Tennessee Williams
skriuwer
Tennessee Williams (1965)
Tennessee Williams (1965)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThomas Lanier Williams
nasjonaliteit Amerikaansk
berne26 maart 1911
berteplakKolumbus
stoarn25 febrewaris 1983
stjerplakNew York
wurk
sjenretoanielstikken,
romans,
gedichten
bekendste
  wurk(en)
The Glass Menagerie
jierren aktyf19301983

Tennessee Williams, berne as Thomas Lanier Williams (Kolumbus (Mississippy), 26 maart 1911New York, 25 febrewaris 1983) wie in Amerikaansk skriuwer.

Williams waard fral ferneamd fan syn toanielstikken, mar hy skreau ek romans, gedichten en essays. Syn bynamme, dy't ek syn skriuwersnamme waard, krige er fan sy klasgenoaten om reden fan sy súdlik aksint.

The Glass Menagerie ('Glêzen boartersguod', 1945) wie syn earste grutte súkses. Yn dat stik komt al ien fan syn haadtemas nei foaren: it konflikt tusken yllúzje en realiteit.

Mei A Streetcar Named Desire (1947) waard er ien fan de wichtichste Amerikaanske toanielskriuwers fan nei de oarloch. It stik waard yn 1951 ferfilme mei Marlon Brando yn de haadrol. Ek Cat on a Hot Tin Roof waard ferfilme, mei Paul Newman en Elizabeth Taylor yn de haadrollen.

Wichtichst wurk

Toaniel

  • The Glass Menagerie (1945)
  • A Streetcar Named Desire (1947)
  • The Rose Tattoo (1951)
  • Cat On a Hot Tin Roof (1955)
  • Orpheus Descending (1957)
  • Suddenly, Last Summer (1958)
  • Sweet Bird of Youth (1959)
  • The Night of the Iguana (1962)
  • The Milk Train Doesn't Stop Here Anymore (1962)
  • Eccentricities of a Nightingale (1964)

Romans

  • The Roman Spring of Mrs. Stone (1950)
  • Moise and the World of Reason (1975)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.