The Devil Made Me Do It | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Shadow Avenue | |
artyst | Golden Earring | |
album | Cut | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 17 desimber 1982 | |
doer | 3:20 | |
label | 21 Records | |
skriuwer | Barry Hay, George Kooymans | |
produsint | Schell Schellekens | |
fideoclip | ||
Golden Earring - The Devil Made Me Do It | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 16, Ultratop 50 - 24 |
The Devil Made Me Do It is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Cut. The Devil Made Me Do It wie it earste nûmer op it album en waard op 17 desimber 1982 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer
The Devil Made Me Do It giet oer ien dy't foar de rjochter stiet, omdat er in rige misdieden dien hat. Hy leit lykwols út dat er ûnder oare in bûntjas en in auto stellen hat om syn freondinne tefreden te hâlden, en omskriuwt har as de duvel.
Oer de fideoclip
It fideobudzjet wie op nei de fideoclip foar Twilight Zone, en dus waard keazen foar in rappe en foardielige registraasje troch it Toppop-team fan Rien van Wijk yn de Hilfertsomse NOS Studio.
Muzikanten
- Barry Hay - Sang & Gitaar
- George Kooymans - Gitaar & Sang
- Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.