Thé Lau (muzikant) | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Thé Lau (links) mei de oare leden fan The Scene (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Matheus Josephus Lau | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 july 1952 | |
berteplak | Bergen | |
stoarn | 23 juny 2015 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Pop | |
sjongtaal | Nederlânsk, Ingelsk | |
grutste hit(s) | Iedereen is van de Wereld |
Matheus Josephus (Thé) Lau (Bergen, 17 july 1952 - Amsterdam, 23 juny 2015) wie in Nederlânsk sjonger, muzikant en skriuwer. Yn 1979 rjochte er de band The Scene op.
Wurkpaad
Lau wie gitarist yn ferskate bands en wie lid fan Neerlands Hoop Express. Yn 1979 rjochte er de band The Scene op, ferneamd fan de hits Blauw en Iedereen is van de wereld. Lau waard de leadsjonger.
Lau naam yn 2003 ôfskied fan syn band en sûnt gie er mei toetsenist Jan-Peter Bast de Nederlânske teäters by del. Op 13 oktober 2006 begûn Lau mei syn teätertoernee Tempel der liefde, begelaat fan toetsenist Bast en it tangostrykkwartet Pavadita.
Yn 2003 waard syn oeuvre bondele yn Thé Lau, de teksten. Al yn 2000 debutearre er mei de ferhalebondel De sterren van de hemel. Syn debútroman Hemelrijk kaam yn 2004 út, yn 2006 folge troch in bondel muzykferhalen, mei de titel In de dakgoot. 1000 vissen ferskynde yn 2007, in bibliofile útjefte mei ferhalen oer de Amsterdamske Spaarndammerbuurt, dêr't Thé Lau sûnt 15 jier wennet en wurke.
Yn 2007 kaam The Scene wer by elkoar en gie Lau mei trije eardere bandleden (Jeroen, Emilie en Otto) wer op toernee; sy namen ek in CD op. Yn 2010 naam Lau tegearre mei de rapper Lange Frans it nûmer Zing voor me op, dat it earste plak fan de Nederlânske Single Top 100 helle.
Op 12 augustus 2013 waard bekend dat er kielkanker hie en april 2014 brocht syn management nei bûten dat Lau útsiedings yn syn linkerlong hie en er útbehannele wie.[1] Juny 2014 joech er mei syn band ôfskiedskonserten op Pinkpop (7 juny), op 14 juny yn de Lotto Arena yn Antwerpen en op 17 juny yn de Heineken Music Hall[2] yn Amsterdam. Op 21 juny joech er syn lêste optreden yn Belgje yn de AB yn Brussel.
Op 2 maart 2015 ûntfong Lau in Edison foar syn hiele oeuvre.[3] Op 23 juny 2015 stoar Thé Lau thús yn Amsterdam, oan de gefolgen fan kanker. Hy waard 62 jier.[4]
Diskografy
Albums
Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
The Scene | 1980 | The Scene | Young dogs, young blood |
This is real | 1985 | ||
Rij rij rij | 10 maart 1988 | Borderline, S.E.X., Ritme, Rij rij rij, Rauw, Hees, Teder | |
Blauw | 1990 | Rigoreus, Iedereen is van de wereld, Blauw, Brand | |
Open | 16 maart 1992 | Zuster, Open, Samen, Maan | |
Avenue de la Scene | 4 oktober 1993 | Mijn straat, De schaduw van het kruis, Hard tegen hard, Vrienden | |
Arena | 28 maart 1996 | Vrede, Junkie met talent, Romantiek (mei Carlo Ulrichi & Kenrick Gunther), Slapen, dromen, zweten | |
Marlene | 1998 | Marlene, Wees Welkom, Rivier, | |
De God van Nederland | 2002 | Thé Lau | |
Tempel der liefde | 2006 | ||
2007 | 2007 | The Scene | |
Liefde op doorreis | 22 oktober 2009 | Mijn land, Nachttrein | |
Code | 12 maart 2012 | Overal, Echt | |
Platina blues | 2014 | Thé Lau |
Boeken
- De Sterren van de Hemel (2000)
- De Teksten Italic text (2003)
- Hemelrijk (2004)
- In de Dakgoot (2006)
- 1000 vissen (2007) - bibliofile útjefte ferskynd by Utjouwerij Brokaat
- Juliette (2014) - roman, Dutch Media Books
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|