The Revenge of Rain-in-the-Face | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Henry Wadsworth Longfellow | |
taal | Ingelsk | |
foarm | gedicht | |
sjenre | epyk | |
1e publikaasje | 1878, Boston | |
oarspr. útjwr. | Houghton, Osgood & Co. | |
bondel | Kéramos and Other Poems |
The Revenge of Rain-in-the-Face is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaanske dichter Henry Wadsworth Longfellow. De titel betsjut: "De Wraak fan Rein-yn-'t-Gesicht". It gedicht ferhellet oer de wraak fan it histoaryske Lakota-opperhaad Rein-yn-'t-Gesicht op luitenant-kolonel George Armstrong Custer ûnder de Slach oan de Little Bighorn, yn 1876. The Revenge of Rain-in-the-Face waard yn 1878 foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e dichtbondel Kéramos and Other Poems, troch útjouwerij Houghton, Osgood & Co. yn Boston.
Underwerp
Rein-yn-'t-Gesicht (Ité Omáǧažu), in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-stamme fan 'e Lakota-Sû (Lakota-Sioux), waard yn 1874 troch kaptein Tom Custer yn opdracht fan syn broer, de Amerikaanske luitenant-kolonel George Armstrong Custer, arrestearre. Op 4 augustus 1873 hie Rein-yn-'t-Gesicht nammentlik mei in pear oare krigers op in ferkenningsmissy foarôfgeande oan 'e Slach by Honsinger Bluff, de legerbistedokter John Honsinger, in hynstefersoarger en twa soldaten oerfallen by it hjoeddeistige Miles City, yn Montana. Dêrby wiene Honsinger en twa fan 'e oaren deade (ien soldaat koe ûntkomme). Custer, ûnder wa't Honsinger-en-dy tsjinne hiene, beskôge dat as moard, mar Rein-yn-'t-Gesicht lei dêr tsjinyn dat it om oarlochshannelings gie. Nei him waard lykwols net harke, en hy waard nei Fort Abraham Lincoln ta brocht, dêr't er yn it tichthûs smiten waard.
Nei ferrin fan tiid wist Rein-yn-'t-Gesicht te ûntsnappen (of mooglik waard er frijlitten troch Yndiaanske plysjeminsken dy't mei him sympatisearren), en flechte doe nei it streamgebiet fan 'e Powderrivier yn Montana, dêr't er him by de Hûnkpapa-troep fan it opperhaad Sittende Bolle joech. Op 25 juny 1876 waard it doarp fan Sittende Bolle yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch oanfallen troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan George Armstrong Custer. Yn wat de Slach oan de Little Bighorn kaam te hjitten, brochten de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen, it Amerikaanske Leger lykwols in slimme nederlaach ta, wêrby't Custer, syn broer Tom en 278 oare Amerikanen deade waarden.
Neitiid ûntstie it ferhaal dat Rein-yn-'t-Gesicht yn 'e fjildslach wraak nommen hawwe soe foar de yn syn eigen eagen ûnrjochtlike finzenskip, troch it Tom Custer it hert út it liif te snijen. Op dy leginde, dy't fan in tige twifelich wierheidsgehalte is, basearre Longfellow syn The Revenge of Rain-in-the-Face, hoewol't de dichter inkeld referearret oan it 'Blanke Opperhaad mei giel hier', dat dúdlike in ferwizing is nei George Armstrong Custer, dy't bekend stie om syn lange blûne hier. Tom Custer wurdt yn it hiele gedicht net neamd. Rein-yn-'t-Gesicht sels ûntstried letter trouwens yn in fraachpetear mei de Dakota-skriuwer en -dokter Charles Eastman dat er Tom Custer deade hie.
Tekst
- The Revenge of Rain-in-the-Face
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |