Tahoemar
Lake Tahoe
geografy
type wettermar
lokaasjewestlik Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
Nevada
koördinaten39°0′N 120°0′W
sifers
maks. lingte35 km
maks. breedte19 km
oerflak490 km²
djiptegemiddelde300 m
djipste punt501 m
wetterfolume150 km³
kaart
Tahoemar (Kalifornje)
Tahoemar
Lokaasje op 'e grins fan Kalifornje en Nevada.

De Tahoemar (Ingelsk: Lake Tahoe, útspr.: [leːͥk ˈtæːhoʊ], likernôch: "leek -hoo"; Wasjo: Dáʔaw, útspr. [daːʔɔː], likernôch: "daa-ô") is in mar yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten dy't yn it berchtme fan 'e Sierra Nevada leit. De mar befettet swiet wetter en is de grutste berchmar fan Noard-Amearika. De Tahoemar is in grutte toeristyske trekpleister, dêr't simmerdeis in protte wettersport beoefene wurdt, wylst der by 't winter in protte wintersporters ôfkomme op 'e hotel-resorts en skypystes deunby de igge. Teffens binne der ferskate kasino's. De mar stiet bekend om syn kristalheldere wetter.

Geografy

De Tahoemar leit yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten op in hichte fan 1.897 m boppe seenivo yn 'e Sierra Nevada, in berchtme op 'e grins fan 'e steaten Kalifornje en Nevada. De mar sels leit ek persiis op 'e grins, en de westlike igge leit sadwaande yn Kalifornje, wylst de eastlike igge diel útmakket fan Nevada. De Tahoemar in 35 km lang fan noard nei súd en 19 km breed fan east nei west. De lingte fan 'e igge is yn totaal 114 km.

Satellytfoto fan 'e Tahoemar.

Mei in oerflak fan 490 km² is it de grutste berchmar fan Noard-Amearika, en mei in wetterfolume fan 150 km³ befetsje yn 'e Feriene Steaten inkeld de Grutte Marren mear wetter. It djiptegemiddelde bedraacht 300 m, mei in djipste punt op 501 m ûnder it wetteroerflak. Dêrmei is de Tahoemar de op ien nei djipste mar yn 'e Feriene Steaten, nei de Kratermar yn Oregon (mei in djipte fan 594 m). It is ek de op sechstjin nei djipste mar yn 'e wrâld en de op fiif nei djipste wat djiptegemiddelde oangiet.

De Tahoemar wurdt fet troch 63 rivierkes en beken, dy't in ôfwetteringsgebiet hawwe fan 1.310 km². Dat bestiet foar it meastepart út nasjonale wâlden ûnder it behear fan 'e United States Forest Service. It wetter ferbliuwt trochinoar 650 jier yn 'e Tahoemar ear't it der ta'n út streamt. Dat kin inkeld fia de rivier de Truckee, dy't nei it noardeasten giet en troch de stêd Reno (Nevada) streamt. Uteinlik bedarret it wetter dan yn 'e Pyramidemar (Pyramid Lake), yn Nevada, dy't gjin útstream hat. Dy mar leit yn 'e midden fan 'e woastyn dêr't it wetter ferdampt. De Truckee fiert mar likernôch in trêdepart fan it wetter út 'e Tahoemar ôf; in folle grutter diel, nei gedachten sa'n 40–60%, ferdampt ienfâldichwei foar't it ea ta de mar útstreame kin. De ôffier fia de Truckee, en dêrmei it wetternivo fan 'e Tahoemar, wurdt regele troch it iepen- of tichtdwaan fan 'e Tahoemardaam yn 'e bopperin fan 'e Truckee.

Fan 'e igge fan 'e Tahoemar leit 70% yn Kalifornje, ferdield oer Placer County (41%) en El Dorado County (29%). De restearjende 30% leit yn Nevada, ferdield oer Douglas County (13%), Washoe County (11%) en de countyfrije stêd Carson City (6%). It grutste plak oan 'e marsigge is South Lake Tahoe yn Kalifornje, dat oan 'e súdkant fan 'e mar leit en fêstgroeid is oan Stateline yn Nevada. It op ien nei grutste plak it Sunnyside-Tahoe City, oan 'e noardwestkant fan 'e mar. Carson City, oan 'e eastside fan 'e mar, is de steatshaadstêd fan Nevada.

Kalifornje:Nevada:
 Placer County Douglas County
    Kings Beach #1    Stateline #17
    Tahoe Vista #2    Round Hill Village #8
    Carnelian Bay #3    Dollar Point #4
    Sunnyside-Tahoe City #5    Zephyr Cove #9
    Tahoma #6 (diels yn El Dorado Co.)    Skyland #10
 El Dorado County    Lakeridge #11
    Tahoma #3 (diels yn Placer Co.)    Logan Creek #12
    South Lake Tahoe #7    Glenbrook #13
 Carson City #14
 Washoe County
    Crystal Bay #15
    Incline Village #16

Skiednis

De Tahoemar waard likernôch twa miljoen jier lyn foarme as ûnderdiel fan 'e Tahoemardobbe. De hjoeddeistige grutte waard letter bepaald troch de wurking fan gletsjers yn ferskate iistiden. Tsjin 'e tiid dat de earste blanke ûntdekkingsreizgers de omkriten fan 'e Tahoemar berikten, waarden dy kontreien bewenne troch de Wasjo (Washoe), in Yndiaansk folk dat in Hokaanske taal sprekt. Harren toponym foar de mar, Dáʔaw waard yn it Ingelsk ferbastere ta Tahoe.

De earste blanke dy't de Tahoemar seach, wie (ynsafier bekend) luitenant John C. Frémont, by syn twadde ferkenningsekspedysje, op 14 febrewaris 1844. Frémont woe it wetter Lake Bonpland neame, nei de Frânske botanikus Aimé Bonpland, dy't de Prusyske ûntdekkingsreizger Alexander von Humboldt beselskippe hie op syn ekspedysjes nei Meksiko, Kolombia en it Amazônegebiet. Dy namme waard lykwols nea húsriem, en de mar waard neitiid in hoart Mountain Lake ("Berchmar") of Frémont's Lake neamd.

Sinne-opgong boppe de Tahoemar.

Yn 1853 waard it Lake Bigler neamt, nei de trêde gûverneur fan Kalifornje, John Bigler, mar ek dy ferneaming kaam net universeel yn gebrûk. Tsjin 'e tiid dat yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, wie Bigler boppedat in fûleindich sympatisant fan 'e Konfederaasje wurden en waard troch foarstanners fan 'e Uny oproppen om 'e mar om te neamen. Ferskate nammen waarden suggerearre, mar yn 1862 hakke William Henry Knight, in kartograaf foar it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken, de knoop troch en neamde de mar Lake Tahoe, op advys fan 'e sjoernalist Henry DeGroot fan 'e Sacramento Union. De nije namme soe neffens de betinker yn it Wasjo "wetter op hichte" betsjutte.

De namme Lake Tahoe waard net daliks troch eltsenien akseptearre. Sa kwalifisearre de ferneamde skriuwer Mark Twain it as "in ûnmuzikale beneaming". Hy skreau yn 1864 yn in stik yn 'e krante de Territorial Enterprise út Virginia City (Nevada) dat Lake Bigler de legitime namme fan 'e mar wie en dat bliuwe soe oant der "de iene of oare namme útfûn wurdt dy't minder toandôf, smakeleas en sullich is as 'Tahoe'." De Mountain Democrat, in krante út Placerville yn Kalifornje, fersprate mei opsetsin in ûnwier geroft dat 'Tahoe' eins de namme wie fan in Yndiaanske opstanneling dy't it foarsjoen hie op goed kristlike kolonisten. It Steatskongres fan Kalifornje naam yn 1870 in resolúsje oan dat de mar Lake Bigler hiet. De Amerikaanske federale oerheid hold lykwols hoek en tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw neamde hast eltsenien de mar Lake Tahoe. Pas yn 1945 feroare it Steatskongres fan Kalifornje de namme fan 'e mar formeel yn Lake Tahoe.

De Tahoemardaam yn 'e rivier de Truckee.

Underwilens kamen der yn 1848 yn it ramt fan 'e Kalifornyske Goudkoarts tûzenen goudsikers by de Tahoemar lâns dy't ûnderweis wiene nei de goudfjilden oan 'e Súdfoarke fan 'e Amerikaanske Rivier. Yn 'e Tahoemardobbe sels waard yn 1858 sulver fûn (de Comstock Lode) op in plak dat 24 km eastlik fan Virginia City lei. Fan 1858 oant 1890 wie der gâns houtkap yn 'e kontreien fan 'e mar om oan skoarbalken te kommen foar de ûndergrûnske gongen fan 'e Comstock-minen. Dat naam sa'n foarm oan dat frijwol alle wâld yn 'e Tahoemardobbe omkappe waard. Al rillegau waard de mar brûkt foar ferfier fan passazjiers en alderhanne guod op sylboaten en letter rêdboaten dy't oandreaun waarden mei in steammasine.

Sels yn 'e heechtijdagen fan 'e sulverminen waard de Tahoemar al brûkt foar ferdivedaasje. Sa waard Tahoe City yn 1864 stifte as in soarte fan fakânsjeoard foar de ynwenners fan Virginia City. Doe't letter de wurdearring foar de natoerskientme fan 'e mar en omkriten groeide, waard yn 1912, 1913 en 1918 om 'e nocht troch party leden fan it Amerikaanske Kongres besocht om it gebiet út te roppen ta in nasjonaal park. Yn dyselde snuorje waard yn 1913 de Tahoemardaam yn 'e rivier de Truckee oanlein, sadat de mar brûkt wurde koe foar wetteropslach.

Silen op 'e Tahoemar.

Yn 'e 1950-er jierren waard ûnder it regear fan presidint Dwight Eisenhower it Interstate Highwaystelsel oanlein, in nasjonaal Amerikaansk systeem fan snelwegen. Troch de oanlis fan Interstate 80 en U.S. Route 50 waard de Tahoemardobbe ûntsletten, krekt op 'e tiid foar de Olympyske Winterspullen fan 1960 yn it deunby leine Squaw Valley. Dat soarge foar in dramatyske taname fan 'e ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet. Fan 1960 oant 1980 groeide de permaninte befolking fan 'e marsiggen fan 10.000 oant 50.000 en de bykommende seizoenspopulaasje by 't simmer naam ta fan 10.000 oant 90.000.

Toerisme

De toeristyske sektor is tsjintwurdich fierwei it wichtichst foar it ûnderstypjen fan 'e ekonomy yn 'e omkriten fan 'e Tahoemar. Simmerdeis wurdt der in protte dien oan wettersport op 'e mar: silen, wynsurfen, swimmen en it beriden fan jetskys. Ek binne der in protte paden troch it lân fan 'e Tahoemardobbe, dêr't men kuierje, berchfytse en motorride kin. By 't winter stiet it gebiet bekend om syn mooglikheden foar wintersport. Sa binne der in grut tal resorts mei skypystes dêr't men skye en snowboarde kin. Deselde paden dêr't by 't simmer kuiere en fytst wurde kin, wurde by 't winter brûkt foar skyrinnen. Ek kin men derop útgean op sniescooters. Reedriden is lykwols net mooglik, mei't de Tahoemar nea tichtfriest. It hiele jier rûn binne oan 'e eastkant fan 'e mar, yn Nevada, de kasino's iepen, dêr't men net inkeld gokke kin, mar dêr't ek oare ferdivedaasje bean wurdt, lykas optredens fan artysten.

In skyer op in skypyste op 'e hichten boppe de Tahoemar (op 'e eftergrûn).

Tahoe Tessie

Krekt as yn Loch Ness yn Skotlân soe der him yn 'e Tahoemar in meunster beskûlhâlde, dat de flaainamme Tahoe Tessie krigen hat (rymt op Nessie, de flaainamme foar it meunster fan Loch Ness). De sichtberens wurdt op it wetter fan 'e mar bytiden wat behindere troch atmosfearyske refraksje. As de temperatuer fan 'e lucht folle heger is as de wettertemperatuer, kin it foarkomme dat it wetteroerflak of de foaroerlizzende igge boppe de hoarizon úttild wurdt. Der wurdt sein dat sokke fata morgana's skoan ris ferantwurdlik wêze kinne soene foar waarnimmings fan Tahoe Tessie. Nei de miening fan guon lju is Tahoe Tessie lykwols inkeld in optinksel fan 'e toeristyske yndustry om 'e mar hinne, in gimmick om mear toeristen te lûken.

Floara en fauna

De bosken om 'e Tahoemar hinne binne nullewâlden dy't benammentlik besteane út jeffreydinnen (Pinus jeffreyi), draaidinnen (Pinus contorta), Coloradosulverspjirren (Abies concolor), Kalifornyske prachtspjirren (Abies magnifica), sûkerdinnen (Pinus lambertiana), wijreekseders (Calocedrus decurrens), ponderosadinnen (Pinus ponderosa) en Amerikaanske wite dinnen (Pinus monticola).

Kasino's yn Stateline (Nevada).

Lânseigen fisken yn 'e mar binne û.o. readkielforel (Oncorhynchus clarki), berchhouting (Prosopiurm williamsoni), spikkelbûnte serpeling (Rhinichthys osculus), readsideserpeling (Rhinichthys egregious), twakleurige koarper (Siphateles bicolor), Tahoesûchkoarper (Catostomus tahoensis), berchsûchkoarper (Catostomus platyrhynchus) en Pajût-groukopke (Cottus beldingi). Der binne ek fisken dy't troch de minske as eksoat yn 'e Tahoemar yntrodusearre binne: Amerikaanske marforel (Salvelinus namaycush), reinbôgeforel (Oncorhynchus mykiss), reade salm (Oncorhyncus nerka), (gewoane) forel (Salmo trutta), boarneforel (Salvelinus fontinalis), koarper (Cyprinus carpio), goudglânskoarper (Notemigonus crysoleucas), muskitefiskje (Gambusia affinis), blaukiuw (Lepomis macrochirus), swartbespikkele sinnebears (Pomoxis nigromaculatus), wytbespikkele sinnebears (Pomoxis annularis), forelbears (Micropterus salmoides), lytsbekbears (Micropterus dolomieu) en brune dwerchmarfal (Ameiurus nebulosus).

De yn 'e njoggentjinde iuw yn it gebiet útrûge Kanadeeske bever (Castor canadiensis) is tusken 1934 en 1949 troch United States Forest Service yn 'e krite reyntrodusearre.

Klimaat

De krite fan 'e Tahoemar hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 25,5 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 3,7 °C (mar metten oer it hiele etmiel –7,2 °C). Rekôrtemperatueren wiene 37 °C op 22 july 1988 en –27 °C op 9 desimber 1972. De Tahoemar en kontreien krije jiers trochinoar 799 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 484 sm snie. Fierwei de measte delslach falt yn 'e wintermoannen fan novimber oant en mei april. Fan juny oant en mei septimber falt der frijwol hielendal gjin delslach.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.