Tegucigalpa
Sint Michelkatedraal Tegucigalpa
Sint Michelkatedraal Tegucigalpa
Polityk
LânHondueras
DepartemintFrancisco Morazán
BoargemasterRicardo Álvarez (PNH)
Sifers
Ynwennertal1.086.641 (2009)
Oerflak751.1 km²
Befolkingsticht.± 930/km²
Stêdekloft1.324.000
Hichte980 m
Oar
Stifting29 septimber 1578
Haadstêd sûnt 1880
TiidsôneCentra America (UTC-6)
Koördinaten
Offisjele webside
(sp) De offisjeel webstee Tegucigalpa
Lizzing yn Hondueras

Tegucigalpa is de haadstêd fan it Midden-Amearikaanske lân Hondueras en fan it departemint Francisco Morazán. Mei benei 1.500.000 ynwenners (2006) is it de grutste stêd fan it lân. De stêd leit yn in middelberchtme en wurdt omjûn troch nullebosken. De stêd hat in heal-fochtich tropysk klimaat mei in drûge tiid fan novimber/desimber oant april.

Ut de skiednis

Tegucigalpa waard stifte troch de Spanjerts as Real Villa de San Miguel de Heredia de Tegucigalpa op 29 septimber 1578 op it plak dêr't al delsetting wie. Under de Republyk Hondueras wiene Tegucigalpa en Comayagua (de haadstêd yn de koloniale tiid) om de beurten haadstêd, earst yn 1880 waard regele dat Tegucigalpa foar altyd haadstêd wêze soe.


Tegucigalpa bleau oant yn de jierren 70 fan de 20e iuw in relatyf lytse provinsjestêd; dêrnei migrearren in protte minsken fan it plattelân nei de stêd. Yn de jierren 80 waarden in soad wegen en ferkearskeunstwurken oanlein en grutte gebouwen set, in nijichheid foar de stêd dy't nea oars as gebouwen fan twa ferdjippings hân hie. Tegucigalpa is fier bûten syn koloniale kearn útwreide, nei east, súd en west, sadat der in metropoal ûntstien is, mar ien dy't in frijwat rommelich, ûnorganisearre oansjen krigen hat.

It besjen wurdich

De stêd hat in tal gebouwen fan belang dy't it besjen wurdich binne; sa as it eardere Presidinsjeel Paleis, no in nasjonaal museum, it haadkertier fan de Sintraal Amerikaanske Bank foar Ekonomyske Yntegraasje, de kampus fan de Nasjonale Universiteit fan Hondueras (1847), in 18e-iuwske katedraal en de Basilyk fan de Faam fan Suyapa.

Befolking

De measte stedsbewenners binne Spaansksprekkende Mestizen mei in minderheid fan Latynsk-Amerikanen. Fierders hâldt dêr in minderheid fan Sinezen en Arabieren ta, de lêsten binne meast Palestinen. Ek wenje der noch Midden-Amerikaanske Yndianen en Afro-Hondueranen.

Yndustry

Yn de 16e iuw wie Tegucigalpa in wichtich plak foar de goud- en sulverwinning; ek nei de ûnôfhinklikens fan Hondueras wie dat noch in skoft fan belang. No binne de tekstyl-, sûker- en sigarette-yndustry it wichtichst, mar teffens wurdt der hout, multypleks, papier, keramyk, sement, glês en gemikaliën produsearre.

Ynfrastruktuer

In Boeing 757 makket skerpe draai foar lâning op Tokontin

Tegucigalpa is ien fan mar in pear haadstêden yn de wrâld dy't net oan it spoar leit.

De lofthaven fan de stêd, Tonkontín, jildt as ien fan de gefaarlikste yn de wrâld út reden fan syn koarte banen en syn lizzing deun op de stedsbebouwing. Benammen gruttere tastellen binne om te lânjen twong om op lege hichte risikofolle maneuvels út te heljen. Piloaten fan ferskate Amerikaanske fleanmaatskippijen wurde út soarte treend yn it fleanen op Tonkontin.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.