De San Andreas Fault yn Kalifornje is it gefolch fan tektoanyske sydskowing.

Tektonyk (fan it Gryksk tektonikós: bouwurk) is it gehiel oan bewegings en ferfoarmings (lykas breuken en ploaien) yn it fêste oerflak fan in planeet (de koarste). De term wurdt ek brûkt foar it fakgebiet binnen de geology dat dit proses bestudearret.

Tektonyk bestudearret de prosessen, meganismen en krêften dy't laat hawwe ta ferfoarmings yn de koarste. De bestudearring fan de ferfoarming sels falt ûnder de strukturele geology. De natuerkundige eftergrûn fan tektonyk wurdt bestudearre troch de kontinuümmeganika.

Sûnt de jierren sechtich wurde op Ierde de measte tektonyske ferskynsels ferklearre mei de teory fan de platentektonyk. Op oare himellichems yn ús sinnestelsel komt dit net foar en wurde ferfoarmings fan de planeetkoarste mei oare meganismen ferklearre.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Fowler, C.M.R.; 1990: The Solid Earth, an introduction to Global Geophysics, Cambridge University Press, ISBN 0-521-38590-3
  • (in) Keller, E.A.; 2001 (2e druk): Active Tectonics: Earthquakes, Uplift, and Landscape, Prentice Hall, ISBN 0-13-088230-5
  • (in) Schumm, S.A.; Dumont, J.F. & Holbrook, J.M.; 2002: Active Tectonics and Alluvial Rivers, Cambridge University Press, ISBN 0-521-89058-6
  • (in) Twiss, R.J. & Moores, E.M.; 2000: Structural Geology, W.H. Freeman & co, ISBN 0-7167-2252-6
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.