De taalrûte is in rûte op it eilân Skiermûntseach mei in njoggental gedichten dy't skreaun binne yn it Skiermûntseachsk.
Om de herinnering oan it Skiermûntseachsk libben te hâlden, in dialekt dat noch mar troch in lytse groep bwewenners sprutsen wurdt, waard op 10 april 2010 yn Skiermûntseach de Taalrûte iepene. Op njoggen plakken[1], ferspraat oer it eilân, binne gedichten yn it oarspronklike dialekt fan Skiermûntseach te finen. De gedichten binne skreaun troch trije dichters fan Skiermûntseach, de âld-direkteur fan it loadswêzen yn Rotterdam Lammert Wiersma (1881-1980), de leraresse en dichteresse Pita Grilk (1905-1980) en de gesachfierder Jacob Fenenga (1888-1972). De rûte waard iepene mei it yn it Skiermûntseachsk sjongen fan "Hest it heersd, hest it heersd, wy bin ús taal nach net ferleersd!"[2].
De gedichten binne wijd oan tema's dy't yn direkte relaasje steane mei Skiermûntseach, lykas wat bynt ús oan dit stikje grûn, John Eric Banck, eigener fan Skiermûntseach, de seedyk, de fjoertoer, it strân, Vredenhof en it doarp sels.
- Wat bynt ús
- Oan Mr. Banck
- By bank foar Banck
- Seedyk
- Mimeringen
- Fjoertoer
- Strân
- Us paradys
Haikû's
By de Kobbedunen leit in stien mei dêrop twa haikû's fan de byldzjend keunstner Jan Loman. Dizze poëtyske stien heart net by de taalrûte Skiermûntseach. De haikû's binne skreaun yn it Noarsk en it Nederlânsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|