Tasmaanje Tasmania | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Ubertas et fidelitas ("Fruchtberens en trou") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | TAS |
lân | Austraalje |
status | steat |
haadstêd | Hobart |
grutste stêd | Hobart |
sifers | |
ynwennertal | 512.000 (2012) |
befolkingstichtens | 7,2 / km² |
oerflak | 90.758 km² (ynkl. wetter) 68.401 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+10 (S.T. UTC+11) |
webside | www.tas.gov.au |
Tasmaanje (Ingelsk: Tasmania) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It beslacht it eilân Tasmaanje, dat súdeastlik fan it Australyske kontinint op 'e grins fan 'e Stille Oseaan, de Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan leit. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Hobart. Mei 0,9% fan it nasjonaal grûngebiet is Tasmaanje fierwei de lytste Australyske steat. Neffens gegevens út 2012 hie Tasmaanje doe 512.000 ynwenners, wat delkomt op 2,2% fan 'e totale Australyske befolking.
Etymology
Tasmaanje is ferneamd nei de Nederlânske ûntdekkingsreizger Abel Tasman, dy't op 24 novimber 1642 de earste dokumintearre Jeropeeske waarnimming fan it eilân die. Tasman neamde it eilân sels Antonio van Diemen's Land, nei syn opdrachtjouwer Antonio van Diemen, de gûvernear-generaal fan East-Ynje. Dy namme waard letter troch de Britten ynkoarte ta Van Diemen's Land. Op nijjiersdei 1856 waard it eilân formeel omneamd om Tasman te earjen. Yn it Australyske spraakgebrûk wurdt gauris nei de steat en it eilân ferwiisd as Tassie. De oarspronklike namme fan it eilân, sa't dy tsjintwurdich yn it Palawa Kany (de rekonstruëarre taal fan 'e lânseigen befolking) werjûn wurdt, is Lutriwita.
Geografy
Tasmaanje hat in oerflak fan 90.758 km², wêrfan't 68.401 km² út lân bestiet en 22.357 km² út wetter. Dêrmei is it fierwei de lytste Australyske steat. Fan 'e selsbestjoerende Australyske gewesten is inkeld it Australysk Haadstedsk Territoarium noch lytser. Tasmaanje wurdt oan alle kanten troch see omjûn. Yn it easten is dat de Stille Oseaan en yn it suden de Súdlike Oseaan. Neffens Australyske definysjes heart de see bewesten Tasmaanje ek ta de Súdlike Oseaan, mar de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje klassifisearret it as in ûnderdiel fan 'e Yndyske Oseaan. Oan 'e noardkant wurdt Tasmaanje fan it Australyske kontinint skaat troch de 240 km brede Bass-strjitte. De grins mei de steat Fiktoaria, oare kant de Bass-strjitte, is fêststeld as in rjochte line fan west nei east op 39°12′ suderbreedte, wat makket dat de beide steaten de koartste lângrins fan Austraalje diele (fan 85 m) op Boundary Islet ("Grinseilantsje"), midden yn 'e Bass-strjitte.
Tasmaanje nimt it 26ste plak yn op 'e ranglist fan 'e grutste eilannen fan 'e wrâld. Behalven it haadeilân beslacht de steat Tasmaanje ek noch 334 folle lytsere omlizzende eilantsjes. It haadeilân is 364 km lang fan noard nei súd, en 306 km breed fan east nei west. Tasmaanje is de bercheftichste steat fan Austraalje, en hie oant yn resinte geologyske tiden aktive fulkanen. Teffens binne der withoefolle útstekkende rotspjutsen as gefolch fan ferskowend lâniis yn 'e iistiden. De bercheftichste krite wurdt foarme troch de Sintrale Heechlannen, dy't it grutste part fan 'e midden en it westen fan it eilân beslane. It heechste punt fan 'e steat is de Mount Ossa, mei in hichte fan 1.617 m.
De Tasmaanske Midlannen, yn it sintrale eastlike diel fan it eilân, binne ridlike flak en foarmje it wichtichste lânbougebiet. In grut part fan Tasmaanje is noch altyd begroeid mei útstrutsen reinwâlden. Hoewol't Tasmaanje de lytste steat fan Austraalje is, binne der om-ende-by 500 aparte beskerme natoergebieten, mei in totaal oerflak fan 45% fan 'e steat. Tasmaanje waard ek lange tiid sjoen as foarútstribjend op it mêd fan natoerbeskerming, mar dat is langer net mear sa. Der streame in protte rivieren op it eilân, wêrfan't in grut tal brûkt wurdt om wetterkrêftenerzjy op te wekjen. De wichtichste rivieren binne de Súd-Esk, de langste stream fan 'e steat, en de Derwent, dy't útmûnet by de haadstêd Hobart.
Ta Tasmaanje wurdt ek it Subantarktyske Macquarie rekkene, in ûnbewenne eilân dat 1.500 km nei it súdeasten healwei Nij-Seelân en Antarktika yn 'e Súdlike Oseaan leit. Macquarie is in natoerreservaat dat op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet, en wurdt bestjoerd as ûnderdiel fan 'e Tasmaanske gemeente Huon Valley. De Bishop- en Clerckeilantsjes, 37 km besuden it haadeilân fan Macquarie, foarmje it súdlikste punt fan Tasmaanje en teffens it súdlikste ynternasjonaal erkende diel fan Austraalje.
Skiednis
Tasmaanje wie oant de ein fan 'e lêste iistiid, sa'n 10.000 lyn, troch in lânbrêge ferbûn mei it Australyske fêstelân. Nei alle gedachten berikte de lânseigen befolking fan Tasmaanje fia dy lânbrêge it eilân. Dat moat teminsten 35.000 jier lyn west hawwe. De Tasmaniërs wiene in oar slach folk as de Aboriginals fan it Australyske fêstelân, want ek al hiene se fan uterlik in protte gemien, de talen fan 'e Tasmaniërs lykje nauwer besibbe west te hawwen mei dy fan 'e Papoea's fan Nij-Guineä en de lânseigen stammen fan 'e Andamanen, yn 'e Golf fan Bingalen. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen har op Tasmaanje nei wenjen setten, koart nei 1800, bestie de lânseigen befolking dêre út sa'n 5.000 oant 10.000 minsken, ferdield oer teminsten njoggen grutte etnyske groepen.
Tasmaanje waard foar it earst troch in westerling waarnommen op 24 novimber 1642, doe't de Nederlânske ûntdekkingsreizger Abel Tasman de kust fan it eilân yn it fizier krige en koart oan lân gie by wat no de Blackmanbaai is. Hy joech it eilân de namme Van Diemen's Land, nei syn opdrachtjouwer, Antonio van Diemen, de gûverneur-generaal fan East-Ynje. De earste Brit dy't it eilân oandie, wie Tobias Furneaux, yn 1773. De Britske ûntdekkingsreizger James Cook besocht Tasmaanje yn 1777. Yn 1798-1799 ûntdiek George Bass de nei him ferneamde Bass-strjitte tusken Tasmaanje en it Australyske fêstelân, wêrmei't foar it earst ûnûntstriidber fêst kaam te stean dat it om in eilân gie.
Yn 1800 begûnen de Frânsen oan 'e súdkust fan Austraalje om te sneupen, en út eangstme dat hja fan doel wiene en stiftsje dêr in koloanje, stjoerden de Britten doe twa skippen út Port Jackson, yn Nij-Súd-Wales wei, om op Tasmaanje in Britske oanwêzigens te fêstigjen. Under lieding fan luitenant John Bowen waard op 12 septimber 1803 in delsetting stifte oan 'e mûning fan 'e rivier de Derwent, in pear km benoarden it hjoeddeistige Hobart. De earste kolonisten wiene twa ofsieren, guon soldaten, in pear frije kolonisten, trije froulju, 21 finzenen en in opsichter. Yn 1804 waard der in stikje súdliker noch in delsetting stifte, dy't him ûntjaan soe ta Hobart. Dat is sadwaande ien fan 'e âldste stêden fan Austraalje.
De iere kolonisaasje fan Tasmaanje wie fral in saak fan feroardielden en harren miltêre bewekkers. Foar de finzenen wie it nei alle gedachten in hel, dêr't se sjen moasten te oerlibjen sûnder lykfol hokker foarsjennings, wylst se allegeduerigen bleatstiene oan mishanneling troch de soldaten. Fral Port Arthur, yn it súdeasten fan it eilân, en Macquarie Harbour, oan 'e Tasmaanske westkust, leine datoangeande op in tige minne namme. De earste twaentweintich jier hearde Tasmaanje, of Van Diemenslân, sa't it doe noch offisjeel hiet, ta Nij-Súd-Wales, mar yn 1825 waard it in aparte Britske koloanje. Yn 1856, doe't de koloanje selsbestjoer krige, waard er formeel omneamd ta "Tasmaanje".
Hoewol't de koloanje yn 'e njoggentjinde iuw te lijen hie ûnder ferskate ekonomyske resesjes, wie it foar it meastepart in woltierich gebiet, wêrfan't de blanke befolking stadich oanwoeks. Datselde koe net sein wurde foar de lânseigen befolking, dy't fuort nei de earste kolonisaasje slim te lijen krige ûnder besmetlike Jeropeeske sykten, dêr't se gjin ymmuniteit foar opboud hiene. Harren oantal foel yn dy snuorje werom fan 5.000-10.000 nei 2.000 minsken. Fan 1828 oant 1832 fûn op Tasmaanje fierders de Swarte Oarloch plak, in skoalfoarbyld fan genoside, wêrby't de Britske kolonisten de Tasmaniërs frijwol útrûgen oant der noch mar sa'n 250 oer wiene, dy't neitiid noch lang oan alderhanne foarmen fan diskriminaasje en sels iepentlike ferfolging oerlevere wiene. Uteinlik waarden frijwol alle oerlibbenen troch harren offisjeel troch it Britske regear oanstelde "beskermhear" (chief protector) George Augustus Robinson deportearre nei it ûnherberchsume eilân Flinders, yn 'e Bass-strjitte. In frou mei de namme Truganini (1812-1876) wurdt oer it algemien beskôge as de lêste folbloed-Tasmaanse, mar der besteane sterke oanwizings dat eins in oare frou, Fanny Cochrane Smith, dy't yn 1905 ferstoar, de lêste Tasmaanse wie. De hjoeddeiske lânseigen Tasmaniërs, dy't har Palawa's neame, binne fuortkommen út it yninoar omtrouwen fan Tasmaanske froulju en blanke manlju.
Op nijjiersdei 1901 rjochte Tasmaanje mei fiif oare Britske koloanjes de Australyske Federaasje op. Yn 1967 hie it eilân slim te lijen ûnder grutte boskbrannen, wêrby't in protte libbens en guod ferlern giene. Yn 1975 stoarte de Tasmanbrêge oer de rivier de Derwent, by Hobart, yn, doe't it frachtskip de Lake Illawarra dertsjinoan fear. Op 28 april 1996 fûnen by it saneamde Bloedbad fan Port Arthur 35 minsken de dea, wêrûnder sawol toeristen as ynwenners fan Tasmaanje, doe't in Martin Bryant it fjoer op har iepene. Der wiene ek 21 ferwûnen, en neitiid waarden yn hiele Austraalje de wetten oangeande fjoerwapenbesit oanskerpe, mar nearne safolle as yn Tasmaanje.
Bestjoer
Tasmaanje hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Hûs fan Gearkomste (House of Assembly) of legerhûs fan 25 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 15 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). Tasmaanje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint.
It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Tasmaanske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Tasmaanje yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 5 fan 150 sitten (3,3%).
Ekonomy
Fan âlds wie de mynbou ien fan 'e pylders fan 'e Tasmaanske ekonomy. Ek no noch wurdt der op withoefolle plakken yn 'e steat nei û.m. koper, sink, tin en izer dold. In oare wichtige sektor hat altiten de lânbou west, mei as wichtichste produkten wol, skieppefleis, suvel, apels en parren. Doe't it mei de apels en de parren yn it neigean rekke, waarden der fan 'e midden fan 'e njoggentiger jierren ôf nije produkten yntrodusearre, lykas wyn, saffraan en kersen.
Op in eilân kin it fansels net oars of de fiskerij moat ek wol fan belang wêze, en dat is op Tasmaanje ek sa, mei as wichtichste fangst salm, rivierkreeft en see-earen (in soarte fan ytbere reuzeseeslak). De yndustry stelt yn Tasmaanje net folle foar. Wol binne de boskbou, de tsjinstesektor en it toerisme noch wichtich. Wat dat lêste oangiet, priizget de steat himsels oan mei de slogan A world apart, not a world away ("In wrâld op himsels, mar dochs deunby"). Fan it Tasmaanske grûngebiet bestiet 45% út natoerreservaten, nasjonale parken en gebieten dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane.
Demografy
Neffens gegevens út 2012 hie Tasmaanje doe 512.000 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 7,2 minsken de km². Fan 'e befolking wennet 41,4% yn of yn 'e omkriten fan 'e haadstêd Hobart. De stêden Hobart, Glenorchy en Clarence foarmje mei-inoar de stêdekloft Grut-Hobart (212.000 ynwenners). Oare wichtige befolkingssintra binne Launceston (106.000), Devonport (26.000), Burnie (19.000) en Ulverstone (11.000). Alle oare plakken hawwe minder as tsientûzen ynwenners.
Etnisiteit
De befolking fan Tasmaanje is foar Australyske begripen ûngewoan homogeen, mei't de steat mar in hiel lyts bytsje ymmigranten kriget. Sa'n 10.000 of noch minder "stiftsjende gesinnen", út 'e njoggentjinde iuw, foarmje de foarâlden fan likernôch 65% fan alle hjoeddeistige Tasmaniërs. De mearderheid fan 'e ynwenners is fan Britsk komôf. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 waard doe de grutste etnyske groep foarmje troch de Angelsaksyske Australiërs (33,9%), folge troch de Ingelsen (33,7%), Ieren (7,8%), Skotten (6,7%) en Dútsers (2,6%). De grutste net-Westerske minderheid wiene de Sinezen, mei sa'n 0,6%. Fan 'e Palawa's, de healbloedneikommelingen fan 'e oarspronklike bewenners fan Tasmaanje, wiene der yn 2011 goed 19.000, wat delkomt op 3,7% fan 'e befolking. De meast sprutsen memmetalen yn Tasmaanje wiene yn 2011: it Ingelsk (91,7%), Mandarynsk (0,4%), Dútsk (0,3%), Italjaansk (0,3%), Gryksk (0,2%) en Nederlânsk (0,2%). De Palawa's krewearje om it Palawa Kany,in rekonstruëarre foarm fan 'e taal fan harren foarâlden, libben yn te blazen.
Godstsjinst
Op it mêd fan godstsjinst bestie de befolking fan Tasmaanje neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 foar goed 60% út kristenen, wêrfan 26,0% anglikanen, 17,9% roomsen, 4,8% leden fan 'e feriene protestantske Uniting Church in Australia, en 2,4% presbyterianen en kalvinisten. Ateïsten en agnosten foarmen 28,6% fan 'e befolking.
Klimaat
Tasmaanje hat in koel seeklimaat wêrby't de fjouwer jiertiden dúdlik faninoar te ûnderskieden binne, eat dat der op it Australyske fêstelân ornaris wol oan hat. Liawenee, op it Tasmaanske Sintraal Plato, is it kâldste plak fan Austraalje, mei in trochsneed temperatuer dy't útinoar rint fan 4 °C winterdeis oant 17 °C by 't simmer. Tasmaanje is ek it wietste diel fan Austraalje, mei trochinoar tusken de 666 en 2.690 mm rein jiers. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 42,2 °C op 30 jannewaris 2009 te Scamander, en –13,0 °C op 30 juny 1983 yn Butlers Gorge, Shannon en Tarraleah.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
steaten | |
---|---|
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje | |
territoaria | |
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium | |
eksterne territoaria | |
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk | |
oare eksterne gebietsdielen | |
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen |