De tendinsroman is in maatskiplik engazjearre fariant fan de psychologyske roman en draait om it útbyldzjen fan it geasteslibben fan de haadpersoan, mar tagelyk wurdt in oertsjûging propagandearre of bekritisearre of in maatskiplike misstân oan de oarder steld. It bekendste Nederlânske foarbyld is de Max Havelaar fan Multatuli.

Ek teksten dy 't beneamd wurde as didaktyske literatuer, moralistyske literatuer, sosjale literatuer, politike literatuer en propagandaliteratuer kinne beskôge wurde as foarmen fan tendinsliteratuer.[1]

Foarbylden

  • M.J.J. Exler: Levensleed, 1911
  • Aldous Huxley: Brave new world, 1932
  • Aldous Huxley: Island, 1962
  • Cécile de Jong van Beek en Donk: Hilda van Suylenburg, 1897
  • Multatuli: Max Havelaar
  • Leon Uris: Exodus, 1955
  • Theun de Vries: Sla de wolven, herder, 1946
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lemma Tendensliteratuur yn it Algemeen Letterkundig Lexicon, G.J. van Bork, D. Delabastita, H. van Gorp, P.J. Verkruijsse en G.J. Vis, 2012.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.