Teodoarik II, of ek wol Diderik II (sa. 426 – begjin 466), wie kening fan de Fisigoaten (453-466). Hy folge syn broer Torismund op nei dy syn dea yn 453. Teodoarik II wie earst in trouwe bûnsmaat fan de Romeinen. Hy stie benammen mei de Romeinske keizer Avitus op goede foet, mar nei dy syn dea hâlde hy him hieltyd ûnôfhinkliker.
Trou bûnsmaat fan de Romeinen
Oars as syn heit respektearre Teodoarik II ynearsten it foederaty-ferdrach mei de Romeinen. As trouwe bûnsmaat gong er yn 454 op strafekspedysje nei Spanje. Dêr makke syn leger in ein oan plonderingen fan benden Bagaudae dy't lân en stêd terrorisearren.
Teodoarik II stipe de Galyske senator Avitus, in goede freon fan syn heit, doe't dy him yn 455 troch it leger ta keizer beneame liet. Foar Avitus kaam er yn 456 op 'e nij yn aksje yn Spanje. Diskear hâlde hy in strafekspedysje tsjin de Sueven. Ticht by de stêd Astorga helle hy in grutte oerwinning op de Sueven.
Unfreon mei de Romeinen
Neidat Keizer Avitus yn 456 ôfsetten waard troch de oerbefelhawwer fan it Romeinske leger, de Germaan Risimer, begûn Teodoarik stadichoan it Romeinsk gesach tsjin te wurkjen. Nei de ekspedysjes yn Spanje hie er dêr al koloanjes mei soldaten efter litten, om de rêst sabeare te hanthavenjen, mar yn it echt wie it in besettingsmacht. De nije keizer Majorianus pikte dat net en twong Teodoarik II yn 460 om op 'e nij it Romeinsk te erkennen. De krigele Majorianus sette in fjildtocht tsjin de Fandalen útein dêr't ek de Fisigoaten twongen waarden oan mei te dwaan. Dy fjildtocht ferrûn lykwols jammerdearlik, de Romeinen waarden ferslein en dat soe grutte gefolgen hawwe.
Yn Itaalje kaam it Romeinske leger ûnder generaal Risimer yn opstân en sette keizer Majorianus oan de kant. Libius Severus, in strieman fan Risimer waard ta nije keizer beneamd. It Romeinske leger yn Galje ûnder generaal Aegidius wie hjir poer op tsjin en makke him op om Itaalje binnen te fallen. Dat konflikt paste prima yn Teodoarik syn plannen him fierders te ûntdwaan fan it Romeinske gesach. Yn ruil foar de havenstêd Narbonne en omkriten keas er de side fan Risimer. Dêrmei krigen de Fisigoaten in iepen ferbining mei de Middellânske See. Tegearre mei de Boergonden waard generaal Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnien.
In oar plan fan Teodoarik om it Fisigoatysk gebiet fierder benoarden de Loire út te wreidzjen, mislearre ek. Yn 463 loek er oan it haad fan syn leger op tsjin it Romeinske leger ûnder Aegidius, dy't in eigen Gallo-Romeinske ryk stifte hie yn Noard-Galje. Teodoarik ferlear de Slach by Orleans en joech as gefolch dêrfan fierder besykjen op. Yn 466 stoar Teodoarik II en waard opfolge troch syn broer Eurik.
Boarnen
- Gregorius fan Toers, Galyske biskop
- Sidonius Apollinaris, Latynske dichter
Literatuer
- Hermann Schreiber, de Goten, vorsten en vazallen, (1979).