Tera Heart
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Terra Heart, Tara Hart, Tara Heart,
Tera Hart, Tina Ames
echte nammeLynn Bates
nasjonaliteit Amerikaansk
berne13 septimber 1968
berteplak ? (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum aspornoaktrise
jierren aktyf19901993 & 19941999
offisjele webside
gjint

Tera Heart, echte namme: Lynn Bates (13 septimber 1968), is in rêstend Amerikaansk pornografysk aktrise. Har namme wurdt ek wol (mis)stavere as Terra Heart, Tara Hart, Tara Heart en Tera Hart, en se hat yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Tina Ames. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.70 m, mei in gewicht fan 55 kg.

Libben en karriêre

Heart waard berne earne yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Hja sette yn 1990, op har 21ste, útein mei in karriêre as pornoaktrise. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn 176 ûnderskate pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Wicked Pictures, Sin City en Seymore Butts Home Movies. Yn 1993 hold se in hoartsje op mei aktearjen, mar it jiers dêrop makke se in comeback. Uteinlik loek se har yn 1999 foargoed út 'e pornoyndustry werom.

Heart hat twaris troud west (en is twaris skieden), de lêste kear mei kollega-pornoakteur Brad Armstrong. It lêste dat fan har bekend is, is dat se har yn Tampa, yn 'e steat Floarida, nei wenjen set hie, en besocht om in fergunning foar privee-detektive te bemachtigjen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.