Portret fan Tako Hajo Jelgersma oan 't wurk.
Skilder John Greenwood

Tako Hajo Jelgersma (29 oktober 1702, Harns - 24 maart 1795, Haarlim), wie in 18e iuwsk Nederlânsk keunstskilder.

Biografy

Neffens de RKD ferfear er earst yn 1757 nei Haarlim.[1] Hy wie learling fan Frans Decker en Wigerus Vitringa. Yn it earstoan skildere er skippen en seegesichten, letter skildere er lânskippen, portretten en kopiearre ek wol wurk fan âlde masters. Syn grisailles makke er yn de trant fan Jacob de Wit.[1] Johan Bernard Brandhoff, Johannes Petrus fan Horstok, Cornelis fan Noarde, Martinus fan der Jagt en Johannes Swertner wienen syn learlingen.[1]

Jelgersma stoar as frijfeint yn de âldens fan benei 93 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 Tako Hajo Jelgersma yn de RKD
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.