The Karate Kid
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJohn G. Avildsen
produsintJerry Weintraub
senarioRobert Mark Kamen
kamerarezjyJames Crabe
muzykBill Conti
filmstudioDelphi II Productions
Jerry Weintraub Productions
distribúsjeColumbia Pictures
spilers
haadrollenRalph Macchio
Pat Morita
byrollenElisabeth Shue
William Zabka
Randee Heller
Martin Kove
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre22 juny 1984
foarmlangspylfilm
sjenresportdrama
taalIngelsk
spyltiid127 minuten
budget en resultaten
budget$8 miljoen
opbringst$100 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearjeThe Karate Kid
 folgjend dielThe Karate Kid Part II

The Karate Kid is in Amerikaansk sportdrama út 1984 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Ralph Macchio en Pat Morita. De titel betsjut "De Karatejonge". It ferhaal giet oer de teenager Daniel LaRusso, dy't nei de oare kant fan it lân ferhuzet, dêr't er Ali Mills moetet, in famke mei wa't er ferkearing kriget. In eardere feint fan harres, Johnny Lawrence, nimt dêr lykwols oanstjit oan en hy en syn maten begjinne in kampanje tsjin Daniel dy't fan narjen al rillegau oanboazet ta mishanneling. De konsjerzje fan it appartemintekompleks dêr't Daniel wennet, menear Miyagi, leart him karate, om himsels te ferdigenjen en sadat er it tsjin Johnny opnimme kin yn in sporttoernoai. The Karate Kid krige rûnom lof taswaaid troch de filmkritisy en wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses. It waard it begjin fan in mediafranchise mei deselde namme; in ferfolchfilm, The Karate Kid Part II, ferskynde yn 1986. Pat Morita, dy't de rol fan menear Miyagi spile, waard foar syn rol yn The Karate Kid nominearre foar in Oscar. De film wie ferantwurdlik foar it popularisearjen fan 'e sport karate yn 'e Feriene Steaten.

Plot

De santjinjierrige Daniel LaRusso ferhuzet mei syn mem Lucille foar har wurk fan Newark, yn Nij-Jersey, in foarstêd fan New York oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten, nei Los Angeles, yn Kalifornje, oan 'e westkust fan it lân. Se komme dêr te wenjen yn in appartemint yn in flatgebou yn 'e wat ferpaupere wyk Reseda. De konsjerzje fan it appartemintekompleks is in wat eksintrike, mar tagelyk ek sympatike ymmigrant út Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen fan súdlik Japan, dy't menear Miyagi hjit.

By in besyk mei in pear oare jonges út it appartemintekompleks oan it strân komt Daniel yn 'e kunde mei de tsjeppe blonde Ali Mills, dy't út in begoedige húshâlding yn 'e rike wyk Encino komt. Har arrogante eardere feint Johnny Lawrence, dy't in swarte bân yn karate hat en de stjer fan 'e Cobra Kai-dojo is, beskôget Ali lykwols noch altyd as sines, en nimt oanstjit oan Daniel syn belangstelling foar har. It liedt dy jûns ta slaanderij, wêrby't Johnny karate brûkt en Daniel in wan bruien jout.

Op 'e middelbere skoalle dêr't Daniel de oare deis foar it earst hinne giet, blike sawol Ali as Johnny ek learling te wêzen. Ali is lid fan it cheerleadersteam. Fan it begjin ôf oan sette Johnny en syn maten fan 'e Cobra Kai-dojo útein mei in kampanje om Daniel te narjen, wêrby't se û.m. foarkomme dat er lid wurde kin fan it fuotbalalvetal fan 'e skoalle, wat er graach wol. Daniel besiket harren de romte te jaan en hâldt op mei it aktyf opsykjen fan Ali, mar sy leit har dêr net by del en begjint dan hìm op te sykjen.

It narjen begjint al rillegau oan te boazjen ta klearebare mishanneling, wêrby't Daniel bygelyks troch de brommerridende karateka's fan syn fyts riden en by in heuvelskeante del smiten wurdt. Mei Halloween hellet Daniel in prank út, wêrby't Johnny wietspuite wurdt mei in túnslang. Dêr betellet er lykwols in hege priis foar as Johnny-en-dy him efterfolgje nei hûs en fuortby syn appartemintekompleks te pakken krije, wêrnei't se him slane en skoppe oant er it bewustwêzen ferliest. Daniel wurdt rêden troch menear Miyagi, dy't koarte metten makket mei de jonges en him nei hûs ta bringt en fersoarget.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid freget Daniel menear Miyagi om him te trainen yn karate. Miyagi wegeret dat, mar stimt der wol yn ta om 'e oare deis mei te gean nei de Cobra Kai-dojo om it konflikt tusken Daniel en Johnny-en-dy út 'e wrâld te helpen. Dêre moetsje se de eigner fan 'e dojo, John Kreese, in âld-kommando dy't yn 'e Fjetnamoarloch tsjinne hat en dy't syn learlingen bybringt dat se folslein ûnmeilydsum wêze moatte. It is dúdlik wêr't Johnny syn kyk op karate wei hat. Kreese wol der neat fan witte om syn learlingen te berongjen, dat Miyagi stelt foar om Daniel dielnimme te litten oan it oankommende All-Valley Karatekampioenskip, dêr't er it ûnder behearske omstannichheden opnimme kin tsjin Johnny en de oare Cobra Kai-learlingen. Dêr heakket er oan ta dat it narjen dan ophâlde moat oant it toernoai, dat oer twa moannen plakfine sil. Kreese stimt dêrmei yn, mar warskôget Miyagi dat, mocht Daniel net opdaagjen komme foar it kampioenskip, it lestich fallen net inkeld ta him beheind bliuwe sil, mar dat ek Miyagi sels dermei te meitsjen krije sil.

Om him klear te stomen foar it toernoai om it kampioenskip fan 'e San Fernandodelling stimt Miyagi der dochs noch mei yn om Daniel karate te learen. De training fan 'e jonge begjint mei dagen fan putsjes by Miyagi om 'e hûs hinne, lykas it waskjen fan syn kolleksje klassike auto's, it skuorjen fan 'e steger fan syn koifiver en it fervjen fan syn hûs en it skud om syn hiem hinne. Daniel rekket almar mear frustrearre oer wat er sjocht as Miyagi syn misbrûk fan syn sitewaasje om der sels better fan te wurden. As syn lulkens op 't langelêst ta in útbarsting komt, demonstrearret Miyagi lykwols dat al dy putsjes tsjinne hawwe om Daniel de ôfwarbewegings fan karate by te bringen troch it opbouwen fan spierûnthâld. Neitiid wol Daniel oanfallende bewegings leare, mar Miyagi stiet derop dat er earst leart om syn lichemsbalâns te behâlden. Dêrta lit er him mank de weagen yn 'e see stean, op 'e stjûne fan in roeiboatsje en úteinlik op ien foet op in peal. Pas as er wissigens fan lykwicht leard hat, begjint Miyagi him te trainen yn it útfieren fan slaan en skoppen.

Underwilens set Daniel syn relaasje mei Ali fuort, al karre har rike âlden har omgong mei de yn harren eagen earmoedige Daniel ôf en sette har ûnder druk om it by te lizzen mei Johnny. Op in feest foar de high society fan Los Angeles yn in restaurant wurdt Ali op dy wize min ofte mear twongen mei Johnny te dûnsjen. Daniel, dy't har dêr ôfhelje soe en fia de koken nei binnen ta glûpt is, sjocht harren tegearre op 'e dûnsflier. As Johnny him ek yn 'e gaten kriget, tutet er Ali hurd op 'e mûle, wêrnei't Daniel útnaaie sil, by in ober oprint en ûnder it iten komt te sitten, ta grutte hilariteit fan alle oanwêzigen útsein Ali. Daniel flechtet yn totale fernedering fuort en sjocht sa net dat Ali Johnny in fikse terwinkel ferkeapet.

Dyselde jûns giet Daniel by Miyagi oan, dy't dronken blykt te wêzen. Ut syn ynkoherinte geëamel en de oantinkens dy't yn it hûs útspraat lizze, begrypt Daniel lang om let dat it Miyagi syn troudei is. Wylst hy yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa mei it Amerikaanske 442e Ynfanteryrezjimint tsjin 'e nazys focht, wêrby't er in Medal of Honor wûn foar syn moed, siet syn frou finzen yn Manzanar, in ynternearingskamp foar etnyske Japanners yn 'e Feriene Steaten. De Japanners waarden dêr min behannele, en doe't Miyagi syn frou befalle moast, kaam der gjin dokter om te helpen. Fan gefolgen rekken sawol syn frou as syn nijberne soan dea troch komplikaasjes by de berte. Daniel bringt de smoardronken âldman op bêd en stoppet him yn foar't er nei hûs giet.

Foar syn achttjinde jierdei jout Miyagi Daniel in karatepak mei in jaske dat noch troch syn frou silger beborduerre is. Ek lit er him in auto út syn kolleksje kieze. Hy fiteret Daniel oan om it goed te meitsjen mei Ali, mei wa't er net mear praat hat sûnt it ynsidint yn it restaurant. Daniel siket Ali op, dy't gremitich is om't er har blykber mar sa'n bytsje fertroude dat er fuort tocht dat sy efter syn rêch om mei Johnny omsloech. Hy ûntskuldiget him dêrfoar en se meitsje it wer goed en krije no wier ferkearing.

Op it toernoai, dêr't er bystien wurdt troch menear Miyagi en Ali, besauwe freon en fijân harren deroer dat Daniel de heale finales wit te berikken. Yn 'e oare heale finale wit Johnny maklik te winnen fan syn tsjinstanner. Daniel moat it opnimme tsjin Bobby Brown, in oare learling fan 'e Cobra Kai-dojo. Kreese jout Bobby opdracht om Daniel út te skeakeljen troch him mei opsetsin te blessearjen mei in ûnreglemintêre skop op 'e knibbel. Bobby, dy't beseft dat er dêrtroch sels diskwalifisearre wurde sil, docht mei tsjinnichheid wat him opdroegen is. Daniel rekket dêrtroch sa ferwûne dat er nei de klaaikeamers ta droegen wurde moat, dêr't de oan it toernoai ferbûne dokters fêststelle dat de blessuere sa slim is dat er him mei eare út it toernoai weromlûke mei. Dat sil lykwols ta gefolch hawwe dat Johnny it kampioenskip wint om't der dan gjin finale is. Daniel is der lykwols fan oertsjûge dat Johnny-en-dy him derûnder krigen hawwe sille as er no opjout, dat hy bepraat Miyagi om in pine-ûnderdrukkingstechnyk ta te passen sadat er trochgean kin.

De wedstryd tsjin Johnny is in striid fan gelikensen, wêrby't net ien fan beide karateka's troch de ferdigening fan 'e tsjinstanner hinne wit te brekken. As Daniel troch in klap tsjin 'e holle in bloednoas oprint, wurdt de partij troch de skiedrjochter eefkes stillein om fersoarging ta te stean. Kreese jout Johnny dan opdracht om in wraam op 'e ferwûne skonk fan Daniel te dwaan, eat dat folslein tsjin 'e etyk fan 'e sport yngiet. Johnny akseptearret dat befel mei sichtbere tsjinsin en fiert it út as de wedstryd fierder giet. Dêrby rint Daniel noch mear skea oan 'e knibbel op, sadat er net mear op dy skonk stean kin. Hy nimt dan in posysje oan dy't "de Kraanfûgel" hjit, en besiket in technyk dy't er Miyagi op it strân útfieren sjoen hat, troch rjocht omheech te springen en Johnny mei syn goede skonk yn it gesicht te skoppen as dy in útfal nei him docht. Dêrmei skoart Daniel in punt wêrmei't er de finale en dus ek it toernoai wint. Neitiid wurdt er lokwinske troch Johnny, dy't respekt foar him krigen hat, foar't er op 'e skouders hyst wurdt fan in entûsjaste kliber folk.

Ralph Macchio (2018).
Pat Morita (2002).
Elisabeth Shue (2007).

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Daniel LaRusso Ralph Macchio
menear Miyagi Noriyuki "Pat" Morita


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ali Mills Elisabeth Shue
Johnny Lawrence William Zabka
Lucille LaRusso Randee Heller
John Kreese Martin Kove
Dutch Chad McQueen
Bobby Brown Ron Thomas
Tommy Rob Garrison
Jimmy Tony O'Dell

Produksje en distribúsje

Preproduksje

The Karate Kid waard regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Robert Mark Kamen. Dat gie eins wat efterstfoarst: filmstudio Columbia Pictures hie in kontrakt sletten mei Avildsen en frege dêrnei Kamen om in skript te skriuwen dat liek op Avildsen syn eardere tige súksesfolle sportdramafilm Rocky (1976). Kamen beloek ynspiraasje út syn eigen libben yn it senario en hie sadwaande sterke mienings oer hokker akteurs yn 'e film spylje moasten. Dêrfandinne dat er bot lobbyde foar Pat Morita yn 'e rol fan menear Miyagi. As produsint wie Jerry Weintraub by it projekt belutsen foar de filmstudio's Delphi II Productions en Jerry Weintraub Productions. Foar The Karate Kid wie in budget beskikber fan $8 miljoen. De produksje fan The Karate Kid sette fuortendaliks útein nei't Kamen syn skript ynlevere hie. De filmmuzyk waard fersoarge troch Bill Conti

Casting

De casting fan 'e rollen yn The Karate Kid fûn plak fan april oant juny 1983. Foar de titelrol fan Daniel LaRusso waard in grut tal jonge akteurs yn omtinken nommen, ûnder wa guon dy't letter wrâldferneamd wurde soene, lykas Nicolas Cage, Tom Cruise, Robert Downey jr., Emilio Estevez, Sean Penn en Charlie Sheen. De kar foel op Ralph Macchio fanwegen syn aktearprestaasje as Johnny Cade yn The Outsiders (1983).

Columbia woe oarspronklik Toshiro Mifune yn 'e rol fan menear Miyagi hawwe, dy't bekend wie fan Japanske films as Rashomon (1950) en Seven Samurai (1954), mar dyselde bliek gjin wurd Ingelsk te sprekken. Pat Morita die audysje foar de rol, mar waard ôfwiisd omreden fan syn bekendheid as komyk en as fertolker fan 'e rol fan Arnold yn 'e komeedzjesearje Happy Days. Nei't er syn burd stean litten hie en it aksint fan in omke fan him neibearde, waard er úteinlik dochs oannommen.

William Zabka dy't yn 'e rol fan Johnny Lawrence cast waard, wie in wrakselder sûnder ûnderfining op it mêd fan aktearjen. Demi Moore waard yn omtinken nommen foar de rol fan Ali Mills, mar úteinlik waard dy rol taparte oan Elisabeth Shue, foar in diel om't se bekend wurden wie yn in reklamespotsje foar de fastfoodrestaurantkeatling Burger King. Foar sawol Zabka as Shue foarme The Karate Kid it filmdebút.

Opnamen

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan James Crabe. De opnamen setten op 31 oktober 1983 útein en duorren oant en mei 16 desimber fan dat jier. The Karate Kid waard frijwol hielendal filme yn Los Angeles.

Distribúsje

De distribúsje fan The Karate Kid waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 22 juny 1984 yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op yn 1984 by platemaatskippij Casablanca Records.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige The Karate Kid rûnom lof taswaaid yn 'e resinsjes. Yn 't bysûnder waarden de aksjesênes, it senario, it aktearjen en de filmmuzyk priizge. Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, parte de film 4 fan 4 stjerren ta en omskreau him as "in opwinend, ynnimlik, hertferwaarmjend ferhaal mei ien fan 'e ynteressantste freonskippen fan lange tiid." Ek Janet Maslin fan The New York Times, dy't ornaris kritysk wie oer films mei mear aksje as karakterûntwikkeling, joech The Karate Kid in positive resinsje.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Karate Kid in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 43 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is troch en troch foarsisber en folslein in produkt fan syn tiid, mar dochs waarm, oprjocht en dreech om te wjerstean, wat fierhinne feroarsake wurdt troch de maklike gemy tusken Morita en Macchio." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Karate Kid in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 15 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

The Karate Kid brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $100 miljoen op. Hoewol't net bekend is wat de wrâldwide opbringst wie, komt de winst allinne dêrmei al, ôfset tsjin it budget fan $8 miljoen, op $92 miljoen út. Dêr moatte de marketingkosten noch wol ôf, mar dochs wie The Karate Kid in grut kommersjeel súkses. It wie feitliks de op fjouwer nei meast opbringende film fan 1984, nei Beverly Hills Cop, Ghostbusters, Indiana Jones and the Temple of Doom en Gremlins.

Prizen

The Karate Kid waard yn 1985 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur (Pat Morita), en teffens foar in Golden Globe yn deselde kategory (ek Pat Morita). Fierders waard de film nominearre foar trije Young Artist Awards, wêrûnder dy foar bêste byrol fan in jonge akteur yn in film (William Zabka). The Karate Kid wûn de Young Artist Awards foar bêste famyljefilm en bêste byrol fan in jonge aktrise yn in film (Elisabeth Shue).

Ynfloed

The Karate Kid wie ferantwurdlik foar it popularisearjen fan 'e sport karate yn 'e Feriene Steaten. De film stie mei syn súkses oan 'e widze fan in mediafranchise, dy't ek The Karate Kid hjit.

William Zabka spile in karikatuer fan himsels as Johnny Lawrence yn 'e fideoklip fan it nûmer Sweep the Leg fan No More Kings. Ralph Macchio en Zabka spilen yn 2013 harsels yn The Bro Mitzvah, in ôflevering fan 'e komeedzjesearje How I Met Your Mother, wêryn't de dwerse Barney Stinson op syn frijfeintefeest folhâldt dat Zabka as Johnny Lawrence de wiere protagonist fan The Karate Kid wie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Karate Kid (filmsearje)
The Karate Kid (1984) The Karate Kid Part II (1986) The Karate Kid Part III (1989) • The Next Karate Kid (1994) The Karate Kid (2010)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.