De Reade Pimpernel
algemiene gegevens
oarspr. titelThe Scarlet Pimpernel
auteurEmma baronesse Orczy
taalIngelsk
foarmroman
sjenrehistoaryske roman,
   aventoereroman
1e publikaasje1905, Londen
oarspr. útjwr.Hutchinson & Co.
oersetting nei it Frysk
Fryske titelDe Reade Pimpernel
publikaasje1953-1955, as fúljeton
oersetterGoasse Rinse Groustra

De Reade Pimpernel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Scarlet Pimpernel, is in aventoerlike histoaryske roman fan 'e hân fan 'e Hongaarsk-Britske skriuwster, toanielskriuwster, oersetster en keunstneresse Emma baronesse Orczy (1865-1947). It boek waard foar it earst publisearre yn 1905, en wie eins in adaptaasje fan Orczy har tige by tige súksesfolle toanielstik mei deselde namme. It ferhaal spilet ûnder it Skrikbewâld, fuort nei de Frânske Revolúsje, yn 1789. In Ingelsk aristokraat, sir Percy Blakeney, nimt it op him om ûnder de skûlnamme fan 'e "Reade Pimpernel" Frânske eallju te rêden fan in ûnfertsjinne dea ûnder de guillotine. It boek, dêr't Orczy neitiid noch mear as tsien minder súksesfolle ferfolgen op skreau, hat grutte ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer en de Westerske kultuer yn it algemien. De Fryske oersetting fan Goasse Rinse Groustra ferskynde tusken 1953 en 1955 yn fúljetonfoarm.

Ynhâld

De Reade Pimpernel spilet yn 1792, in pear jier nei de Frânske Revolúsje, as it Skrikbewâld yn folle gong is en de nije machthawwers yn Parys eltse dei wol in groep eallju terjochtstelle litte. Marguerite St. Just, in tsjeppe aktrise fan Frânsk komôf, is troud mei sir Percy Blakeney, in net oersnoade Ingelske baronet dy't der mar wat hinne libbet. Ear't se trouden, hie Marguerite har wrutsen op 'e markys fan St. Cyr (dy't har broer Armand tenei kommen wie om't dy mei syn dochter omsloech), mei as ûnbedoeld gefolch dat St. Cyr en syn soannen ûnder de guillotine kamen. Nei't Blakeney dat ûntdiek, rekken Marguerite en hy faninoar ferfrjemde, nammenste mear mei't Marguerite dochs al desyllúzjonearre rekke wie troch Blakeney syn dandy-eftige manear fan libjen.

Underwilens is in geheim genoatskip, de "Liga fan 'e Reade Pimpernel", besteande út in stik as tweintich Ingelske aristokraten, yn it geheim dwaande om harren Frânske stânsgenoaten Frankryk út te smokkeljen. Harren lieder, de Reade Pimpernel, wurdt sa neamd om't er syn boadskippen ûndertekenet mei in lyts read blomke. Hoewol't in elk it yn Londen oer him hat, witte inkeld syn folgelingen en mooglik de kroanprins wa't er wurklik is. Krekt as safolle oaren is Marguerite fassinearre troch de aventoeren fan 'e Reade Pimpernel en syn maten.

Op in bal komt Marguerite yn 'e kunde mei boarger Chauvelin, de gesant fan it nije Frânske rezjym yn Londen. Dy hat in brief fan har broer Armand ûnderskept, dy't noch yn Frankryk wennet, dêr't út blykt dat dy gedoente hat mei de Reade Pimpernel. Chauvelin sjantearret Marguerite no om him te helpen de Reade Pimpernel te pakken te krijen, yn ruil foar it libben fan har broer. Mei't se neat ferwachtet fan har liddichgonger fan in man, hâldt se dy bûten de saak. Ynstee bringt se oan Chauvelin ynformaasje út dy't him by steat steld om 'e wiere identiteit fan 'e Reade Pimpernel te efterheljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter dy jûn fertelt se har man einlings en te'n lêsten oer it gefaar dêr't har broer yn ferkeart. Blakeney ûnthjit har om him te rêden, en set ta har ferstuivering daliks ôf nei Frankryk. Pas nei syn ôfreis ûntdekt Marguerite ta har ôfgriis dat hý de Reade Pimpernel is. Se beslút dêrop sels ek nei Frankryk te reizgjen, om har man yn te heljen en foar te kommen dat er yn in mûklaach rinne sil. Ta dat doel hellet se syn freon (en lid fan 'e Liga fan 'e Reade Pimpernel) sir Andrew Ffoulkes oer om har te beselskipjen. Tij en waar spanne lykwols gear om sawol Marguerite-en-dy as Chauvelin foarearst yn Ingelân te hâlden.

As er úteinlik de oerstek makke hat, wurdt Chauvelin yn in rynkranke herberge yn Kalês benei kommen troch Blakeney. Nettsjinsteande al Chauvelin syn tariedings wit dy lykwols út 'e fâle te ûntkommen, foar in part om't de weard in fertrouling fan 'e Reade Pimpernel is, en foar in part om't er Chauvelin wat snúftabak oanbiedt dat gjin tabak mar piper blykt te wêzen, en wêrmei't de man himsels bûten gefjocht steld. Mei in stout stikje wit Blakeny boppedat sawol Armand as de greve fan Tournay, de heit fan in skoalkammeraatske fan Marguerite, lyk ûnder Chauvelin syn noas it lân út slûkjen. Marguerite sit har man it hiele ein efternei, wisberet om him te warskôgjen of oars om syn lot te dielen. Hoewol't Blakeney al troch Chauvelin pakt wurdt, hat er sa'n goede momkape oan dat dy him net wer ken, sadat er ûntsnappe kin.

Oan board fan in skip ûnderweis werom nei Ingelân docht bliken dat Blakeney en Marguerite net inkeld Armand en Fournay rêden hawwe, mar ek harren eigen houlik, dat troch de hiele affêre wer nij libben ynblazen is. Underwilens kriget sir Andrew Ffoulkes gedoente mei Fournay syn dochter Suzanne, mei wa't er letter trout.

Ferfolgen

Baronesse Orczy skreau noch alve ferfolchromans en twa ferhalebondels oer de Reade Pimpernel, dy't lykwols net ien fan allegear like populêr wiene as it oarspronklike boek. It measte súkses hie se noch mei it earste ferfolch, I Will Repay, út 1906. Hjirûnder in list fan 'e titels út 'e rige fan 'e de Reade Pimpernel, yn folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje, mei it jier fan útjefte derefter.

  • The Scarlet Pimpernel (1905; de oarspronklike roman)
  • Sir Percy Leads the Band (1936)
  • The League of the Scarlet Pimpernel (1919; ferhalebondel)
  • I Will Repay (1906)
  • The Elusive Pimpernel (1908)
  • Lord Tony's Wife (1917)
  • The Way of the Scarlet Pimpernel (1933)
  • Eldorado (1913)
  • Mam'zelle Guillotine (1940)
  • Sir Percy Hits Back (1927)
  • Adventures of the Scarlet Pimpernel (1929; ferhalebondel)
  • The Triumph of the Scarlet Pimpernel (1922)
  • A Child of the Revolution (1932)

Njonken direkte ferfolgen skreau baronesse Orczy ek in pear romans oer famyljeleden fan sir Percy Blakeney:

  • The Laughing Cavalier (1914; oer in foarfaar fan sir Percy Blakeney)
  • The First Sir Percy (1921; oer in foarfaar fan sir Percy Blakeney)
  • Pimpernel and Rosemary(1924; oer in neikommeling fan sir Percy Blakeney)
  • The Scarlet Pimpernel Looks at the World (1933; in beskriuwing fan 'e 1930-er jierren út it eachpunt fan sir Percy Blakeney wei)
Anagallis arvensis, de reade pimpernel.

Adaptaasjes

De Reade Pimpernel is gauris troch Hollywood op it wite doek brocht, al waard it ferhaal fan 'e eigentlike roman dêrby gauris fermongen mei de ferhalen út oare Reade Pimpernel-romans, fral dat fan Eldorado. De earste ferfilming datearret út 1917. De bekendste ferfilming is The Scarlet Pimpernel, út 1934, mei akteur Leslie Howard yn 'e haadrol. Njonken film is De Reade Pimpernel ek ferskate kearen adaptearre ta tillefyzje, toaniel en musikal.

Ynfloed

Sir Percy Blakeney, alias de Reade Pimpernel, wie de earste held mei in geheime identiteit, dy't dêrmei de skepping fan lettere soartgelikense helden, lykas Clark Kent (Superman), Bruce Wayne (Batman) en don Diego de la Vega (Zorro) ta ynspiraasje west hat.

Oan guon echte persoanen waard yn 'e tweintichste iuw ek wol de bynamme fan Reade Pimpernel of in ôflieding dêrfan jûn. De Tartanpimpernel wie dû. Donald Caskie, predikant fan 'e gemeente fan 'e Tsjerke fan Skotlân te Parys, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch mear as 2.000 Alliëarde fleanders holp om út beset Frankryk te ûntkommen. De Amerikaanske Pimpernel wie de klassisist en redakteur Varian Fry, dy't tûzenen lju dy't ferfolge waarden, wêrûnder benammen in protte "ûntaarde" en antyfaksistyske keunstners, holp om Vichy-Frankryk te ûntflechtsjen. De Reade Pimpernel fan it Fatikaan wie de Ierske preester Hugh O'Flaherty, dy't yn it lêst fan 'e oarloch tûzenen Alliëarde militêren en Joaden holp om fia it Fatikaan út beset Itaalje wei te kommen.

De Swarte Pimpernel wie de Sweedske diplomaat Harald Edelstam, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch stasjonearre wie yn Noarwegen, en hûnderten Noarske fersetsstriders holp om oan 'e Dútsers te ûntkommen. Doe't er yn 'e 1970-er jierren yn Sily stasjonearre wie, werhelle er dat sterke staaltsje nochris troch de withoefolle lju mei linkse politike opfettings te helpen om oan 'e faksistyske diktatuer fan Augusto Pinochet te ûntsnappen. De namme fan 'e Swarte Pimpernel waard ek wol brûkt foar Nelson Mandela, fanwegen dy syn striid tsjin it apartheidsrezjym yn Súd-Afrika. En it is bekend dat de Sweedske diplomaat Raoul Wallenberg yndirekt troch De Reade Pimpernel beynfloede waard doe't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch mear as 15.000 Hongaarske Joaden rêde fan 'e ferneatigingskampen troch se Sweedske paspoarten te jaan.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan The Scarlet Pimpernel ferskynde ûnder de titel De Reade Pimpernel fan 1953 oant 1955 as in fúljeton yn 'e tydskriften De Stim fan Fryslân en De Stiennen Man. De fertaling wie fan 'e hân fan Goasse Rinse Groustra (1917-1996).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Orczy, Emma baronesse, De Reade Pimpernel (oers. Goasse Rinse Groustra), yn: De Stim fan Fryslân, 1953-1955, ôfl. 1098-1172; en yn: De Stiennen Man, 1953-1955, ôfl. 1953 IX, 24 oant en mei 1955 XI, 19.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.