Texas Rangers
flaggeembleem

De Texas Rangers fiere de
flagge fan Teksas.
algemiene gegevens
namme folútTexas Ranger Division
("Teksaanske Grinsjagerdifyzje")
lân Feriene Steaten
oprjochte1835
falt ûnderTeksaansk Departemint fan
   Iepenbiere Feilichheid
doel● ûndersyk nei misdriuwen
arrestaasje fan sochte kriminelen
● hanthavening fan 'e iepenbiere
   oarder
● beskerming fan boargers
● stipe oan lokale plysje
sifers
leden166 (2019)
wurknimmers234 (2019)
oar
websidewww.dps.texas.gov/section/
texas-rangers
Texas Rangers wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Texas Rangers (betsjuttingsside).

De Texas Rangers (útspr.: [ˈtɛksɪz ˈɹeːnʤǝɹs], likernôch: "tek-siz reen-dzjurs"), offisjeel eins de Texas Ranger Division (letterlik: "Teksaanske Grinsjagerdifyzje") is in Amerikaanske steatlike plysjetsjinst yn Teksas. It is de Teksaanske resjerzje, dy't korrespondearret mei wat yn oare Amerikaanske steaten yn 'e regel it "steatlik ûndersyksburo" hjit (lykas it CBI yn Kalifornje). De Texas Rangers waarden yn 1835 oprjochte en wiene oarspronklik in paramilitêre macht dy't oan 'e foargrins fan 'e beskaving de oarder hanthavene. Yn dy hoedanichheid spilen se in rol fan betsjutting yn it Wylde Westen, wat harren ek bûten de Amerikaanske lânsgrinzen bekendheid jûn hat. It haadkertier fan 'e Teksas Rangers is fêstige yn 'e Teksaanske haadstêd Austin. Yn 2019 wiene der 166 beëdige Texas Rangers, dy't in wurkgebiet hiene fan 696.240 km² mei in befolking fan krapoan 27,5 miljoen minsken. Hjoed oan 'e dei binne de Texas Rangers in wichtich elemint fan 'e Teksaanske kultuer.

Skiednis

De skiednis fan 'e Texas Rangers giet tebek oant yn 1823, doe't Teksas noch in provinsje fan Meksiko wie. Stephen F. Austin, dy't wol de "Heit fan Teksas" neamd wurdt, stelde dat jiers op ynformele basis tsien manlju oan as rangers (letterlik: "grinsjagers") om 600 oant 700 Amerikaanske húshâldings te beskermjen dy't har yn Teksas nei wenjen set hiene. De Texas Rangers waarden formeel as organisaasje oprjochte yn 1835, ûnder de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't Teksas him losskuorde fan Meksiko. Yn novimber fan dat jier waard Robert McAlpin Williamson keazen as de earst majoar fan 'e Texas Rangers.

Leden fan it Foargrinsbataljon fan 'e Texas Rangers, omtrint 1885.

Yn 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas, dy't troch de oerwinning fan 'e Teksanen op Meksiko ûntstie, waard troch presidint Mirabeau B. Lamar yn 1837 in kloft fan 56 Rangers útstjoerd om 'e Sjeroky en de Komantsjen te befjochtsjen, foar in diel út wraak foar de stipe dy't dy Yndiaanske folken yn 'e Cordovarebûlje oan 'e Meksikanen jûn hiene. Yn 'e Slach by Stone Houses kamen tsien Texas Rangers yn 'e striid te sneuveljen. Ek neitiid wiene de Rangers nau behelle yn 'e striid tsjin 'e Yndianen en dy harren ferdriuwing út Teksas. Nei de Anneksaasje fan Teksas troch de Feriene Steaten, yn 1845, briek as gefolch dêrfan de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) út, wêrby't de Texas Rangers in rol fan betsjutting spilen yn ferskate fjildslaggen.

Nei't Meksiko ferpletterjend ferslein wie en him sadwaande foargoed dellizze moast by de opname fan Teksas yn 'e Feriene Steaten, waarden de Texas Rangers foar it meastepart ûntbûn. Mar doe't yn 1857 Hardin Richard Runnels keazen waard as gûverneur fan Teksas, stelde dy $70.000 (omrekkene yn jild fan 2021 mear as $2 miljoen) beskikber om 'e Rangers wer op sterkte te bringen. Under it befel fan majoar John Salmon Ford fochten se yn 'e fjildtochten tsjin 'e Komantsjen yn noardlik en westlik Teksas, lykas de Slach by Little Robe Creek yn 1858.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) makke Teksas diel út fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. In protte Rangers namen tsjinst yn it Konfederearre leger en fochten mei tsjin 'e Feriene Steaten. Yn it Tiidrek fan 'e Weropbou, doe't de fersleine Súdlike steaten bestjoerd waarden troch in Noardlik besettingsleger, waarden de Texas Rangers yn 1870 opheft. Yn harren plak waard de Teksaanske Steatsplysje oprjochte, dy't itselde die en der frijwol itselde útseach, en stipe waard troch de Teksaanske Spesjale Plysje. Fuort nei't Teksas yn 1873 syn selsbestjoer weromkrigen hie, waarden dy beide plysjetsjinsten troch gûverneur Richard Coke opheft en ferfongen troch de weroprjochte Texas Rangers.

In kloft Texas Rangers yn 1896 yn El Paso om it yllegale priisgefjocht tusken boksers Pete Maher en Bob Fitzsimmons tsjin te hâlden.

It lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw wie de tiid fan it Wylde Westen, wêryn't de measte leginden oer de Texas Rangers foarme waarden. Dat hie faak te krijen mei harren súksessen by it oppakken of deadzjen fan ferneamde kriminelen, lykas de bankberôver Sam Bass en de revolverman John Wesley Hardin. Dêrnjonken gie ek harren belutsenens by de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen troch, wêrby't se in beslissende rol spilen yn 'e striid tsjin 'e Komantsjen, de Kajowa en de Flakte-Apachen. Fierders griepen se yn by saneamde prêrjeoarloggen: konflikten tusken Amerikaanske boargers ûnderinoar, lykas de Prêrjeoarloch fan Mason County. Ek litten de Texas Rangers yn dy snuorje de iennichste nederlaach út harren skiednis, doe't se har oerjoegen by de Salinerorebûlje fan 1877. In ferneamde kommandant fan 'e Texas Rangers út dy jierren wie Leander H. McNelly.

Nettsjinsteande de beklibjende rom fan harren dieden, wie it hâlden en dragen fan 'e Texas Rangers doedestiden faak yllegaal en oermjitte gewelddiedich. Se brûkten ûnmeilydsume metoaden dy't de aktiviteiten fan 'e kriminelen dy't se bestrieden faak nei de kroan stieken. It ôftwingen fan bekentenissen troch yntimidaasje of folterings, en sels stânrjochtlike eksekúsjes, wiene gjin útsûndering.

Yn 'e tweintichste iuw wiene de Texas Rangers yn 1909 op 'e topmoeting fan 'e Amerikaanske presidint William Howard Taft mei syn Meksikaanske amtsgenoat Porfirio Díaz ferantwurdlik foar it foarkommen fan in moardoanslach op beide steatshaden. Yn 'e 1910-er jierren wiene se oan ien wei troch drok mei foar te kommen dat de gaos fan 'e Meksikaanske Boargeroarloch oer de grins fan Teksas hinne spiele soe. Dat se dêrby gjin heldere rjochtlinen oangeande hâlden en dragen oplein krigen, late ta eksessen, lykas it Bloedbad fan Porvenir op 28 jannewaris 1918, doe't de Texas Rangers yn Porvenir (Teksas) 15 etnyske Meksikanen fermoarden, allegearre manlju yn 'e leeftyd fan 16 oant 72 jier.

It ynsynje fan 'e Texas Rangers.

Yn jannewaris 1919 die út in ûndersyk troch José Tomás Canales, in lid fan it Teksaanske Hûs fan Offurdigen, bliken dat yn it foargeande desennium 300 oant mooglik wol 5.000 minsken, almeast Latino's, troch de Texas Rangers fermoarde wiene. As gefolch dêrfan waarden de spesjale Ranger-ôfdielings ûntbûn dy't yn 'e jierren dêrfoar oprjochte wiene út ferlet oan mankrêft. Teffens waard der in systeem opset dat de behanneling fan klachten oer de Texas Rangers mooglik makke.

Under de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren wie de Teksaanske oerheid út jildneed twongen om yn te krimpen. It tal Texas Rangers waard werombrocht ta 45 en de iennichste ferfiermiddels dêr't se noch gebrûk fan meitsje mochten, wiene harren eigen hynders. Doe't yn 1933 Miriam A. Ferguson, better bekend as "Ma Ferguson", ta gûverneur keazen waard, ûntsloech sy ek de lêste Texas Rangers. Dat soarge foar gaos op it mêd fan wetshanthavening. Konsultanten dy't troch de steatsoerheid yn 'e earm nommen waarden, rikkemandearren oan om 'e Texas Rangers yn 'e mande mei de Teksaanske Snelweipatrûlje (THP) ûnder te bringen by in nij buro fan 'e oerheid, it Departemint fan Iepenbiere Feilichheid (DPS). Dat krige syn beslach yn 1935. Mei lytse oanpassings is it bestjoer fan 'e Texas Rangers oant hjoed de dei ta sa bleaun.

Doelen

De taken fan 'e Texas Rangers binne yn it foarste plak it dwaan fan ûndersyk nei misdriuwen en it oanhâlden fan sochte kriminelen. De misdriuwen dy't troch de Texas Rangers ûndersocht wurde, rinne útinoar fan moard ta politike korrupsje. Fierders moatte se ek yn algemiene sin de oarder yn 'e Amerikaanske steat Teksas hanthavenje en libben en besit fan Teksaanske boargers beskermje. Dêropta steane de Texas Rangers ree om pleatslike plysjetsjinsten yn harren wurk mei rie en die by te stean as it giet om it oplossen fan misdieden en it ûnderdrukken fan 'e kriminaliteit. As bliken docht dat pleatslike autoriteiten kriminaliteit net oanpakke kinne of wolle, falt it ta oan 'e Texas Rangers om 'e lieding oer de pleatslike wetshanthavening oer te nimmen. Datselde dogge se ek as se dêr troch in rjochter om frege wurde, bgl. as der sprake is fan korrupsje by de pleatslike plysje. Ek hawwe se de taak om ynformaasje te garjen oer de organisearre misdie yn Teksas en dy te fersprieden nei oare plysjetsjinsten. Yn it ferline hawwe de Texas Rangers ek as liifwachten tsjinne fan 'e gûverneur fan Teksas.

De ferdieling fan Teksas yn wurkgebieten fan 'e ûnderskate kompanjyen fan 'e Texas Rangers.

Organisaasje

De organisaasjestruktuer fan 'e Texas Rangers hat yn haadlinen it ramt beholden dat se by harren oprjochting yn 1835 krigen. De tsjinst is ferdield yn sân kompanjyen: seis distriktskompanjyen dy't bekend steane ûnder de letters A oant en mei F, en de haadkertierskompanjy H.

  • Kompanjy A bestrykt it de súdlike helte fan East-Teksas mei as útfalsbasis Houston
  • Kompanjy B bestrykt it de noardlike helte fan East-Teksas mei as útfalsbasis Garland
  • Kompanjy C bestrykt Noard-Teksas en de Panhandle mei as útfalsbasis Lubbock
  • Kompanjy D bestrykt Súd-Teksas mei as útfalsbasis Weslaco
  • Kompanjy E bestrykt West-Teksas en de westlike helte fan sintraal Teksas mei as útfalsbasis El Paso
  • Kompanjy F bestrykt de eastlike helte fan sintraal Teksas mei as útfalsbasis Waco

Kompanjy H bestiet út de stêf op it haadkertier fan 'e hiele plysjetsjinst (Division Headquarters) yn 'e Teksaanske haadstêd Austin, dy't yn it wurkgebiet fan Kompanjy F leit.

Yn 2014 telden de Texas Rangers 150 beëdige spesjaal aginten (de eigentlike Texas Rangers), oanfolle mei ien patolooch-anatoom, ien fiskaal analist en in ûnderstypjende stêf fan 24 wurknimmers. Yn 2019 wiene der 166 beëdige aginten en 68 meiwurkers yn ûnderstypjende funksjes. It Steatskongres fan Teksas hat by wet fêstlizze litten dat de Texas Rangers yn needsitewaasjes oant 300 Spesjale Rangers oanstelle meie om oan genôch mankrêft te kommen. Sokken soene dan yn 'e measte gefallen ûntlutsen wurde moatte oan pleatslike plysjekorpsen.

Rangen

De rangen fan 'e Texas Rangers binne (fan heech nei leech):

De 'gewoane' Texas Rangers dy't it fjildwurk dogge, hawwe ornaris de rang fan sersjant. As men heger opklimt, bedarret men al rillegau efter in buro.

Popkultuer

Tsjintwurdich foarmje de Texas Rangers in wichtich elemint fan 'e kultuer fan 'e steat Teksas. Dat hat sokke foarmen oannommen dat de plysjetsjinst no by wet beskerme is tsjin opheffing. Der binne withoefolle boeken oer de Texas Rangers skreaun, fan historiografyske non-fiksjewurken oant pulpromantsjes dy't de leginden fan it Wylde Westen mytologisearren. De Lone Ranger ("Ienlike Ranger"), fan 1949 ôf popularisearre troch ferskate tillefyzjesearjes en films (lykas The Lone Ranger), is miskien wol it bekendste personaazje út 'e popkultuer dat oan 'e Texas Rangers ûntliend is. In oar foarbyld is it troch akteur Chuck Norris spile titelpersonaazje út 'e plysjesearje Walker, Texas Ranger (1993-2001). Ek it honkbalteam de Texas Rangers, út 'e Dallas-Fort Worth-stêdekloft, dat yn 'e MLB spilet, is nei de plysjetsjinst ferneamd. Fierders bestiet der in museum dat oan 'e Texas Rangers wijd is: it Texas Ranger Hall of Fame and Museum yn Waco.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.