Thanksgiving | ||
In tradisjoneel Thanksgiving-miel. | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
holden yn | húslik fermidden | |
datum | 4e tongersdei yn novimber | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Thanksgiving Day | |
oanlieding | tankberens foar de rispinge | |
soarte evenemint | kristlike hjeldei | |
bestean | 1621 – no |
Thanksgiving (Ingelsk foar "Tankjaan") of Thanksgiving Day ("Tankjoudei") is de Amerikaanske fariant fan Thanksgiving, dy't ek wol Amerikaansk Thanksgiving neamd wurdt ta ûnderskie fan Kanadeesk Thanksgiving en Thanksgivingfierings yn oare lannen en territoaria. It is yn 'e Feriene Steaten in kristlike hjeldei mei de status fan in nasjonale feestdei. Dizze dei wie fan oarsprong bedoeld om utering te jaan oan tankberens foar de rispinge, mei't dy sjoen waard as in seine fan God. Thanksgiving wurdt yn 'e Feriene Steaten fierd op 'e fjirde tongersdei yn novimber, op 'e foarjûn fan Swarte Freed en it begjin fan it krystseizoen.
Skiednis
Neffens de Amerikaanske folkloare soe Thanksgiving weromgean op in barren dat oantsjut wurdt as it "Earste Thanksgiving". Dat wie neffens it ferhaal de earste fiering fan Thanksgiving yn 'e Nije Wrâld, wêrby't yn oktober 1621 yn Nij-Ingelân 53 saneamde pilgrims ("pylgers"), de oerlibbenen fan 'e tocht mei de Mayflower, en 90 Wampanôk-Yndianen iten en drinken dielden en trije dagen lang mei-inoar feestfierden. Folle minder bekend is dat der yn 1619 al in Thanksgivingfiering plakfûn hie yn Firginia, troch de Ingelske kolonisten fan it skip de Margaret, dy't koart tefoaren lâne wiene te Berkely Hundred. De ferhearliking fan it Earste Thanksgiving, dêr't blanken en Yndianen it miel dielden, wurdt tsjintwurdich troch guon lju beskôge as skynhillich, de genoside fan 'e blanken tsjin 'e Yndianen yn acht nommen dy't net folle letter begjinne soe.
Thanksgiving waard yn 'e Feriene Steaten mei tuskenskoften as nasjonale feestdei fierd nei't presidint George Washington der yn 1789 op fersyk fan it Amerikaanske Kongres in proklamaasje oer útfurdige hie. Presidint Thomas Jefferson keas der lykwols foar om Thanksgiving net te fieren. Under de Amerikaanske Boargeroarloch neamde presidint Abraham Lincoln Thanksgiving "in nasjonale dei fan tank en lof oan ús woldiedige Heit Dy't yn 'e himel is," wêrby't er it Amerikaanske folk oprôp om dêr omtinken oan te jaan. Presidint Ulysses S. Grant makke Thanksgiving yn 1870 ta in federale feestdei yn Washington, D.C., wêrnei't it Kongres Thanksgiving (en beskate oare hjeldagen) op 6 jannewaris 1885 by wet fêstlei as in nasjonale feestdei yn 'e hiele Feriene Steaten en in trochbetelle frije dei foar amtners.
Der wie foar Thanksgiving lykwols yn 'e wet gjin datum fêstlein, sadat de presidint beslisse koe wannear't de hjeldei fierd wurde moast. Under it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt waard de datum fan Thanksgiving yn 1939 sadwaande in wike nei foarren helle, sadat de hjeldei op 'e trêde tongersdei fan novimber kaam te fallen. Dat late ta in protte opskuor. It grutste part fan 'e Amerikanen gie troch mei it fieren fan Tanksgiving op 'e fjirde tongersdei, en de nije datum kaam bekend te stean as "Franksgiving" (nei Roosevelt syn foarnamme). Nei trije problematyske fierings yn 1939, 1940 en 1941, naam it Kongres yn 1942 in wetsfoarstel oan dat de fiering fan Thanksgiving op 'e fjirde tongersdei yn novimber fêststelde, en Roosevelt ûndertekene dat, sadat it in wet waard.
Fiering
De fiering fan Thanksgiving yn 'e Feriene Steaten draait fierhinne om in famyljediner op 'e jûn, wêrby't neffens de tradysje deselde gerjochten optsjinne wurde as dy't de pilgrims en de Yndianen by it Earste Thanksgiving iten hawwe soene. Dat binne: in hiele kalkoen mei folling, jirpels (ornaris jirpelpuree of swiete jirpels), pompoen, maïs, griene beane, cranberrys (yn 'e regel as saus) en pompoentaart. As Amerikanen foar wurk, stúdzje of ferdivedaasje fier fan hûs binne, besykje se mei Thanksgiving dochs altyd thús te kommen, wat elts jier ta grutte ferkearsopstoppings om 'e grutte stêden hinne en lange wachtrigen yn 'e lofthavens liedt. Ienris thús liket it ek suver tradysje te wêzen, as men Amerikaanske tillefyzjesearjes en films leauwe mei, om ûnder it Thanksgivingmiel mei famyljeleden rûzje te meitsjen oer âldsear.
Oare Thanksgivinggewoanten yn 'e Feriene Steaten binne û.m. dat goeddiedige organisaasjes in soartgelikens miel tameitsje en optsjinje foar de behoeftigen (bgl. yn in dakleaze-opfang), it bywenjen fan in tsjerketsjinst, it besjen fan optochten (libbensliif of op 'e tillefyzje) en it sjen nei in Amerikaansk fuotbalwedstryd, ek op 'e tillefyzje. Hoewol't Thanksgiving fan oarsprong in kristlike hjeldei is, makket de fiering dêrfan no yn sa'n hege mjitte diel út fan 'e Amerikaanske kultuer, dat it ek in sekuliere feestdei is, dy't net inkeld fierd wurdt troch kristenen, mar ek troch ateïsten en agnosten en lju fan alderhanne oare religyen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|