Teodoasius de Grutte of Teodoasius I (Latyn: Flavius Theodosius; 11 jannewaris 347, Coca, Spanje - 17 jannewaris 395, Milaan), wie keizer fan it eastlik part fan it Romeinske Ryk fan 379 ôf oant 394, en dêrnei oant 395 oer it hiele ryk, dat hy wie ek de lêste keizer dy't noch in skoftlang oer it hiele rijk hearske. Nei syn dea waard it ryk foaraltyd splitst yn in Eastlik en in Westlik part.
Libben
Teodoasius wie de soan fan de Spanjert Teodoasius de Aldere dy't him ûnder Falentinianus I as magister equitum fertsjinstlik makke hie. Doe't syn heit terjochtsteld waard luts hy him werom op syn lângoed yn Spanje.
Doe't de Fisigoaten yn 378 by Adrianopel Falens, keizer fan it easten, fersloegen yn de Slach by Adrianopel), beneamde Gratianus, keizer fan it westen, him as magister equitum tsjin de Fisigoaten. Nei syn oerwinning op de Sarmaten yn Pannoanje, ein 378, waard hy ta keizer fan it easten ferheft (379). Hy ûnderwurp de Fisigoaten yn 382, mar joech harren fêste wenplakken súdlik fan de Donau en liifde in part yn yn syn leger. De usurpator Magnus Maksimus, dy't Gratianus ta fal brocht hie, moast hy lykwols as mei-keizer fan Brittanje, Galje en Spanje erkenne. Doe't dy ek Falentinianus II út Itaalje ferdreau, brocht Teodoasius him yn de Sava foar altyd in nederlaach ta 388.
De bewenners fan Thessaloniki, dy't ûnder in rebûlje ien fan syn befelhawwers fermoarde hienen, strafte er grouwélich, 390, dêr't biskop Ambrosius him tsjerklike boete foar dwaan liet. Yn 394 luts hy op tsjin Arbogastes dy't wierskynlik yn 392 Falentinianus II fermoarde litten hie om Eugenius keizer fan it westen wurde te litten. Beiden waarden yn de Fipava-fallei - yn de Slach oan de Frigidus, tichtby Ad Pirum - ferslein. Sa waard it ryk foar de lêste kear troch ien hân regearre. Diskear duorre it koart, om't Teodoasius in pear moanne letter stoar. Nei Teodoasius syn dea waard it ryk ûnder syn beide soannen Arkadius en Honorius ferdield, ûnder fâldij en regintskip fan de Fandaalske generaal Stilicho.
It kristendom ta steatsgodstsjinst ferheft
Wylst syn beide foargongers de Arianen begeunstigen, keas Teodoasius de side fan Athanasius. Yn 380 ferklearre hy mei Gratianus en Falentinianus II it Trinitêre Kristendom ta steatsgodstsjinst (Trije-Keizers-edikt), rjochte tsjin it Arianisme. Tagelyk fierde er in ferdraachsume polityk tsjin it heidendom. Yn 381 ferklearre er op it Konsylje fan Konstantinopel dat de leauwensbelidenis fan Nicea allinnich jildich wie, mar hy wie ek foarstander fan it yn eare hâlden fan heidenske kultplakken as iepenbiere plakken.
Fan 392 ôf keas Teodoasius foar in hurde line tsjin it heidendom. De heidenske kultus waard ferbean en heidenen koenen gjin offisjele amten mear krije.