Weber nominearre waarden yn 'e kategory bêste senario.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.