Foarming fan eupolyploïden
 
Foarâldersoart
diploïde genoom: ZZ
soartfoarming of spesiaasje (evolúsje)
diploïde soart A
genoom: AA
diploïde soart B
genoom: BB
 
  autopoly-
ploïdy
bastar-
dearring
autopoly-
ploïdy
 
autotetraploïde
AAAA
hybride
AB
autotetraploïde
BBBB
 
bastardearring hybridogene
polyploïdy
 
triploïde
AAA
allotetraploïde
AABB
diploïdisaasje diploïdisaasje diploïdisaasje
diploïde soart
AA
diploïde soart
AB
diploïde
BB
skema fan boppe nei ûnderen lêze
Tetraploïdisearring

In tetraploïde sel is in sel wêrfan’’t yn de selkearn fan elk gromosoom troch genoommutaasjes fjouwer eksimplaren oanwêzich binne (geslachtsgromosomen útsûndere). Dat wurdt werjûn mei 2n = 4x, wat sizze wol dat yn it diploïde stadium fan de libbenssyklus de homologe gromosomen fjouwer kear foarkomme en dat ek elk gen op syn minst fjouwer kear foarkomt. By de meloaze ûntsteane de haploïde geslachtssellen en wurdt dat tal midstwa dien ta 2x. Tetraploïde sellen binne fakentiids ûntstien troch ferdûbeljen fan it genoom by diploïde sellen. Dat kin sawol op natuerlike as op keunstmjittige wize barre. Gauris wurdt in kolgisinebehanneling brûkt foar it meitsjen fan keunstmjittige tetraploïden.

Tetraploïde planten binne faak grutter en troch de minske faak selektearre, lykas hurd weet, amerweet, tetraploïde Ingelsk raaigers en tetraploïde Italjaansk raaigers. Ek komme by koalsoarten tetraploïden foar yn de foarm fan allotetraploïden.

By in Alloploïde organisme komme de gromosomen fan mear as ién soarte. Trochdat in diploïde alloploïde faak steryl is, binne by de evolúsje allinnich de tetraploïden of hegere polyploïden útselektearre. In foarbyld fan in allotetraploïde is koalsied (Brassica napus) mei 38 gromosomen dat ûntstien is út koal (Brassica oleracea) mei 18 en Sineeske koal (Brassica campestris) mei 20 gromosomen. By in autoploïde plant komme de gromosomen fan ién plant.

As in diploïde en in tetraploïde organisme har fuortplantsje, kinne der triploïde neikommelingen ûntstean, wêrby’t yn de selkearn fan elk gromosoom trije eksimplaren oanwêzich binne. De geslachtssellen fan tetraploïde organismen binne nammentlik diploïde, en dy fan diploïde organismen haploïde.

Der wurdt op grûn fan de genetyske gearstalling ûnderskied makke yn in:

  • kwadripleks: AAAA
  • tripleks: AAAa
  • dupleks: AAaa
  • sinpleks: Aaaa
  • nullypleks: aaaa

wêrby’t A stiet foar in dominant allel en a foar in resessyf allel.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.