Tasjkent
Toshkent
Emblemen
            
Polityk
Lân Oezbekistan
Provinsjegjint (federaal distrikt)
Sifers
Ynwennertal2.909.466 (2022)
Oerflak334,8 km²
Befolkingsticht.8.690,2 / km²
Hichte455 m
Oar
Stifting5e iuw f.Kr.
TiidsôneUTC +5
Simmertiid(gjin simmertiid)
Koördinaten41°18′40″N 69°16′47″W
Offisjele webside
tashkent.uz
Kaart
Tasjkent (Oezbekistan)
Tasjkent
Lokaasje yn Oezbekistan.

Tasjkent (Oezbeeksk: Toshkent; Russysk: Ташкент, "Stienstêd") is de haadstêd fan Oezbekistan en leit tichtby de grins mei Kazachstan, Kirgyzje en Tadzjikistan. It hat hast trije miljoen ynwenners - mei in grutte Russyske minderheid – en is de wichtichste stêd yn Sintraal-Aazje.

Oars as in protte oare stêden yn dy kontreien is Tasjkent in frijwat moderne stêd. It hat bygelyks in modern metrosysteem, ferskillende universiteiten en hegesskoallen, bioskopen en konsertsealen, kantoaren fan kompjûterbedriuwen en grutte Amerikaanske en Europeeske bedriuwen, ensafuorthinne.

Yn it ferline wie Tasjkent in wichtige halte op de siderûte tusken Europa en Aazje. In soad histoaryske gebouwen binne fernield ûnder de sosjalistyske revolúsje fan 1917 en by in grutte ierdskodding yn 1966.

Susterstêden

Berne yn Tasjkent

  • Gennadi Vladimirovitsj Tsjernov (1937), Oezbeeksk komponist en muzykpedagooch
  • Djamolidin Abdoesjaparov (1964), Oezbeeksk hurdfytser
  • Filura Bulatova (9 july 1963), Oezbeeksk-Italjaansk tafeltennisster
  • Rodion Gataullin (23 novimber 1965), Russysk heechljeppers
  • Zoelfia Zabirova (19 desimber 1973), Russysk hurdfytster
  • Alina Kabajeva (12 maaie 1983), Russysk turnster en parlemintslid
  • Mark Weil (25 jannewaris 1973), Oezbeeksk-Joadsk teaterregisseur
  • Peter Odemwingie (15 july 1981) Nigeriaansk fuotballer
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.