De targums, yn it Hebriuwsk: תרגםום, targumim (inkeltal: תרגם, targum), wiene sprutsen parafrazearrings en ferklearrings fan en fuortborduerings op 'e Tenach, de joadske Bibel, dy't de rabbinen oan harren taharkers joegen yn 'e sprektaal, dy't doedestiden yn 'e regel it Arameesk wie. Dêr wie oan 'e ein fan 'e earste iuw f.Kr. ferlet fan, om't de taal fan 'e Tenach, it Hebriuwsk, doe inkeld mear foar religieus ûnderrjocht en de timpeltsjinst brûkt waard, en it begryp derfan (grutdiels) oan 'e skriftlearden foarbeholden wie. Sadwaande waard it wenst dat de rabbinen nei in skriftlêzing in koarte útlis fan it lêzene joegen. It wurd "targum" komt fan Semityske woartel trgm, dat "oersetter" of "oersetting" betsjut.
Hoewol't it ferbean wie en skriuw de targums del, ferskynden der dochs in stikmannich targumatyske teksten om 'e midden fan 'e earste iuw nei Kr. hinne. Dy waarden lykwols troch de joadske religieuze autoriteiten beskôge as fan nul en gjinderlei wearde. Guon lettere joadske mienskippen (begjinnend mei de Babyloanyske Joaden) akseptearren it gesach fan 'e targums wol, en úteinlik waard de kwestje in hjit hingizer yn fermiddens fan joadske skriftlearden. Hjoed de dei wurde de targums op liturgysk mêd inkeld noch troch de Jemenityske Joaden brûkt. Wat fertaaltechnyske bysûnderheden oangiet, foarmje de targums fierhinne in wjerbyld fan 'e ynterpretaasjes fan 'e Tenach sa't dy fêstlein binne yn 'e Midrash. Se steane derom bekend dat se antropomorfismen safolle mooglik mije, en in allegoaryske útlis foarsteane.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |