Telemark | |||
De stêd Rjukan (yn 'e delling) en de berch Gaustatoppen yn Opper-Telemark. | |||
| |||
Lân | Noarwegen | ||
Nûmer | NO-08 | ||
Lânsdiel | Østlandet | ||
Haadplak | Skien | ||
Oerflak | 15.299 km² | ||
- lân | 13.854 km² | ||
- wetter | 1.445 km² | ||
Ynwennertal | 173.355 (2020) | ||
Befolkingstichtens | 11,3 ynwenners/km² | ||
Tiidsône | UTC+1 | ||
- simmertiid | UTC+2 | ||
Webstee: www.telemark.no |
Telemark (Noarske útspr.: ['te:ləmɑrk], likernôch: "tee-luh-mork") is in provinsje, tradisjonele regio en kiesdistrikt fan Noarwegen. It leit yn it suden fan it lân, yn it lânsdiel Østlandet. De haadstêd is Skien, en it hat goed 173.000 ynwenners. Telemark wie in provinsje fan Noarwegen oant it yn 2020 mei de buorprovinsje Vestfold opgie yn 'e nije fúzjeprovinsje Vestfold en Telemark. Dy waard lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft, wêrby't Telemark wer ferselssannige waard.
Etymology
De namme 'Telemark' giet werom op 'e Telen (Noarsk: Thelir; Aldnoarsk: Þilir), in Noardgermaanske stamme dy't de krite bewenne sûnt it Grutte Folkeferfarren. De Aldnoarske foarm foar 'Telemark' wie Þelamǫrk, wêrfan't it earste diel in genityf meartal fan Þilir is, wylst it efterheaksel -mǫrk in oantsjutting is foar "beboske lân".
Geografy
Telemark leit yn it suden fan Noarwegen en strekt him út fan 'e bergen fan it Hardangerplato yn it noarden oant de kust fan it Skagerrak yn it suden. It gebiet beslacht in oerflak fan 15.299 km², wêrfan't 13.854 km² út lân bestiet en 1.445 km² út oerflaktewetter. De krite wurdt begrinzge troch de oanbuorjende tradisjonele regio's en eardere provinsjes Vestfold, Buskerud, Hordaland, Rogaland en Aust-Agder. Telemark omfiemet in ferskaat oan lânskipstypen, fariëarjend fan fjorden, wâlden en djippe marren ta bergen, dellingen en heechflakten.
Telemark wurdt fierders opmakke út ferskate histoaryske regio's, wêrfan't de wichtichsten Opper-Telemark en Grenland binne. Opper-Telemark beslacht it noardlike en noardwestlike fjouwerfyfdepart fan it gebiet, dat it bercheftichst is. Oarspronklik hiet dat gebiet simpelwei Telemark. Grenland wie oarspronklik in beneaming foar wat no Midden-Telemark hjit, mar ûntjoech him meitiid ta de namme fan 'e fjordekust om 'e wichtige havenstêd Skien hinne.
Skiednis
Telemark ûntstie yn 'e Lette Midsiuwen yn it feriene Keninkryk Denemark-Noarwegen as it lien Bratsberg, dat ferneamd wie nei de pleats dêr't de gûverneur residearre. Mei de yntroduksje fan 'e absolute monargy, yn 1662, waard it in provinsje fan Noarwegen, mei as haadplak de havenstêd Skien. Yn 1919 waard de provinsje omneamd ta Telemark, nei't it Storting, it Noarske parlemint, dêrta yn 1918 besletten hie.
It gebiet wie hiel behâldend, wat ta utering komt troch it feit dat de dialekten fan it Noarsk dy't yn Opper-Telemark sprutsen wurde, noch it measte op it Aldnoarsk lykje. Behalven wat taal oangie, gou it konservatisme ek op mêden as religy en maatskiplike noarmen en wearden. Sa holden de bewenners der langer fêst oan earst it Germaanske heidendom en letter it roomsk-katolisisme as yn oare dielen fan Noarwegen. Skien wie nei de Midsiuwen iuwenlang de wichtichste havenstêd fan Noarwegen, oant syn ynfloed op 'e seefeart en de hannel nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen begûn te belúnjen.
Opper-Telemark, en yn 't bysûnder Kviteseid, stiet bekend as it berteplak fan it skyen as moderne sport. Telemark hat syn namme ek jûn oan it telemarkskyen, in styl dy't ûntwikkele waard troch Sondre Norheim, en oan 'e karakteristike telemarklâning by it skyskânsspringen.
Yn 1943 en 1944 wie de provinsje Telemark it toaniel fan 'e ferneamde swierwettersabotaazje, wêrby't it Noarske ferset it atoomprogamma fan nazy-Dútslân in stôk yn 'e speaken stiek.
Yn 2020 gie Telemark mei de oanbuorjende provinsje Vestfold op yn 'e nije fúzjeprovinsje Vestfold og Telemark. Dat joech oanlieding ta sa'n trelit, dat de provinsjale folksfertsjintwurdiging fan Vestfold og Telemark by in Noarske regear in fersyk yntsjinne om 'e fúzje werom te draaien. De folksfertsjintwurdigings fan hast alle oare nije fúzjeprovinsjes diene itselde. Doe't nei ferkiezings in nij regear oan 'e macht kaam yn Oslo, waarden sadwaande mei yngong fan 1 jannewaris 2024 de measte provinsjale fúzjes út 2020 weromdraaid. Sa waard Telemark wer in selsstannige provinsje.
Demografy
Neffens offisjele gegevens fan 'e Noarske oerheid út 2020 hie Telemark doe in befolking fan 173.355 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 11,3 minsken de km². De grutste plakken yn Telemark binne: Skien, Porsgrunn, Notodden, Rjukan en Kragerø.
Bestjoerlike yndieling
rang | gemeente | befolking | oerflak yn km² | distrikt |
---|---|---|---|---|
1 | Skien | 54.942 | 722 | Grenland |
2 | Porsgrunn | 36.397 | 161 | Grenland |
3 | Bamble | 14.061 | 282 | Grenland |
4 | Notodden | 13.049 | 856 | Aust-Telemark |
5 | Midt-Telemark | 10.444 | 518 | Midt-Telemark |
6 | Kragerø | 10.380 | 289 | Vestmar |
7 | Nome | 6.515 | 389 | Midt-Telemark |
8 | Tinn | 5.691 | 1.858 | Aust-Telemark |
9 | Drangedal | 4.060 | 998 | Vestmar |
10 | Vinje | 3.676 | 2.740 | Vest-Telemark |
11 | Seljord | 2.888 | 672 | Vest-Telemark |
12 | Kviteseid | 2.403 | 626 | Vest-Telemark |
13 | Siljan | 2.340 | 203 | Grenland |
14 | Tokke | 2.201 | 907 | Vest-Telemark |
15 | Hjartdal | 1.573 | 741 | Aust-Telemark |
16 | Nissedal | 1.448 | 789 | Vest-Telemark |
17 | Fyresdal | 1.287 | 1.110 | Vest-Telemark |
totaal | Telemark | 173.355 | 13.173 |
Keppelings om utens
Sjoch ek
- provinsjes fan Noarwegen
- Vestfold og Telemark
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | |
Eardere provinsjes | |
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken |