The Rundown
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurPeter Berg
produsintMarc Abraham
Bill Corless
Karen Glasser
Kevin Misher
senarioR.J. Stewart
James Vanderbilt
kamerarezjyTobias A. Schliessler
muzykHarry Gregson-Williams
filmstudioUniversal Pictures
Columbia Pictures
Strike Entertainment
WWE Studios
distribúsjeUniversal Pictures (Noard-Amearika)
Sony Pictures Releasing (ynternasj.)
spilers
haadrollenDwayne Johnson
Seann William Scott
byrollenRosario Dawson
Christopher Walken
Ewen Bremner
Jon Gries
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre26 septimber 2003
foarmlangspylfilm
sjenreaksjekomeedzje
taalIngelsk (ek wat Portegeesk)
spyltiid104 minuten
budget en resultaten
budget$85 miljoen
opbringst$80,9 miljoen

The Rundown (ynternasjonaal útbrocht as Welcome to the Jungle) is in Amerikaanske aksjekomeedzjefilm út 2003 ûnder rezjy fan Peter Berg, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Seann William Scott. De titel betsjut "De Analyze", en de alternative titel betsjut "Wolkom yn it Oerwâld". It ferhaal giet oer in preemjejager dy't yn it Amazônegebiet fan Brazylje de soan fan syn baas sykje moat om him dêrnei sa nedich ûnder twang mei werom te nimmen nei Los Angeles. De film krige tuskenbeiden oant positive reäksjes fan 'e filmkritisy, mar flopte yn 'e bioskopen.

Plot

Beck is in "opspoaringsekspêr", eins in soarte fan preemjejager, dy't skulden inet foar in man dy't Billy Walker hjit, om't er sels ek by Walker yn 'e skuld stiet. In lêste opdracht dy't er folbringe moat ear't er hielendal lyk man wêze sil, hâldt yn dat er Walker syn soan Travis fine en ophelje moat út in mynboustedsje yn it Brazyljaanske Amazônegebiet. Dêr sil Walker him genôch foar betelje dat Beck syn eigen restaurant iepenje kin, wat al lange tiid syn dream is.

Sadwaande reizget Beck ôf nei Brazylje, dêr't er mei de gekke Skotske piloat Declan arrivearret yn it stedsje El Dorado. De eigner fan 'e goudmyn dêre is in Amerikaan, Cornelius Hatcher, dy't de baas spilet oer de hiele krite. Beck siket him op by de myn om der wis fan te wêzen dat er Hatcher syn tastimming hat om yn dy syn territoarium te operearjen. Wat er dêr sjocht oer de behanneling fan 'e pleatslike befolking befalt him net, mar it is net syn saak.

Underwilens is amateur-argeolooch Travis Walker in lang fermist artefakt fan 'e pleatslike Yndiaanske befolking op it spoar kommen: in massyf gouden byldsje dat 'O Gato do Diabo' ("De Kat fan 'e Duvel") neamd wurdt. As Hatcher dêrfan heart, komt er werom op 'e oerienkomst dy't er mei Beck sletten hat, en besiket er yn 'e pleatslike kroech Travis finzen te nimmen sadat er dyselde twinge kin om him nei it byldsje te lieden. Beck, dy't in ekspêr in ferskate fjochtsporten is, jout de trewanten fan Hatcher in wan bruien en nimt de ûnwillige Travis mei nei it fleanfjild.

Underweis dêrhinne jout Travis in skuor oan it stjoer, mei as gefolch dat de Jeep dêr't se yn sitte, fan 'e wei rekket en by in klif delriidt. Beck en Travis rûgelje minutenlang by de steile skeante del, oant se úteinlik yn in poel yn it tropysk reinwâld bedarje. Travis besiket út te naaien, mar wurdt fannijs finzen nommen troch Beck. Nei in ûnfertúnlike moeting mei in troep apen wurde de beide mannen finzennommen troch leden fan in rebellebeweging dy't it tsjin Hatcher-en-dy yn 'e kant set.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it kamp fan 'e rebellen oankommen set Travis, dy't oars as Beck Portegeesk sprekt, de rebellen tsjin Beck op. Yn in lang gefjocht wit Beck lykwols it respekt fan 'e rebellen te winnen. De slaanderij einiget as de lieder fan 'e rebellen yn it kamp ferskynt; dat blykt nimmen oars te wêzen as Mariana, de eigneresse fan 'e pleatslike kroech mei wa't Travis it al tiden besiket oan te lizzen. Sy wol dat Travis har nei O Gato do Diabo liedt, sadat se it byldsje oan 'e heechste bieder ferkeapje kin om 'e striid tsjin Hatcher te finansieren.

Beck giet dêrmei net akkoart, mar let op 'e jûn wurdt it rebellekamp oerfallen troch Hatcher en syn mannen, dy't in protte rebellen deadzje. Mariana, Beck en Travis ûntkomme de rivier op yn in boatsje. Neitiid slút Beck in oerienkomst mei Mariana: sy mei Travis brûke om it byldsje op te spoaren as se him dêrnei helpt om mei Travis it fleanfjild te berikken. Djip yn it oerwâld liedt Travis syn beide selskipslju nei in grot efter in wetterfal, dêr't se mei gefaar foar eigen libben O Gato do Diabo weinimme fan in plak dêr't allegear falstrikken om hinne pleatst binne.

Underweis werom beskrobbet Mariana Travis om't er it artefakt ferkeapje woe (hoewol't sy krekt itselde fan doel is), mar Travis hâldt út dat er it oan in museum jaan woe. As se hohâlde foar de nacht, dielt Mariana in ytbere frucht út dy't se yn it oerwâld fûn hat en dy't se konlabo neamt. It docht lykwols bliken dat dy in gif befettet dat dejinge dy't him yt hallusinaasjes jout en tydlik ferlammet. Mariana leit út dat goud soms in rare ynfloed op minsken hat, en dat se der net wis fan wie oft se Travis en Beck noch wol fertrouwe koe no't se it byldsje fûn hiene. Se stoket it kampfjoer op om 'e wylde bisten ôf te skrikken, jout beide mannen in tút, fertelt Beck hoe't er hjirwei by it fleanfjild komme moat, en jout har dan ôf.

As Beck de oare deis mei Travis by it fleanfjild arrivearret, heart er dêr fan Declan dat Mariana ûnderwilens finzennommen is troch Hatcher, dy't har nei alle gedachten fermoardzje sil, en dat dyselde no ek O Gato do Diabo yn 'e hannen hat. Beck hat dêr bot argewaasje fan, want hy wol him eins hielendal net mei de saak bemuoie, mar hy kin it foar himsels net goedkrije om 'e sitewaasje sa efter te litten. Mei help fan Travis en Declan jaget er de keppel kij dy't de lâningsbaan ûnfeilich makket, op 'e rin dwers troch El Dorado hinne. Wylst Hatcher syn trewanten dêrtroch ôflaat binne, falt Beck harren oan weeft handich mei harren ôf. Travis rêdt Mariana út 'e hannen Harvey, de jongere broer fan Hatcher.

As Cornelius Hatcher úteinlik allinne oerbliuwt, jout Beck him de kâns om ûnskansearre fuort te gean, mar dat wegeret er. Dêrop wurdt er troch de bewenners fan El Dorado deasketten. Travis jout O Gato do Diabo oan Mariana en keart dan mei Beck werom nei Los Angeles, dêr't Beck him by syn heit ôfleveret. It docht bliken dat Travis de wyk nommen hie nei Brazylje om't er it yn Chicago oanlein hie mei de troude frou fan in maffiabaas. Syn heit, dy't dêrop oansjoen wurdt, wol dat er nei Chicago giet om dat rjocht te breidzjen. Beck biedt Walker en syn beide poatige liifwachten by wize fan ôfskie in pear hearlike fruchten oan út it Amazônegebiet. As Walker-en-dy troch it iten fan 'e konlabo's ferlamme oer de flier lizze, ferlitte Beck en Travis tegearre it hûs.

Rolferdieling

Seann William Scott.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Beck Dwayne Johnson
Travis Walker Seann William Scott


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Mariana Rosario Dawson
Cornelius Hatcher Christopher Walken
Declan Ewen Bremner
Harvey Jon Gries
Manito Ernie Reyes jr.
Billy Walker William Lucking
Knappmiller Stephen Bishop
himsels Arnold Schwarzenegger (cameo)

Produksje en distribúsje

Produksje

De wurktitel fan The Rundown wie Helldorado (in wurdboarterij op hell, it Ingelske wurd foar "hel", en El Dorado). De film waard regissearre troch Peter Berg nei in senario fan R.J. Stewart en James Vanderbilt. As produsinten wiene by it projekt belutsen Marc Abraham, Bill Corless, Karen Glasser en Kevin Misher foar de studio's Universal Pictures, Columbia Pictures, Strike Entertainment en WWE Studios. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tobias A. Schliessler, wylst Harry Gregson-Williams de filmmuzyk fersoarge.

Foar The Rundown wie in budget beskikber fan $85 miljoen. Dêrfan striek haadrolspiler Dwayne Johnson $12,5 miljoen op. It wie de bedoeling dat de film op lokaasje yn Brazylje opnommen wurde soe, mar doe't Berg en Misher dêr yn juny 2002 om har hinne seagen nei gaadlike opnamelokaasjes, waarden se oerfallen troch strûkrôvers. Dêrop besleaten se om 'e film ynstee yn it tropysk reinwâld fan it folle feiliger Hawaiï op te nimmen. De opnamen setten dêre yn septimber 2002 útein.

De cameo fan Arnold Schwarzenegger yn The Rundown waard opnommen doe't dyselde al gûverneur fan Kalifornje wie. Hy wie op besite by de Universal Studios wylst dêr de dielen fan 'e film opnommen waarden dy't yn Los Angeles spilen. Doe't er mei Dwayne Johnson oan it miel siet, frege Berg him oft er net in cameo dwaan woe, en de gûverneur stimde dêryn ta op betingst dat dy fuortendaliks filme wurde soe. Berg fertelde letter yn in fraachpetear dat se doe in kertier letter op 'e filmset stiene.

Distribúsje

De distribúsje fan The Rundown waard fersoarge troch Universal Pictures foar wat Noard-Amearika oangie, en troch Sony Pictures Releasing yn 'e rest fan 'e wrâld. De film gie op 26 septimber 2003 yn premiêre.

Untfangst

The Rundown krige tuskenbeiden oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy, wêrby't hast eltsenien foarbygie oan 'e kolossale blunder dy't Afrikaanske bavianen as lânseigen apen yn Súd-Amearika foarstelt. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De lokaasjes yn it oerwâld jouwe de film in gefoel en in skientme dy't de oerdreaune personaazjes ûnderstreket." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Rundown in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 153 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt dat de film gjin nije dingen docht, mar "it is in krêftige, grappige partneraksjefilm mei in geweldige gemy tusken Dwayne Johnson en Seann William Scot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Rundown in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat

The Rundown hie wrâldwiid yn 'e bioskopen yn totaal in opbringst fan $80,9 miljoen minus marketingkosten. As dat ôfset wurdt tsjin it budget fan $85 miljoen is dúdlik dat de film lang net út kosten kaam. Regisseur Peter Berg hat oanjûn wol graach in ferfolchfilm meitsje te wollen, mar sjoen it resultaat fan The Rundown liket it ûnwierskynlik dat er dêrfoar de hannen opinoar krije sil.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.