De Taniamear is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart rint oan de súdkant fan de Ljouwerter- of Havankbosk en rint oan de eastkant besuden Snakkerbuorren út yn de Dokkumer Ie. Oan de oare kant fan de Ie rint de Bonkefeart fierder njonken de N355 nei Hurdegaryp.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.