Ted Turner yn 2015

Robert Edward "Ted" Turner III (Cincinnati, 19 novimber 1938) is in Amerikaanske mediamagnaat en pionier fan keabeltelefyzje dy't yn 1980 de wrâldwide nijsstjoerder CNN oprjochte. Hy is de grutste priveegrûnbesitter fan de Feriene Steaten; syn hjoeddeiske fermogen wurdt rûsd op ûngefear 2,3 miljard dollar. Turner waard yn 1991 útroppen ta Man fan it Jier troch it tydskrift TIME.

Ted Turner is ek in bekende filantroop en sporter. Yn 1977 wûn hy de sylrace America's Cup. Hy joech yn 1998 in miljard dollar fan syn fortún om de United Nations Foundation op te setten.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ted Turner fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Ted Turner en Bill Burke - Call Me Ted. Grand Central Publishing, 2008 (oersetten yn it Nederlânsk as Zeg maar Ted)
  • Porter Bibb - Ted Turner: It Ain't As Easy as It Looks: A Biography. Virgin Books, 1996
  • Robert Goldberg & Gary Jay Goldberg - Citizen Turner: The Wild Rise of an American Tycoon. Harcourt, 1995
  • Janet Lowe - Ted Turner Speaks: Insights from the World's Greatest Maverick. Wiley, 1999
  • Ted Turner & Gary Jobson - Racing Edge. Simon & Schuster, 1979
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.