Tanner Mayes | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Tanner Mays, Tanner Mayberry, Tanner Maze, Evangeline, Tanja | |
echte namme | Jillian Courtney Glover | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 maaie 1989 | |
berteplak | Adrian (Michigan) | |
etnisiteit | Kostarikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – 2012 | |
offisjele webside | ||
www.clubtannermayes.com |
Tanner Mayes, echte namme: Jillian Courtney Glover (Adrian (Michigan), 31 maaie 1989), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en kollumniste fan Kostarikaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Tanner Mays, Tanner Maze, Tanner Mayberry, Evangeline en Tanja. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 52 kg.
Libben en karriêre
Tanner Mayes waard berne yn it plakje Adrian yn 'e steat Michigan, mar de middelbere skoalle folge se yn Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida. Nei't se fan skoalle kommen wie, wurke se as in juridysk assistinte op in abbekatekantoar, foar't se yn 2008 mei de pornoyndustry yn 'e kunde brocht waard troch kollega-pornoaktrise Missy Mae.
Datselde jiers noch, koart foar har njoggentjinde jierdei, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 175 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Evil Angel en Pure Play Media. Mayes waard ûnder har fjouwerjierrige karriêre nominearre foar net minder as acht AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Ein novimber 2009 sette se útein mei it skriuwen fan in searje artikels foar it tydskrift Wack! Magazine, ûnder de titel Tanner Mayes' aDICKtion Issues. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei London Keyes, Nicole Ray en Allyssa Hall) | Girlgasmic 2 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Lexi Belle en Erik Everhard) | Jail Bait 6 | ||
Xbiz Award | wûn | bêste nije stjer fan it jier (publykspriis) | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | |
nominearre | cream dream ("wiete dream") | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Fresh Picked |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess) | Women Seeking Women 65 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Michael Tierney en Criss Strokes) | My Teen Swallows | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Toni Ribas) | Slutty & Sluttier 13 |
nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Slutty & Sluttier 13 |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |