In tankgrêft of antytankgrêft is in djippe en brede, al of net mei wetter folle, grêft mei steile wâlen dy't foar tanks en pânserweinen ûnmooglik oer te stekken is. In skaaimerk fan sokke grêften binne de knikken yn it berin (zigzagfoarm). Tankgrêften wurde groeven as ûnderdiel fan stellingen en ferdigeningswurken. Tankgrêften binne effektyf yn flakke gebieten mei in sêfte boaiem, hielendal as der ek noch in hege grûnwetterstân is. By in oare terreintastân wurde meastal oare soarten tankfersperringen oanlein lykas tankmuorren of asperzje-ôfsettings.

Antytankgrêften waarden foar it earst brûkt yn de Earste Wrâldoarloch troch Dútslân yn in besykjen om har rinfuorgen te beskermjen tsjin de nij ûntwikkele Britske en Frânske tanks.

Foarbylden fan tankgrêften yn Nederlân

  • Oan de noardwestkant fan park Clingendael tussen De Haach en Wassenaar
  • Oan de east- en súdwestkant fan it fleanfjild Valkenburg, tusken Wassenaar en Katwijk
  • It Definsjekanaal, part fan de Peel-Raamstelling
  • Om Hilversum hinne, op de Hoorneboegse heide en Zuiderheide yn Noard-Hollân
  • De Frieslandriegel, in ferdigeningsliny yn Noardeast-Nederlân. Dêrta heart û.o. de tankgrêft yn it Balloërfjild easlik fan Assen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.