Teatske Alzum (Moarre, 29 oktober 1899 - Dokkum, 13 juny 1962) wie in winkelfrou en Frysktalich skriuwster út Moarre, Dongeradiel.
Libben
Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre. Dêr hie hja mei har suster, by wa't se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Yn 't earstoan skreau hja yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren (WO II) folge se in kursus Frysk. Oer de skriuwerij yn it Frysk hat Alzum ris sein: 'Wat nuver dat men der mei pielt, net?'[1]
Har boeken ferskynden by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).
Publikaasjes
Eigen wurk
- Koarte ferhalen, ûnder oare ferskynd yn it Frysk Deiblêd, Frysk en Frij, De Fleanende Krie en De Stim fan Fryslân.
- Toanielstikken
- Diggels, ferhalebondel (1965)
- Iepen finsters, roman (1963)
- Boete dwaen, (blomlêzing út Diggels (1978)
Telefyzjespul
- Boete dwaen (1978). Bewurking fan trije ferhalen foar telefyzje yn opdracht fan de NCRV, rezjy Klaas Rusticus[2]
Oer Teatske Alzum
- Kate Ashton - Teatske Alzum har wrâld, mei in omstavere werprintinge fan 38 ferhalen (2004)
- Reportaazje oer Teatske Alzum mei har suster Folkje Alzum en Ate Leegstra yn Moarre by Ljussens. - Ljouwert : Omrop Fryslân, 2009. Hjir: te beharkjen.
- Koart portret fan Teatske Alzum op de Fryske Jûn, NCRV-telefyzje, 8 novimber 1978.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.