In telefyzjestudio dêr't opnamen oan 'e gong binne foar it telefyzjeprogramma Kripo Live, fan 'e Dútske telefyzjestjoerder MDR.

In telefyzjestudio is in ynstallaasjeromte (oftewol telefyzjeproduksjestudio) en/of in bedriuw (oftewol telefyzjeproduksjemaatskippij), wijd oan it meitsjen fan telefyzjeprogramma's. Guon studio's binne ynrjochte foar it fersoargjen fan live-útstjoerings, en binne dan tarist mei direkte satellytferbinings. Oaren wurde brûkt foar it opnimmen fan produksjes dy't op in letter tiidstip útstjoerd wurde sille. De opbou fan in telefyzjestudio rint frij lykop mei dy fan in filmstudio, mei it ferskil dat beskate ûnderdielen spesifyk tsjinje foar telefyzje- ynstee fan filmproduksje.

Studio-opbou

De eigentlike studio is de romte dêr't de opnamen fan in telefyzjeprogramma plakfine. Sa'n romte bestiet út 'e folgjende ûnderdielen:

  • It dekôr, dat bestean kin út in fêste of in tydlike (ferwikselbere) opstelling. In fêste opstelling bliuwt stean salang't de produksje fan in telefyzjeprogramma duorret. Dat kin fariëarje fan in pear dagen oant moannen lang. In tydlik dekôr wurdt daliks nei in opname wer ôfbrutsen om romte te meitsjen foar in oar dekôr. Mocht it letter nochris nedich wêze, dan kin it wer opboud wurde.
  • De telefyzjekamera's, dy't opnimme wat der yn 'e studio bart. De bylden wurde ferstjoerd nei de kontrôlekeamer, dy't him ornaris yn itselde gebou befynt. Dêr wurdt troch de regisseur besletten fan hokker kamera de opnamen op dat stuit yn byld brocht wurde. Dat is by live-útstjoerings fan grut belang. By opnamen fan programma's dy't net live binne, kin letter by de montaazje besletten wurde hokker bylden brûkt wurde.
  • Mikrofoanen dy't soargje foar de lûdstransmisje.
  • Studioferljochting, dy't net inkeld soarget foar in sichtbere studio, mar ek foar de juste sfear.
  • In public adress-systeem foar de werjefte fan it lûd yn 'e studio.

Meiwurkers yn in telefyzjestudio

Oan in telefyzjeproduksje wurkje yn 'e eigentlike studio de folgjende persoanen mei:

  • De presintator, kwismaster of programmalieder, dy't streekrjocht yn byld brocht wurdt.
  • De dielnimmers of gasten dy't yn it programma te sjen binne.
  • It publyk dat eventueel by de opnamen oanwêzich is en dat dan faak sydlings of op 'e eftergrûn yn byld brocht wurdt.
  • De crew, dy't efter de skermen wurksum is en bûten byld bliuwt:
    • In opnamelieder dy't de lieding hat oer de opnamen yn 'e studio, en dy't alle tiidslimiten wit en yn 'e rekken hâldt. Hy is tagelyk ek it oansprekpunt foar de regisseur, dy't yn 'e kontrôlekeamer sit.
    • Ien of mear kameralju dy't de kamera's betsjinje. Soms kinne sokken ferfongen wurde trochdat de kamera's út 'e kontrôlekeamer wei automatysk betsjinne wurde.
    • By diskusjeprogramma's wêrby't minsken yn it publyk oan it wurd komme, binne ek ien of mear lûdslju aktyf.
    • By nijsbulletêns, aktualiteiterubriken of praatprogramma's is der almeast in autocue-operator oanwêzich, dy't de autocue betsjinnet.

Kontrôlekeamer

Njonken de eigentlike studioromte, dêr't de opnamen dien wurde, is yn itselde gebou ek in kontrôlekeamer fêstige. It is mooglik dat dy ûnderbrocht is yn ferskillende romten, mar it kin ek skoan wêze dat it allegear byinoar yn ien romte sit, de SCR (Studio Control Room). By in skieding yn ferskillende romten is de ferdieling oer it algemien sa:

  • in rezjykeamer mei dêryn:
    • in muorre besteande út fideomonitors, de saneamde 'monitormuorre'. Op dy byldskermen wurde bylden fertoand sa't dy opnommen wurde troch alle yn 'e studioromte aktive kamera's. De regisseur, dy't yn 'e rezjykeamer sit, hat sa in oersjoch fan alle beskikbere bylden, en kin op elts momint fan kamera feroarje om in bepaalde opname yn byld te bringen.
    • in mingpaniel of 'skeakeltafel' foar byldminging.
    • in titelgenerator, dy't soarget dat ûndertiteling en tekstbalken op 'e goede tiid op it juste plak yn byld brocht wurde.
  • in lûdskeamer mei dêryn:
    • audiomingpanielen foar lûd.
    • jingle-apparatuer, wêrmei't meast koarte muzykjes ôfspile wurde kinne, lykas in tune.
  • in kamerakontrôlekeamer mei dêryn:
    • alderhanne mjitappartuer, lykas ossilloskopen, fektorskopen en kamerakontrôlepanielen, dy't troch de byldtechnikus brûkt wurdt foar de fynôfstelling fan 'e kamera's.
    • apparatuer fan 'e tape-operator, dy't de útstjoering opnimt en/of fideo's ôfspilet.

Oare fasiliteiten

Om in telefyzjestudio hinne lizze oare romten, lykas:

  • De make-upromte foar fisazjy, dêr't presintator en gasten opmakke wurde.
  • Ien of mear klaaikeamers.
  • In bar foar de studiogasten.
  • Sanitêre foarsjennings, lykas húskes en in baaikeamer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.